Springe nei ynhâld

Mense Ruiter

Ut Wikipedy
De ferzje fan 20 jun 2017 om 17.17 troch Drewes (oerlis | bydragen) (kt)

Mense Ruiter (Enskede, 5 oktober 1908 - Grins, 6 maart 1993) wie in Nederlânsk oargelbouwer. Hy hat hiele protte oargels makke, foaral foar tsjerken yn de provinsjes Grinslân, Fryslân en Drinte.

Yn 1931 sticht er syn eigen oargelboubedriuw op. Ynearsten die er meast ûnderhâld en restauraasje en de bou fan lytse oargels, mar fan 1950 ôf boude er ek komplete grutte tsjerkoargels, as earste foar de herfoarme Petrustsjerke yn Woldendorp. Oare wichtige oargels fan Ruiter binne yn:

  • de Maranathatsjerke yn De Haach (1952)
  • de Keningstsjerke yn Amsterdam (1959)

Yn 1974 luts Ruiter him werom as direkteur, mar bleau oant syn ferstjerren wol belutsen by it bedriuw, dat ûnder syn namme fuortset waard.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes: