Springe nei ynhâld

Folk

Ut Wikipedy
De ferzje fan 21 mrt 2010 om 07.14 troch SieBot (oerlis | bydragen) (Bot - derby: zh:人民)

It wurd Folk kin meardere betsjuttings hawwe, dêr't in groep minsken mei oantsjutten wurdt. De wittenskip dy't him mei it fersynsel folk dwaande hâldt, benammen as etnisiteit, is de folkenkunde oftewol etnology.

Etymology

De etymology fan it wurd is ûndúdlik. Men bringt it werom ta it Oer-Germaanske *folkom (Ald-Frysk folk , Ald-Ingelsk folc , Dútsk Folk) of *fulka-. De oarspronklike betsjutting kin "groep striders" west hawwe: it Ald-Noarske folk betsjut "leger" . Der wurdt ferbân lein mei Gryksk plethos "mannichte", en mei de Latynske wurden plebs "it gewoane folk", populus "it folk" en vulgus "it grau", mar al dizze ôfliedings binne kontroversjeel. Yn it Ingelsk is folc of folk ferkrongen troch people, útsein yn de gearstalling folkloare.

Folk as oantal minsken

Men kin mei it wurd folk gewoanwei (in faak grut oantal) "minsken" bedoele, bygelyks Der wie in soad folk oanwêzich.

Folk as famylje

Yn de sin "Us folk is nei in âldereinhûs ferhuze" wurde de heit en mem fan de sprekker bedoeld.

Folk as ûnderdienskip

It wurd folk kin ynwenners fan in bepaald lân betsjutte, bygelyks it Belgyske folk. Yn dit gefal kin men it begryp folk min ofte mear as it synonym foar it begryp ûnderdienskip of staatsboargerskip beskôgje.

Folk as etnisiteit

In folk kin ek in bepaalde groep minsken wêze dy't ûnderlinge ferwantskip en ferbûnenens fiele op basis fan ien of meardere mienskiplike kenmerken. Mei dizze definysje kinne we sizze dat de Belgyske befolking út trije folken bestiet: Flamingen, Walen en Dútsers (Dútsktalige Belgen). Faak wurdt taal as ít kenmerk fan in folk sjoen. In bysûnder gefal is it joadske folk, dat primêr op in religjeuze ferbûnenens basearre is: mar ûngefear de helte fan alle joaden wennet yn de steat Israël, lang net allegearre prate Hebrieusk, Jiddysk of Sefardysk en troch de Diaspora hearre se ta alle minsklike rassen.

Der binne útsûnderings. Ieren hawwe oer it generaal de Ingelske taal oernommen, dochs sil gjin inkele Ier himsels Ingelsman fiele. Flamingen en Nederlanners sprekke deselde taal (Nederlânsk), mar binne twa ferskillende folken. Boppedat is it begryp taal ek dizenich. Yn Nederlân wurdt it Limburchsk as streektaal beskôge. Net iderien is it der oer iens dat sprekkers derfan dêrtroch as apart folk sjoen wurde kinne.

Net allinnich de taal kin de ûnderskiedsbasis wêze, mar ek oare skaaimerken, lykas bygelyks godstsjinst. Foarbyld: Kresjeny (letterlik 'doopte', dopelingen) binne feitlik Tataren. Se sprekke de Tataarske taal, hâlde fêst oan de tradysjes en brûke fan it Tataarske folk, mar op basis han harren godstsjinst (Russysk-Otterdoks, ynstee fan islamitysk by de Tataren) sjogge sy harsels as in apart folk. Mei de folkstelling fan 2002 hienen de measte Kresjeny dat ek yn de enkête oanjûn. Op basis fan de útslach fan dizze folkstelling binne se sûnt inkele jierren troch de Russyske autoriteiten as apart folk erkend.