Springe nei ynhâld

Buenos Aires

Ut Wikipedy
De ferzje fan 3 apr 2012 om 21.39 troch Luckas-bot (oerlis | bydragen) (r2.7.1) (Bot - derby: nl:Buenos Aires (stad))
NASA-satellietbyld fan de Río de la Plata, mei Gran Buenos Aires oan de rjochterside

Buenos Aires (Spaansk foar: moaie loften ek wol geunstige winen) is de haadstêd fan Argentynje. It is ek it ekonomyske en kulturele sintrum fan it lân.

Bueonos Aires wurdt sawat folslein omsletten troch de provinsje Buenos Aires, mar makket sels net diel derfan út. De stêd foarmet in federaal distrikt en falt bûten de provinsjale yndieling fan Argentynje.

Troch it grutte tal winkels en boetyks, de arsjitektuer, it kulturele libben, restaurants en har kosmopolityske befolking fan meast Italjaanske, Spaanske, Frânske, Dútske, Ingelske, East-Europeeske, Arabyske en Aziatyske komôf, stiet Buenos Aires ek bekend as it Parys fan it suden. Alhoewol't de stêd in protte fan syn grandeur fan eartiids ferlern hat troch ekonomyske problemen, hat de stêd fan alle Súd-Amerikaanske steden it meast wei fan in Jeropeeske stêd. De stêd belibbe in gouden tiid tusken 1880 en 1920, doe't Argentynje by de tsien wolfearendste lannen fan de wrâld hearde en Buenos Aires in protte ymmigranten út Jeropa luts.

Klimaat

Klimaat Buenos Aires

Buenos Aires hat in evenredich klimaat, mei in trochsneed temperatuer fan 17,5 °C. De trochsneed delslach leit it hiele jier op om-ende-by 1200 millimeter.

Jannewaris is de waarmste moanne fan it jier mei in trochsneed fan 24,5 °C,(maks.40+) wylst it kwik midden yn de winter, yn july, oant 11,1 °C trochstrings daalt. De simmermoannen binne nochal waarm en near. In protte porteños ferlitte de stêd yn jannewaris en febrewaris. Sy gean dan nei de kust of de bergen foar in fakânsje. De wintermoannen binne fochtich, mar net bot kâld.

Keppeling om utens


ak:Buenos Aires