Springe nei ynhâld

Edgar Allan Poe

Ut Wikipedy
De ferzje fan 26 jul 2012 om 20.19 troch Robbot (oerlis | bydragen) (Robotgeholpen oplossing voor doorverwijzing: Detektive - Verwijzing(en) gewijzigd naar detectiveferhaal)
Portret ±1860 troch Oscar Halling neffens in daguerreotype út 1849

Edgar Allan Poe (Boston (Massachusetts), 19 jannewaris 1809Baltimore (Maryland), 7 oktober 1849) wie in Amerikaansk skriuwer en dichter. Hy wurke ek as literêr kritykus en redakteur en wie ien fan de grûnlizzers fan de detektiveroman. Hy waard ferneamd om syn mysterieuze en makabere ferhalen en wie de earste bekende Amerikaanske auteur dy't besocht alinne fan de skriuwerij te libjen[1][2]; wat in jildlike krapte en in soad oare swierrichheden yn syn libben fan gefolgen hie.

Biografy

Edgar Poe waard berne as soan fan reizgjende akteurs, Eliza Poe en David Poe, Jr., dy't beide stoaren foar't er trije jier wie. Hy hie ek noch in âldere broer en in jonger suske. Poe waard yn'e hûs naam troch John Allan, in súksesfol sakeman út Richmond, Firginia. Hy waard net offisjeel adoptearre en naam Allen as oan as twadde foarnamme. John Allan bedoar him oan de iene kant, mar koe ek tige strang en agressyf wêze.

Fan 1815 oant 1820 wie er foar ûnderrjocht yn Ingelân. Yn 1826 liet er him ynskriuwe oan de Universiteit fan Virginia, mar koe dêr mar in jier wêze troch jildkrapte. Hy begûn te drinken en te gokken en krige skulden dy't er net ôfbetelje koe dat hy waard fuortstjoerd. Yn 1827 rûn er fuort fan de Allans en gie er it leger yn. Hy sei dat er 22 wie, mar wie noch mar 18 jier en joech in falske namme op, "Edgar A. Perry". Doe't er syn nocht fan it leger hie kaam er mei syn wiere persoanalia en waard er úteinlik ûntslein. (Yn 1830 hat er noch in blau moandei op de militêre akademy Westpoint sitten.)

Dêrnei kaam er te wenjen by syn beppe fan heitekant, syn muoike, Mrs Maria Clemm, en syn nichtsje, Virginia Clemm, yn Baltimore, Maryland. Yn 1836 troude er mei Virginia, dy't doe 13 jier wie, mar de trou-akte joech har 22 jier. Hy gie oan't wurk as redakteur en literêr kritikus en sette doe ek útein mei it skriuwen fan ferhalen en gedichten, mar sûnder in soad súkses te beheljen. Ut reden dêrfan hat er him doe earst talein op it skriuwen fan proaza dat yn'e krante publisearre waard. Earst mei de publikaasje fan syn gedicht The Raven yn 1845 krige er fuortendaliks literêre erkenning. (Hy barde $9 foar de publikaasje.[3])

Yn 1847 stoar Virginia oan tuberkuloaze. Nei har dea moast Poe belies jaan yn syn striid tsjin drank en ferdôvjende middels en yn 1848 besocht er himsels fan kant te meitsjen. Hy hat noch efkes ferkearing hân mei de dichteresse Sarah Helen Whitman, mar dat rûn rillegau stikken, mei troch Poe's ferslaving en syn dêrút fuorkommende nuvere hâlden en kearen. It jier dêrnei wie er trije dagen net te finen en waard er yn de goate earne yn Baltimore werom fûn, yn dwilerige tastân. In pear dagen letter stoar er yn it Washington College Hospital. Poe hat nea lang genôch helder west om te ferklearjen hoe't it safier mei him kaam wie en werom at er syn eigen klean net oan hie. Neffens it ûndersyk fan de Amerikaanske skriuwer Matthew Pearl soe Poe stoarn wêze oan de gefolgen fan in breintumor.[4] Pearl skreau earder "The Poe Shadow", in histoaryske detektiveroman, dêr't er Poe syn dea yn beskriuwt.

Poe boaske syn nichtsje fan 13, Virginia Eliza Clemm-Poe. Har betide dea kin de ynspiraasjeboarne fan guon gedichten west hawwe.
Edgar Allan Poe is begroeven yn Baltimore, Maryland. De omstannichheden bliuwe ûndúdlik.

\

Ynfloed

Poe's bysûndere en faak nachtmerje-eftige wurk wie fan grutte ynfloed op ferskillende horror- en fantasy-sjenres. Hy wurdt ek beskôge as de grûnlizzer fan it detektive-sjenre mei syn trije ferhalen mei Auguste Dupin yn de haadrol. Arthur Conan Doyle waard bygelyks fan him beynfloede sa't bliken docht yn The Hound of the Baskervilles.

Poe syn literêre reputaasje wie bûten de FS grutter dan yn de FS sels, faaks om't it makabere karakter fan syn wurk de befolking dêre minder oanspruts. Rufus Griswold waard nei Poe syn dea, op ien as oare wize, syn agint, mar wie ek in rivaal en in fijân. Griswold hie nammentlik Memoires fan de skriuwer útbrocht, dêr't Poe yn ôfskildere waard as in sûper en in opiumferslaafde; dat makke him net populêr yn Amerikaanske literêre fermiddens.

