Springe nei ynhâld

Salt Lake City

Ut Wikipedy
De ferzje fan 11 nov 2022 om 23.17 troch Ieneach fan 'e Esk (oerlis | bydragen) (Kaart yn ynfoboks set; yn ferbân dêrmei foto-yndieling oars, red.)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Salt Lake City
Emblemen
            
Bestjoer
Lân Feriene Steaten
Steat Utah
County Salt Lake County
Sifers
Ynwennertal 189.314 (2012)
Oerflak 285,9 km² (ynkl. wetter)
282,5 km² (allinnich lân)
Befolkingsticht. 643,3 / km²
Stêdekloft 1.145.905 (2012)
Hichte 1.288 m
Oar
Stifting 1847
Tiidsône UTC -7
Simmertiid UTC -6
Koördinaten 40°45′17″N 111°53′33″W
Offisjele webside
www.slcgov.com
Kaart
De lizzing fan Salt Lake City yn Salt Lake County en yn 'e steat Utah.
Dizze side giet oer de stêd yn 'e Amerikaanske steat Utah. Foar oare betsjuttings, sjoch: Salt Lake City (betsjuttingsside).

Salt Lake City, gauris ôfkoarte ta Salt Lake of SLC, is de haadstêd en teffens de grutste stêd fan 'e westlike Amerikaanske steat Utah. Ek is it it haadplak fan it omlizzende Salt Lake County. In letterlike oersetting fan 'e namme Salt Lake City soe "Sâltmarstêd" opsmite; de Bosatlas út 1877 sprekt noch fan "Grutte Sâltmarstêd". Dêrmei wie dy efter de tiid rekke, want yn 1868 wie yn Utah al offisjeel besletten om it "Great" fan Great Salt Lake City falle te litten. Hoe dan ek, de stêd is neamd nei de Grutte Sâltmar (Great Salt Lake), oan 'e igge wêrfan't er stifte is. Neffens in offisjele skatting út 2012 lei it ynwennertal fan Salt Lake City doe krekt ûnder de 190.000, wylst de hiele stêdekloft mei Salt Lake City as mulpunt in befolking fan krapoan 1.150.000 minsken hie. Dêrmei is Salt Lake City de grutste agglomeraasje yn it Tuskenberchske Westen en ien fan 'e beide grutte stedske sintra yn 'e Grutte Dobbe (Great Basin); de oare is Reno, yn Nevada). Salt Lake City stiet benammen bekend as it haadkertier fan 'e oer de hiele wrâld aktive mormoanske Tsjerke fan Jezus Kristus fan de Hilligen fan de Lêste Dagen, en sûnt 2002 yn Nederlân ek om't it ien fan 'e fluchste oerkape iisbanen fan 'e wrâld hat.

Ear't Salt Lake City bestie, hie de Delling fan de Sâltmar iuwenlang bewenne west troch de Sjosjoanen en de Jût- en Pajût-Yndianen. Op 24 july 1847 waard Salt Lake City oan 'e eastkant fan 'e Grutte Sâltmar stifte troch in groep mormoanen, besteande út 143 manlju, trije froulju en twa bern. Dy wiene ûnder lieding fan harren profeet Brigham Young de leauwensferfolging ûntflechte dêr't hja yn Missoury en Illinois ûnder te lijen hiene, om yn it ûnherberchsume Westen in nij bestean op te bouwen. Op dy bewuste dei spriek Brigham Young, dy't de lieder fan 'e mormoanen wurden wie nei de moard op harren tsjerkfaar Joseph Smith, by it sjen fan 'e delling de histoaryske wurden "dat is it rjochte plak, dêrhinne." Hy ferwiisde dêrby nei in fizioen dat er hân hawwe soe wêryn't him it plak tsjut wie dêr't de mormoanen harren fêstigje moasten.

Salt Lake City yn 1900.

