Springe nei ynhâld

Frijfeintefeest

Ut Wikipedy
The printable version is no longer supported and may have rendering errors. Please update your browser bookmarks and please use the default browser print function instead.
In groep freonen op in frijfeintefeest.

In frijfeintefeest is in feest dat troch freonen en/of manlike famyljeleden foar in man holden wurdt koart foar't er trouwe sil. Sa'n barren is bedoeld om ôfskie te nimmen fan it 'frije' libben as frijfeint, dat yn dizze kontekst frijwat romantisearre wurdt yn kontrast mei it houlik. As er ienris troud is, soe in man nammentlik foargoed syn frijheid kwyt wêze, om't syn frou dan de tsjinst útmakket. De oansteande brêgeman is sadwaande it mulpunt fan it feest, mar hy wurdt bûten de organisaasje holden. Foar de oansteande breid wurdt troch har freondinnen en/of susters in soartgelikens feest holden, it frijfammefeest. Frijfeintefeesten hawwe in lange skiednis, mei't bekend is dat se yn 'e fyfde iuw f.Kr. al holden waarden troch de Spartanen, yn 'e foarm fan in drinkpartij mei taspraken.

De lokaasje, tiid en sels it antwurd op 'e fraach oft der wol in frijfeintefeest holden wurde sil, wurdt it leafst oant it lêste momint foar de oansteande brêgeman geheim holden. It doel dêrfan is om him oer it mad te kommen. Hy kin oanwizings en foarkarren oanjaan, mar moat mar ôfwachtsje wat syn maten en bruorren dêrfan oernimme. In grut part fan it frijfeintefeest is der ornaris op rjochte om 'e gek mei de oansteande brêgeman te hawwen. Dêrta wurdt him faak in opfallend en gauris ek sjenant stik klean oandien, sadat er dúdlik werom te kennen is foar it omsteand laach. It komt ek foar dat de oansteande brêgeman ien of mear sjenante opdrachten útfiere moat.

Hast altyd wurdt der in protte dronken op frijfeintefeesten. Fierders is it min ofte mear tradysje om 'e oansteande brêgeman mei te troaien nei in stripklub dêr't strippers optrede of nei in kafee dêr't de servearsters topless omrinne. Ek komt it foar dat der op 'e lokaasje fan it frijfeintefeest (bgl. yn in ôfhierd sealtsje, op in hotelkeamer of by immen thús) in stripper besteld wurdt foar in privee-optreden. It idee efter dizze tradysje is om 'e brêgeman te konfrontearjen mei wat er aansten net mear krije kin, en mooglik om him noch ien kear syn túltsjes úttúlje te litten, bgl. troch in lapdance foar him te bestellen. It is lykwols ek mooglik dat de konfrontaasje mei seks litten wurdt foar wat er is, bgl. as de oansteande brêgeman dêr mei klam om frege hat of om't sawol de brêgeman as syn freonen en famyljeleden út in leauwich fermidden komme. Ynstee kin men bgl. ek te paintballen gean. Guon paintballbedriuwen hawwe in kninepak foar de brêgeman (dy't dan gjin paintballgewear kriget), sadat dyselde fleurichwei opjage wurde kin troch syn maten.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.