Dagobert I
Dagobert I (603 - 639) wie kening fan de Franken fan 629 oant 639. Hy wurdt troch skiedkundigen sjoen as de lêste grutte Frankyske kening fan de Merovingers, dy't om 630 hinne op de Friezen in oerwinning helle. Under syn opfolgers soe it Frankyske ryk yn macht in stik tebek gean.
Libben
Tusken 623 en 632 wie Dagobert allinnich kening fan Austraasje, it saneamde Eastlân. Yn 629 folge er syn heit Klotar II op as kening fan de Franken tegearre mei syn broer Garibert II, dy't yn 632 stoar. Under syn bewâld makke hy Parys ta haadstêd fan it Frankyske ryk. Dat waard him net yn tank ôfnommen troch de Austrasyske aristokraten. Yn 634 kamen sy in opstân en moast Dagobert syn doetiids noch trije-jierrige soantsje Sigibert III kening fan Austraasje meitsje. Syn soannen soenen letter bekend wurde as neatdoggers, liddige keningen.
Dagobert hie in tal goeie riedslju. Pippyn fan Landen wie de earste hofmeier fan betsjutting. Hy wie riedsman tegearre mei de hillige Eloi of Eligius en de hillige Audoenus.
Dagobert en de Friezen
Under Dagobert hawwe de Franken striid levere tsjin de Friezen. Ynset fan de fijannigens wie it behearskjen fan it wichtige rivieregebiet besuden de Ryn dat sûnt kening Audulf yn hannen fan de Friezen wie. Skriftlike boarnen neamme it feroverjen troch de Franken fan it gebiet fan de Alde Ryn om 630 hinne op de Friezen. Yn Utert hat Dagobert in tsjerke bouwe litten. Nei it regear fan Dagobert koenen de Franken harren dêr net langer hanthavenje en kaam it wer yn hannen fan de Friezen.
Literatuer
- Edward James, De Franken, Baarn, 1988, side 245.
- D. Kooistra en H. Oldenhof, Fryslâns ferline, Ljouwert, 2001, side. 48.