Springe nei ynhâld

Wearwolf

Ut Wikipedy
Ofbyld:Werewolfoflondon.jpeg
Wearwolf

In wearwolf is in minsk dy't yn 'e jûn, by folle moanne, fan stal feroaret en in wolf wurdt. Dan hat er ynienen gjin minsklik ferstân mear en kin er samar oare minsken deameitsje en sels syn freonen, dy't er dan net mear weromkent. Yn 'e moarntiid wurdt er wer in minsk en wit er neat mear fan dat wat er dien hat. De wearwolf wurdt beskreaun yn Jeropeeske folksteltsjes, mearkes en horrorteltsjes. Ek yn bygelyks de Harry Potterrige komt in wearwolf foar.

De namme 'wearwolf' is etomologysk te ferklearjen. It wurd bestiet út 'e wurden 'wer' en 'wolf'. It wurd 'wer' is Anglo-Saksysk en betsjut 'minsk'. Dat komt in bytsje oerien mei it Latynske 'vir', man. It twadde diel fan it wurd, 'wolf', betsjut fansels gewoan wolf.

De sykte 'rabiës', hûnsdûmens, docht ek tinke oan it fenomeen 'wearwolf'. Men kin sa siik wurde, dat men der útsjocht as in bist en dêrnjonken ek âljen en flybkjen giet.