Springe nei ynhâld

Abdij Werden

Ut Wikipedy
De ferzje fan 5 des 2008 om 22.43 troch Swarte Kees (oerlis | bydragen) (ôfbyld fan commons taheakke)
Kleaster Werden
Abdij Werden yn 1581
Brûnsplastyk yn de crypte
Liudgertsjelk yn de Skatkeamer, 9e/10e ieu
Liudgerskryn

Werden wie in ta de Nederryns-Westfaalske Kreits hearrende ryksabdij binnen it Hillige Roomske Ryk.

It wie in Benediktiner abdij yn Werden oan de Ruhr. Werden is tsjintwurdich in stedsdiel fan Essen. It kleaster hat in wichtifge rol spile yn de skiednis fan it Heilige Roomske Ryk yn de iere midsieuwen. In grut diel fan it besit fan de abdij lei yn Fryslân. De argiven, dy't foar in grut part bewarre bleaun binne, bine foar de skiedskriuwing fan Fryslân fan gruttewearde.

Skiednis

Stifting

De abdij is oan de ein fan de 8e ieu stifte troch Liudger. Liudger, fan grut-Fryske komôf begûn syn bekearingswurk yn it easten fan Nederlân. Neidat Karel de Grutte de Saksen ferslein hie, wreide Liudger syn wurkterrein út nei Westfalen wêr't hy de earste biskop fan Münster waard. De abdij soe hy yn 799 stifte hawwe. Hy jildt ek as de earste abt; nei syn dea folge in jongere broer him op.

Bysûndere posysje

Nei in oantal abten út de famylje fan Liudger ûntstie it gebrûk dat de muontsen sels harren abt keazen. De posysje fan de abdij waard ferstevige troch in privileezje ferliend troch kening Loadewyk de Jongere. Op grûn fanb dat privileezje krige de abdij immuniteit en waard ek de frije abtkar bekrêftige.

Yn de iwuen dêrnei krige de abdij in grut besit, foar in grut part yn de gebieten dêr't Liudger ea preke hie. Bekend is dat de abdij yn Grins in hof hân hat fan wêrút de besittings yn de Ommelanden bestjoerd waarden.

De abten spilen yn de iere midsieuwen in foaroansteande rol yn de polityk fan it Hillige Roomske Ryk. Abt Adolf I (1160-1173) wie belutsen by de gong nei Rome fan keizer Freark Barbarossa; Heribert II (1197-1226) spile in rol yn de striid om de troan tusken de Welfen en de Staufen. Yn 1198 wurdt de abt foarst neamd. De abdij slagget der dêrnei yn om in lyts wrâldlik gebiet yn besit te krijen.

Ferfal

Troch de grutte fan it besit en de politike rol dy't it kleaster spilet wurdt it kleasterlibben mear dominearre troch wrâldske saken en minder troch geastlike fragen. De measte muontsen yn de 14e ieu komme út de hegere fermiddens. Mei regelmaat wurdt wol besocht om herfoarmingen troch te fieren om sa wer in geastlik sintrum te wurden, mar dizze hawwe gjin bliuwend resultat. Yn de rin fan de 15e ieu ferliest de abdij ek hieltiten mear besittings, it tal muontsen rint werom. It fuortbestean fan de abdij wurdt slim bedrige as der op in stuit noch mar trije muontsen oer binne. Yngripen fan bûtenôf wurdt needsaaklik. In abt út Keulen wit it tij te kearen en it fuortbestean feilich te stellen.

Nei de Reformaasje

As wrâldlik gebiet rekket de abdij belutsen yn de Tritichjierrige oarloch. Yn 1609 wist Ernst fan Brandenburch de wrâldske rjochten fan de abdij te bemachtigjen. Yn de oarloch wist de abt lykwols in oerienkomst mei it protestantske Brandenburch te sluten wêrby't abt en de keurfoarst fan Brandenburch tegearre de wrâldske macht dielden. De keurfoarst oefende fâdijrjochten út as opfolger fan de greven fan Mark, dy't sûnt 1334 fâd fan Werden wienen. Yn de 18e ieu hiede abdij in twadde bloeiperioade. It besteande haadgebou komt út dizze tiid. Neist de opbringsten fan de bezittingen rekket it kleaster belutsen by de stienkoalwinning. Yn artikel 3 fan de Reichsdeputationshauptschluss fan 25 febrewaris 1803 wurdt de abdij tawiisd oan Pruisen. Nei de nederlagen fan 1806 en 1807 moat Pruisen al syn bezittingen ten westen fan de Elbe yn de frede fan Tilsit ôfstean. De eardere abdij wurdt op 21/28 jannewaris 1808 by it gruthartochdom Berg foege. Nei de nederlagen fan Napoleon jout it Kongres fan Wenen it gebied yn 1815 wer weerom oanit keninkryk Pruisen.

De grûnboeken

It besit fan de abdij is fêstlein yn grûnboeken dy't foar it meastepart bewarre bleaun binne. It âldste grûnboek komt al út de begjinperioade. Yn de boeken wurde net allinnich de eigendommen fermelden, mar ek de namme fan dejinge dy't it goed skonken hat. Ek wichtige foarfallen, bygelyks plonderingen troch de Wytsingen waarden optekene. De boeken binne diels skreaun yn it Aldsaksysk sadat se ek foar taalwittenskippers in wichtige boarne binne.

Omdat de abdij grutte bezittingen had yn it noarden en easten fan Nederlân binne de grûnboeken ek foar Fryske historisy weardefol. Hoewol't de stavering bytiden fragen opropt, binneder meardere doarpen yn Fryslân dy't harren âldste fermelding fine yn dizze grûnboeken. Sa wurdt yn 855 Dedzjum al neamd. De lânhear Folker jout dan lân oan it kleaster. Der wurdt dan skreaun oer "Deddingiuuerbe", wat op in eigennamme wiist.

Kepeling om utens

Commons
Commons
Op Wikimedia Commons kinne jo mear ôfbyldings en oare media fine dy te krijen hawwe mei:

Klooster Werden