Springe nei ynhâld

Blessum

Ut Wikipedy
De ferzje fan 21 apr 2009 om 23.35 troch SieBot (oerlis | bydragen) (Bot - derby: en:Blessum)
de himrik fan Blessum

Blessum is in terpdoarpke yn Menameradiel mei likernôch 90 ynwenners (2006). It leit tichtby Deinum en Boksum.

It doarp is troch de Blessumer Feart nei it noarden ûntsluten, rjochting Harnzer Trekfeart (no Van Harinxmakanaal). Oer de wei koe en kin it doarp allinnich fanút it easten oer de Blessumerdyk berikt wurde. It doarp is sá lyts dat de tsjerke ek tagelyk doarpshûs is.

Yn de moderne tiid is de isolearre en dus rêstige lizzing fan it doarp sterker wurden. Yn it noarden is yn 1863 it Spoar Ljouwert - Harns komd en yn it lêste kwart fan de 20e ieu de Westergoawei mei ferkearspleinen, eastlik fan it doarp.

Skiednis

Al yn de 9e ieu moat der bewenning op it stee fan it Blessum fan no west hawwe. Ut dy tiid is in gouden pinkring fûn, mei it laam gods as gravuere. Blessum sels is yn de iere Midsieuwen ûntstien, west fan de Middelsee.

States

By Blessum hawwe twa states stien. Oan de súdkant de yn de 18e ieu sloopte Wismastate wêrfan de stinzepoarte oant 1809 noch bestie, en oan de westkant de Ringiastate, in state út de 15e ieu yn de foarm fan in steatlike pleats dy 't ek platsmiten waard. Op beide stateterreinen binne nije pleatsen boud. Op it terrein fan Ringiastate barde dat yn 1823. Oan de kant fan de Buorren is in âldere herinnering oan de state bewarre bleaun. It binne homeiepeallen út de iere 18e ieu. De fjouwerkante groeve pylders binne kanneleard en drage byldhoude fazen yn barokfoarmen. De Buorren binne earder beseame west mei liedlinebeammen. Dizze binne troch oare beammen ferfongen, mar om it tsjerkhof steane noch wol liedlinebeammen.

Tsjerke

Tsjerke fan Blessum

De oan Maria wijde tsjerke fan Blessum is fan omtrint 1250. Yn alle gefallen binne de âldste fûneminten troch muontsen makke rûn 1250. Yn it interieur falle de skilderde draperyën om it oargelfront op. It evenwichtige tsjerkemeubilêr komt út de 19e ieu. Ek it oargel út 1659 is tige bysûnder en is hielendal restaurearre. Op ien fan de tekstboerden wurdt omtinken jûn oan de Slach by Boksum. Fan de 1000 deaden soenen hjir 120 begroeven lizze. De noardmuorre mei ier-goatyske spitsbôgefinsters en it koar mei in trijesidige sluting is út de 14e ieu. Om 1500 hinne is it tsjerke fernijd. Der kaam doe in yngongspartij mei in omlisting mei siermitselwurk, wringde kolonetten, en in lytse byltnis. De súdlike gevel is foar it grutste part fernijd en hat grutte rûnbôgefinsters. De mânske toer hat wierskynlik noch in kearn út de 13e of iere 14e ieu, mar hy krige yn 1879 in ommitseling en der waard in ynsnoerde toerspits op setten.

Untwikkeling ynwennertal

Strjitten

Blessumerdyk, Buorren, De Wâl, It Súd, Mieddyk.

Sjoch ek

Keppeling om utens