Yn Frankryk, dêr't er oer it generaal as "Edgar Poe" bekend is, waarden syn ferhalen en in stikmannich gedichten oerset troch Charles Baudelaire. Baudelaire syn goede oersettings hawwe makke dat Poe populêr waard by de Frânske avant-gardeskriuwers. Skriuwers sa as Algernon Charles Swinburne waarden sterk beynfloede troch syn wurk. Poe waard ek wurdearre troch de symbolisten, en Stéphane Mallarmé droech ferskate gedichten oan him op.

Neist de literêre en poëtyske kant hie Poe ek niget oan filosofyske en wittenskiplike fraachstikken. Dit lêste docht it bêst bliken út it yn 1848 skreaune Eureka, in essay oer it materiële en spirituele universum.

Wurk

Gedichten

  • A Dream (1827)
  • A Dream Within a Dream (1827)
  • Dreams (1827)
  • Tamerlane (1827)
  • Al Aaraaf (1829)
  • Alone (1830)
  • To Helen (1831)
  • Israfel (1831)
  • The City in the Sea (1831)
  • The Sleeper (1831)
  • The Conqueror Worm (1837)
  • Silence (1840)
  • Lenore (1843)
  • Dreamland (1844)
  • The Raven (1845)
  • Ulalume (1847)
  • Eureka (1848)
  • Annabel Lee (1849)
  • The Bells (1849)

Proaza

  • Metzengerstein jannewaris 1831
  • A Dream augustus 1831
  • Le Duc De L'Omelette maart 1832
  • A Tale of Jerusalem juny 1832
  • Ms. Found in a Bottle oktober 1833
  • The Assignation jannewaris 1834
  • Berenice maart 1835
  • Morella april 1835
  • Lionizing maaie 1835
  • The Unparalleled Adventure of one Hans Pfaal (novelle) juny 1835
  • Bon-Bon augustus 1835
  • King Pest septimber 1835
  • Shadow - A Parable septimber 1835
  • Loss of Breath septimber 1835
  • Four Beasts in One maart 1836
  • Mystification juny 1836
  • Ligeia septimber 1837
  • The Narrative of Arthur Gordon Pym of Nantucket (roman) july 1838
  • How to Write a Blackwood Article novimber 1838
  • Silence - A Fable ein 1838
  • The Devil in the Belfry maaie 1839
  • The Man that was Used up augustus 1839
  • The Fall of the House of Usher septimber 1839
  • William Wilson oktober 1839
  • The Conversation of Eiros and Charmion desimber 1839
  • Why the Little Frenchman Wears His Hand in a Sling begjin 1840
  • The Journal of Julius Rodman (novelle) jannewaris 1840-juny 1840
  • The Business Man 1840
  • The Man of the Crowd 1840
  • The Murders in the Rue Morgue detektive, 1841
  • A Descent into the Maelström 1841
  • The Island of the Fay juny 1841
  • The Colloquy of Monos and Una augustus 1841
  • Never Bet the Devel Your Head septimber 1841
  • Three Sundays in a Week novimber 1841
  • Eleonora ein 1841
  • The Oval Portrait april 1842
  • The Masque of the Red Death maaie 1842
  • Who is the Murderer (net wis dat Poe auteur is) maaie 1842
  • The Pit and the Pendulum ein 1842
  • The Mystery of Marie Rogêt novimber 1842-febrewaris 1843
  • The Tell-Tale Heart jannewaris 1843
  • The Gold-Bug juny 1843
  • The Black Cat augustus 1843
  • Diddling novimber 1843
  • Morning on the Wissahiccon begjin 1844
  • The Spectacles maart 1844
  • The Balloon Hoax april 1844
  • A Tale of the Ragged Mountains april 1844
  • The Premature Burial juny 1844
  • Mesmeric Revelation augustus 1844
  • The Oblong Box septimber 1844
  • The Purloined Letter septimber 1844
  • The Angel of the Odd oktober 1844
  • Thou Art the Man novimber 1844
  • The Literary Life of Thingum Bob, Esq. desimber 1844
  • The Thousand-and-Second Tale of Scheherazade 1845
  • Some Words with a Mummy april 1845
  • The Power of Words juny 1845
  • The Imp of the Perverse july 1845
  • The System of Doctor Tarr and Professor Fether novimber 1845
  • The Facts in the Case of Mr. Valdemar desimber 1845
  • The Sfinx 1846
  • The Cask of Amontillado 1846
  • The Domain of Arnheim 1847
  • Mellonta tauta 1849
  • Hop-frog maart 1849
  • Von Kempelen and his Discovery april 1849
  • X-in a Paragrab maaie 1849
  • Landor's Cottage juny 1849
  • The Lighthouse (net ôfmakke)

Ferskaat

  • Yn 1976 brocht de Britske band The Alan Parsons Project it album Tales of mystery and imagination út, mei muzikale bewurkingen fan in tal ferhalen fan Poe.

Keppeling om utens

Sjoch ek

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Meyers, 138
  2. Quinn, 305
  3. Ostrom, John Ward. "Edgar A. Poe: His Income as Literary Entrepreneur", Poe Studies 5.1 (1982): 5
  4. NRC Boeken, "Edgar Allen Poe zou gestorven zijn aan hersentumor", 22 oktober 2007