De krite dêr't hja harren nei wenjen setten, hearde doedestiden eins noch ta Meksiko, mar lei te fier nei it noarden ta om troch it Meksikaanske regear behearske te wurden. De mormoanen stiften der mear as hûndert delsettinkjes yn wat Young "Deseret" neamde, en regearre as in folslein ûnôfhinklike teokrasy. Nei't it gebiet yn 1848 mei û.m. Kalifornje troch Meksiko ôfstien wie oan 'e Feriene Steaten, kaam it bekend te stean as it Utah-territoarium. De nij stifte stêd waard it mulpunt dat territoarium, en úteinlik, yn 1858, ek de haadstêd. De Timpel fan Salt Lake City, de sit fan 'e Tsjerke fan Jezus Kristus fan de Hilligen fan de Lêste Dagen, waard wer it mulpunt fan 'e stêd sels. De bou fan dat mânske gebou sette yn 1853 útein, en it waard pas fjirtich jier letter, yn 1893, foltôge. Hoewol't Utah foar in grut part út woastyn en rotsgrûn bestie, wisten de mormoanen der troch harren kommunale wurkwize en heech ûntwikkele lânboumetoaden te oerlibjen en sels te florearjen. Fan 1848 oant 1890 wiene der allegeduerigen botsingen mei it Amerikaanske regear yn Washington, oant de mormoanen úteinlik de troch harren as ûnderdiel fan har leauwe beliden polygamy (mearwiverij) ôfswarden. Yn 'e 1850-er jierren waard der sels eefkes fochten, yn wat wol de "Lytse Boargeroarloch" neamd wurdt. Amerikaanske troepen ûnder de lettere Súdlike generaal Albert Sidney Johnston kamen yn 1857 om Salt Lake City te besetten, mar ûntdieken dat Young-en-dy de stêd ûntromje litten hiene. Troch dizze kwestje waard Utah pas yn 1896 as in folweardige steat yn 'e Amerikaanske Uny opnommen, folle letter as dat op grûn fan ynwennertal hoegd hie.

Yn 1869 waard it Earste Transkontinintale Spoar by Promontory Summit, oan 'e noardkant fan 'e Grutte Sâltmar, foltôge, doe't de spoarlinen dy't út it easten en westen wei oanlein waarden dêr byinoar kamen. Salt Lake City sels waard yn 1870 op it spoar oansletten, wat reizgjen in stik makliker makke. Yn 'e tiid fan it Wylde Westen wie Salt Lake City ien fan 'e grutste en meast bloeiende stêden yn it westlike binnenlân. De stêd groeide stadich troch oant it ynwennertal healwei de tweintichste iuw in hoart ôfnaam fanwegen in migraasjeweach út it sintrum nei de foarstêden. Sûnt de ein fan 'e jierren tachtich groeit Salt Lake City wer, mei trochdat in protte ymmigranten út Midden- en Súd-Amearika har der fêstige hawwe. Ek binne der relatyf grutte mienskippen fan Samoänen en Tonganen. Yn 2002 waarden yn Salt Lake City de Olympyske Winterspullen holden. Dêr ûntstie yn 1998 in skandaal oer doe't oan it ljocht kaam dat der jild delteld wie om 'e ferkiezing ta gaststêd fan 'e Spullen te bewissigjen.

Salt Lake City by 't winter (op 'e eftergrûn it Steatskapitoal fan Utah).

Salt Lake City hjoed de dei

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Salt Lake City leit yn in grutte delling, de Delling fan de Sâltmar (Salt Lake Valley). Ut 'e stêd wei binne de skygebieten yn 'e bergen binnen in healoere te berikken. Trochdat dy fuortby Salt Lake City lizze, hat de stêd de namme krigen dat der de bêste snie fan 'e wrâld leit. Eastlik en súdlik fan Salt Lake City binne ferskate boskgebieten, lykas it Nasjonaal Wâld Wasatch-Cache, it Nasjonaal Wâld Asley, it Nasjonaal Wâld Uinta, it Nasjonaal Wâld Manti-la Sal, it Nasjonaal Wâld Fishlake en it Nasjonaal Wâld Dixie.

