Springe nei ynhâld

Chianina

Ut Wikipedy
De ferzje fan 22 apr 2013 om 00.53 troch SamoaBot (oerlis | bydragen) (Bot: Migrating 9 interwiki links, now provided by Wikidata on d:Q1071628)
Chianinako mei keal
Chianinabolle fan sa’n 1.600 kg

De Chianina is it grutste koweras fan de wrâld. De ko komt al foar op Etruskyske ôfbylden en ek Plinius de Alde hat it der al oer: it is it âldste koweras fan Itaalje. Chianina’s stamme oarspronklik út Toskane, Umbrje en midden-Itaalje . De namme Chianina komt fan de Chianadelling yn Toskane .

Bollen kinne oant 180 sm heech en 1500 kg swier wurde. De ko hellet in skofthichte fan 160 sm en in gewicht fan 800 kg. De bisten binne porslein-wyt, mar de keallen wurde ljochtbrún berne, earst nei sa’n trije moanne komt it wyt dêrtroch. It fleis fan de Chianina hat in bûtengewoane kwaliteit en wurdt yn Toskane faak as bistecca alla fiorentina oanbean.

It hoarnbist waard oarspronklik as wurkbist fokt, mar wurdt no allinne as fleisko hâlden en omdat er goed oer waarmte kin ek brûkt om mei kij út ûntwikkelingslannen te krusen.

It ras jidt as tige gefoelich en kin min oer feroaringen. Sa kin bygelyks feroarjen fan eigner al ferminderings fan fleisproduksje fan gefolgen hawwe.

1955 sette de Chianina-bolle "Donetto" yn Arezzo in gewichtsrekord mei 1740 kg . Op 8 novimber 2007 kaam de Chianina-okse "Fiorino" mei in skofthichte fan 2,05 m yn it Guinness Book of Records.[1]

Keppeling om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Website – Chianina-Ochse "Fiorino"