Springe nei ynhâld

Potsdamer Platz

Ut Wikipedy
De ferzje fan 22 apr 2013 om 05.05 troch SamoaBot (oerlis | bydragen) (Bot: Migrating 34 interwiki links, now provided by Wikidata on d:Q152252)
Loftfoto fan Potsdamer Platz: lofts it DaimlerChrysler kertier mei it debis-Haus en Kollhoff-Toer, yn de mjitte de toer fan de Deutsche Bahn, rjochts it Sony sintrum, en foaroan it Beisheim sintrum

Potsdamer Platz is in drok ferkearsplein yn it sintrum fan Berlyn. It is neamd nei de stêd Potsdam. Foar de twadde wrâldkriich in plak fan belang, mar wie yn de kriich foar it grutste part ferneatige. Yn 1961 waard de Berlynske muorre dwers oer it plein oanlein. In nuver gegeven is dat oant 1989 noardlik fan de Potsdamer Platz in stik East-Berlynsk grûngebiet oan de westside fan de muorre lei, de Lenné-Dreieck. Dizze trijehoekich stik lân tusken Ebertstrasse, Lennéstrasse en Bellevuestrasse, wie East-Berlynsk grûngebiet, mar wie ôfsletten fan it easten omt de muorre in sa koart mooglike route folgje moast fan de Potsdamer Platz nei de Brandenburger Tor, nammentlik fia de Eberstrasse.

Nei it ôfbrekken fan de muorre yn 1989 kaam de opbou fan de Potsdamer Platz, dit resultearre yn de grutste bouwpleats fan Jeropa. Der kamen nije gebouwen op in lege flakte dy't ûnstean wie: û.o. it Daimler-Chrysler, Sony en de Deutsche Bahn hawwe harren haadkertieren hjir fêstige.

Yn 1990, krekt nei de fal fan de muorre, wie der in rockkonsert jûn troch Roger Waters: The Wall.

It plein is ferneamd troch ferskate teaters, filmhûzen en bioskopen. Der binne û.o. twa IMAX teaters fêstige mei it grutste bioskoopskerm fan Dútslân, wêr films yn 3 D sjoen wurde kinne.

It plein is mei tunnels oansletten op it spoarnetwurk. Op it stasjon fan de S-Bahn stopje de S1, S2 en S25. Op it yn de jierren '90 nij boud stasjon stopje sûnt 28 maaie 2006 de saneamde Regionalzüge. Ek is it plein te berikken mei de metro U2 en stopje der bustsjinsten.

De lokaasje fan de eartydske Berlynske Muorrre is op guon plakken mei stiennen yn de diken oanjûn.

Keppeling om utens