De mormoanske Timpel fan Salt Lake City, wêrfan't de bou 40 jier duorre hat.

De stêd sels hat in rjochthoekich strjittestelsel wêryn't de measte strjitten sekuer noard-súd of east-west rinne. De adressen binne de koördinaten yn it raster. It begjinpunt fan dat strjittestelsel is de súdeasthoeke fan Temple Square, dêr't de mormoanske Timpel fan Salt Lake City stiet. Op it mêd fan besjensweardichheden binne der it Church History Museum en ferskate tsjerken fan 'e Tsjerke fan Jezus Kristus fan de Hilligen fan de Lêste Dagen. It meast ymposante gebou, de Timpel fan Salt Lake City, is lykwols net frij te besichtigjen. Wol kin men terjochte yn 'e Family History Library, de grutste geneälogyske bibleteek fan 'e wrâld, dy't troch de mormoanen brûkt wurdt om ferstoarnen út alle lannen en fan alle tiden dochs noch te rêden (fan 'e hel) troch se mei weromwurkjende krêft te dopen en sa postúm ta mormoan te meitsjen (in praktyk dy't net noch elkenien op priis steld wurdt en dêr't om it hoartsje opskuor oer ûntstiet). Salt Lake City is ek de thúshaven fan 'e Utah Jazz, in foaroansteand basketbalteam dat útkomt yn 'e NBA, en fan it fuotbalteam Real Salt Lake, dat yn 2009 lânskampioen fan 'e Feriene Steaten waard.

De befolking fan Salt Lake City woeks tusken 1850 en 1960 stadich oan fan 6.200 ta 189.000. Doe folge der in weromfal, ta 160.000 yn 1990. Sûnt is it ynwennertal wer oan it tanimmen, mei 182.000 yn 2000 en 186.000 yn 2010. Neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2010 wie doe 18,5% fan 'e ynwenners fan Salt Lake City berne yn it bûtenlân, wylst 27% yn 'e hûs in oare taal spriek as Ingelsk. Wat de etnyske opbou fan 'e befolking oangiet, dy wie yn 2010 sa: 52,8% blanken; 22,3% Latino's; 4,4% Aziaten; 2,7% swarten; 2,0% Polyneziërs, Melaneziërs en Mikroneziërs, 1,2% Yndianen; en 14,6% oaren of fan mingd etnysk komôf.

It Steatskapitoal fan Utah.

Berne yn Salt Lake City

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Salt Lake City hat in lânklimaat mei drûge simmers en wiete winters. De Grutte Sâltmar benoarden de stêd hat in moderearjend effekt op it winterwaar, dat de temperatuer komt mar inkeldris ûnder de –20 °C. Ek de simmer hat troch de sâltmar in tuskenbeiden karakter, mei troch it feit dat de stêd op in hichte fan hast 1300 meter boppe de seespegel leit. De trochsneed temperatuer oerdeis yn 'e kâldste moanne, jannewaris, is 3 °C, en yn 'e waarmste moanne, july, 33,7 °C. Alle jierren binne der lykwols wol in pear dagen mei temperatueren fan boppe de 37 °C, mar dy binne net ûndraachlik, om't de luchtfochtichheidsgraad yn dy drûge jiertiid bysûnder leech leit. Wat delslach oangiet, dêrfan kriget Salt Lake City yn in trochsneed jier 408,9 mm. Fan july oant septimber hearsket der in reinseizoen dat út en troch felle tongerbuien bringt. Fan snie falt der jiers trochstrings 143 sm, ferdield oer de perioade fan novimber oant maart, mar dêrby falt yn 'e delling mar inkeldris mear as 30 sm tagelyk. Heger leine plakken yn 'e buert krije faak it mearfâldige dêrfan.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.