Springe nei ynhâld

Claude Lévi-Strauss

Ut Wikipedy
The printable version is no longer supported and may have rendering errors. Please update your browser bookmarks and please use the default browser print function instead.
Claude Lévi-Strauss

Claude Lévi-Strauss (28 novimber 1908 - 30 oktober 2009) wie in Frânske antropolooch. Hy hat it strukturalisme betocht, dat is in metoade om de minsklike beskaving en kultuer te begripen.

Biografy

Claude Lévi-Strauss waard opbrocht yn Parys. Hy hat rjochten en filosofy studearre op de Sorbonne universiteit yn Parys. Neidat er ôfstudearre wie hat er earst les jûn op in skoalle, mar yn 1935 waard him in reis nei Brazylje oanbean yn it ramt fan in Frânske kulturele misje.

Lévi-Strauss hat fan 1935 oant 1939 yn Brazylje libbe. It wie yn dy tiid dat er syn earste etnografyske fjildwurk as antropolooch die. Hy ûndersocht yn it reinwâld de stam fan de Guaycuru en de Borostam. Hy hat sels in skoftke tusken dy minsken libbe. In pear jier letter is er werom kaam foar in twadde ekspedysje. Dy ekspedysje hat mear as in jier duorre. Hy hat de Nambikwara en de Tupi-Kavahib beskavingen bestudearre. Troch dy reis is er in ferneamd antropolooch wurden.

Yn 1939 is hy werom gien nei Frankryk. Hy woe meihelpe yn de Twadde Wrâldkriich, mar nei de kapitulaasje fan Frankryk flechte Lévi-Strauss nei Parys. Hy wie nammentlik Joadsk. Der waard him in posysje oanbean yn New York. In rige fan reizen brocht him nei Porto Riko; dêr waard hy ûndersocht troch de FBI omdat hy Dútske brieven yn syn tas hie. Lévi-Strauss hat de measte jierren fan de kriich yn New York tahâlden. Tegearre mei oare yntellektuele emigranten joech er les oan de New School for Social Research. Hy die dat ûnder oaren mei Jacques Maritain, Henri Focillon en Roman Jakobson. Lévi-Strauss wie ek ien fan de oprjochters fan de École Libre des Hautes Études, in soarte fan skoalle foar Frânske akademyske bannelingen.

De oarlochsjierren hawwe foar Lévi-Strauss in ynformative tiid west. Hy rekke befreone mei Jakabson. Tegearre wurde sy sjoen as de sintrale figueren dy’t it strukturalisme betocht hawwe. Dêrby komt dat Lévi-Strauss yn oanrekking kaam mei de Amerikaanske antropologen, ûnder oaren Frans Boas. It gie sels sa fier dat Boas yn de earmen fan Lévi-Strauss dea gie oan in hertoanfal. Omdat Lévi-Strauss befreone wie mei Boas soarge dat derfoar dat syn wurk as Amerikaansk beskôge waard. Dat soarge foar in flugge akseptaasje yn de Feriene Steaten. Fan 1946 oant 1947 is Lévi-Strauss in meiwurker fan de Frânske ambassade yn Washington. Lévi-Strauss giet lykwols werom nei Parys yn 1948. Hy krege yn dy tiid syn doktoraat fan it Sarbonnekolleezje. Hy krige it doktoraat foar syn wurken: “De famylje en it sosjale libben fan de Nambikware Yndianen” en “Elemintêre struktueren fan sibskip”,

It boek de 'Elementêre struktueren fan sibskip' waard al nei ien jier sjoen as it wichtichste wurk wat oer sibskip te finen wie. Simone de Beauvoir beskôge it as in wichtich statement foar de posysje fan froulju yn net-westerske kultueren. Britske antropologen lykas Alfred Reginald Radcliffe-Brown tochten dat sibskip basearre wie op erfskip fan in oerienkommende foarâlder. Lévi-Strauss sei dat sibskip basearre wie op in alliânsje tusken twa famyljes dy't ta stân kaam as in frou fan ien groep troude mei in âldere man fan in oare groep.

Lévi-Strauss wie al jierren ferneamd yn akademyske fermiddens, mar it wie yn 1955 dat hy Frankryks meast ferneamde yntellektueel waard, ek by de gewoane man. Hy brocht it boek Tristes Tropiques (oerset yn it Nederlânsk “Het trieste der tropen”.) út. It boek wie in reisroman oer syn ferbliuw yn it reinwâld. Lévi-Strauss kombinearre in filosofyske oanpak en etnografyske analyzes fan de Amazôneminsken mei prachtige sinnen. Om 1959 hinne hat er boek publisearre mei ferhalen en foarbylden oer hoe't it strukturalisme brûkt wurde koe yn de antropology. Hy woe graach dat antropology in echt fak wurde soe yn Frankryk. Dat hy begûn mei it opsetten fan in laboratoarium wêr 't nije studinten oplaat wurde soene.

Yn 1962 kaam der in nij boek út. La Pensée Sauvage. It boek gie oer de primitive tinzen dy’t alle minsken ha. Yn de earste helte fan it boek leit Lévi-Strauss syn teory fan kultuer en de harsens út. Yn de twadde helte fan it boek giet it oer de teory fan de skiednis en de sosjale feroaring. Yn it twadde diel begjint Lévi-Strauss in hjit debat mei Jean-Paul Sartre oer de natuer fan minsklike frijheid.

Lévi-Strauss wie no wrâldferneamd en sette útein mei syn masterprojekt. It wie in stúdzje mei de namme Mythologiques. Hy pakte yn myte dy 't ferteld waard yn Súd-Amearika, dy myte folge hy fan de iene groep nei de oare groep. Op de ein brocht him dat hielendal yn Noard-Amearika en op Antarktika. Dat die hy troch in typyske strukturalistyske manier: hy ûndersocht net de ynhâld fan de myte, mar de ûnderlizzende struktueren fan de relaasje tusken de eleminten fan it ferhaal.

Prizen

Hy hat de Erasmus priis krigen yn 1973. Yn 2003 hat er de Meister-Eckhart-Prize krigen foar filosofy. Hy hat ferskeidene doktoralen krigen fan universiteiten.

Bibliografy

  • La vie familiale et sociale des Indiens Nambikwara (1948)
  • Les structures élémentaires de la parenté (1949)
  • Race et histoire (1952)
  • Tristes tropiques (1955)
  • Anthropologie structurale (1958)
  • Entretiens avec Claude Lévi-Strauss (Georges Charbonnier) (1961)
  • Le totémisme aujourd’hui (1962)
  • La pensée sauvage (1962)
  • Mythologiques I: Le cru et le cuit (1964)
  • Mythologiques II: Du miel aux cendres (1967)
  • Mythologiques III: L’origine des manières de table (1968)
  • Mythologiques IV: L’Homme nu (1971)
  • Anthropologie structurale II (1973)
  • La voie des masques (1975, herziene druk 1979)
  • Le regard éloigné (1983)
  • Paroles données (1984)
  • La potière jalouse (1985)
  • De près et de loin (met Didier Eribon) (1988)
  • Histoire de lynx (1991)
  • Regarder, écouter, lire (1993)
  • Saudades do Brasil (1994)
  • Saudades de São Paulo (1995)