Springe nei ynhâld

Sekularisaasje

Ut Wikipedy
De ferzje fan 17 jul 2019 om 17.18 troch Drewes (oerlis | bydragen) (kat)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Dit artikel is in stobbe.
Jo wurde útnûge en foegje jo witten hjir ta.

Sekularisaasje is de ûntwikkeling wêrby't it yndividuele of maatskiplik libben him ûnttrekt oan de ynfloed fan tsjerke en leauwen. De sekularisaasje fan de Westerske maatskippij en Nederlân yn it bysûnder is al sûnt de 17e iuw oan de gong en fynt syn ynspiraasje yn it gedachteguod fan tinkers as Descartes en Spinoza. De sekularisaasje hat ûnder mear laat ta it prinsipe fan de skieding fan tsjerke en steat, dat yn Nederlân yn de 19e iuw stalte krigen hat en ynhâldt dat de tsjerken harren net mei it steatsbelang bemoeie meie.