Springe nei ynhâld

Pocketboek

Ut Wikipedy
The printable version is no longer supported and may have rendering errors. Please update your browser bookmarks and please use the default browser print function instead.

In pocketboek (of koartwei pocket) is oarspronklik in boek op bûseformaat. Yn de meast brûkte betsjutting is in pocketboek in lyts formaat paperback, mooglik in goedkeape útjefte fan in (earder yn oar formaat ferskynd) boek. De rêch fan de pocket is lime; it omslach is in papieren omslach mei in plestik laachje.

Boeken op bûseformaat besteane al hiel lang. It hjoeddeiske pocketboek ûntstie yn de Feriene Steaten, dêr’t it fan 1939 ôf och sa populêr wie as weismytguod.

De earste Nederlânske pocketsearje ferskynden foar de Twadde Wrâldkriich: ûnder oare de ABC-romans, en de Skynwerpers fan Het Spectrum (foarrinner fan de Prisma-rige). Mar earst fan 1951 ôf waard de pocket yn Nederlân populêr. In wurdboarterij en goedkeape fariant fan de pocket is yn Nederlân de saneamde Boeketrige, in romantyske pocketrige fan Harlequin Enterprises. Yn de tachtiger jierren waarden de Rainbow-pockets yn Nederlân in begryp, in kwalitatyf goede rige mei fiksje en non-fiksje.

Yn Grut-Brittanje kenden se ûnder oare de goedkeapere Penguin Books. Dútslân hat de Deutsche Taschenbuch Verlag (DTV) yn Doarmstêd, Frankryk it impressum Le Livre de Poche.

Populêr wittenskiplike pocketrigen besteane al lang: de Dútske Sammlung Göschen (sûnt 1891), de Frânske rige Que sais-je ?-(sûnt 1941), en yn Nederlân Servire’s yncyclopaedie (1942-1957).

Terminology

Pocketboek is ôflaat fan de Amerikaanske rige Pocket Books. It wurd wurdtt yn it Ingelsk dus as namme fan in rige brûkt, en komselden foar it bûseformaat boek. Wol ha jo it bytiden oer in pocket edition.

It Ingelske wurd pocketbook betsjut yn it Britsk Ingelsk ‘skrift’, en yn it Amerikaansk Ingelsk benammen ‘map/tas’.

In Nederlânske krante hat yn de fyftiger jierren in priisfraach útskreaun foar in Nederlânske beneaming foar it pocketboek. De winnende beneaming smaldeeltje, is nea oanslein, likemin as it Fryske stek yn ‘e bûse.

Yn it Ingelsk is in paperback in boek mei in slop kaft, sawol yn lyts as yn grut formaat. Yn it Nederlânsk en Frysk wurdt paperback allinne brûkt foar gruttere pocketboeken.