Oedmoersje
Oan dizze side wurdt noch wurke! Fier hjir asjebleaft gjin bewurkings út oant de skriuwer mei de side klear is. |
---|
Autonome Republyk Udmoersje
Удму́ртия республика (Russysk) | |
---|---|
flagge | wapen |
polityk | |
soarte gebiet | autonome republyk |
lân | Ruslân |
federaal distrikt | Wolga |
ekonomyske regio | Oeral |
haadplak | Izjevsk |
grutste plak | Izjevsk |
taal | Russysk, Udmoersk |
Etnyske groepen | Russen 62,2%% Udmoeren 28,0% Tataren 1,68%, Tataren 6,7% (Stân 2010) |
sifers | |
ynwennertal | 1.484.460 (2022) |
oerflak | 42.061 km² |
befolkingstichtens | 35,29 ynw./km² |
oar | |
stifting | 4 novimber 1920 |
tiidsône | UTC+4, MSK+1 |
koördinaten | 57° 17' N 52° 45' E |
webside | www.udmurt.ru |
Udmoersje (Russysk: Удму́ртия республика; Udmoertija respûblika; Udmoersk: Удмурт Элькун; Udmoert Elkûn) is in autonome republyk yn de Russyske Federaasje. Udmoersje grinzget oan de autonome republiken Basjkirostan en Tatarije, de oblast Kirov en de kraj Perm. De grutste stêd fan de autonome republyk Izjevsk.
Geografy
Udmoersje leit yn Europeeske diel fan Ruslân westlik fan de Oeral tusken de rivieren de Kama en de Vjatka. It klimaat is tuskenbeide kontinintaal. De taiga oerhearsket yn it lânskip.
Skiednis
Tsjin it ein fan de 16e iuw waard it noardlike diel fan Udmoersje in ûnderdiel fan Ruslân, wylst it súdlike diel by it Kazan-kanaat hearde. Nei de oermastering fan Kazan troch Ivan de Grousume yn 1552 waard ek it súdlike diel ûnderdiel fan it Russyske keninkryk. Yn 1731 waard foar de bisdommen Kazan en Niznji Novgorod in kommisje oprjochte mei de súksesfolle opdracht de Udmoeren te kristenjen.
Yn de jierren 1774-1775 namen de bewenners fan Prikamne, in gebiet dat grinzget oan de Kama, diel oan de boereoarloch ûnder lieding fan Jemeljan Pûgatsjov.
De twadde helte fan de 19e iuw betsjutte in gaueftige ûntwikkeling. Der waarden fabriken, skoallen en oare foarsjennings boud. Yn 1899 waard ek it spoar fan Perm nei Kotlas oanlein.
Tusken de 18e en 20e iuw waarden de Udmoerske lannen troch it gûvernemint Vjatka bestjoerd. De Udmoerske Autonome Oblast waard op 4 novimber 1920 oprjochte (ynearsten as Votjaakske Autonome Oblast, mar om't de Udmoeren de namme Votjaken as in skelname ûnderfûnen waard de namme letter feroare). Op 28 desimber 1934 krige it gebiet de name Autonome Sosjalistyske Sovjetrepublyk Udmoersje. Sûnt 11 oktober 1991 hjit it gebiet de Autonome Republyk Udmoersje.
Befolking
Russen foarmje de mearderheid fan de befolking. Udmoeren binne in Finsk-Ugrysk folk en foarmje in minderheid. Oare minderheden yn Udmoersje binne Tataren, Oekraïners en Mari. Dêrnjonken binne der ek Besermenen, dy't foar in hiel ein hinne assimilearre binne en ûnder Udmoeren rekkene waarden, mar sûnt 2002 wer as in apart folk sjoen wurde.
De talen yn it offisjele ferkear binne Udmoersk en Russysk. Njonken oanhingers fan de Russysk-Otterdokse Tsjerke binne der ûnder de Tataren en Besermenen ek moslims.
Untwikkeling fertsjintwurdiging grutste folken fan Udmoersje 1926-2010
Folk | 1926 | 1939 | 1959 | 1970 | 1979 | 1989 | 2002 | 2010 |
---|---|---|---|---|---|---|---|---|
Russysk | 43,3% | 55,7% | 56,8% | 57,1% | 58,3% | 58,9% | 60,1% | 62,2% |
Udmoersk | 52,3% | 39,4% | 35,9% | 34,2% | 32,1% | 30,9% | 29,3% | 28,0% |
Tataarsk | 2,8% | 3,3% | 5,3% | 6,1% | 6,6% | 6,9% | 6,9% | 6,7% |
* Gegevens ôfkomstich fan it Russysktalige lemma, oproppen op 3 augustus 2022
Bestjoerlike yndieling en stêden
De republyk telt 25 rajon's en fiif stedsdistrikten, dy't fanút de haadstêd Izjevsk bestjoerd wurde. Njonken Izjevsk binne de grutste stêden: Sarap6ul, Votkinsk, Glazov en Mozjga. Meiïnoar binne der seis stêden en fiif plakken mei in stedsk karakter.
Stêd */ Delsetting mei stedsk karakter | Russysk | Ynwennertal | Wapen | Lokaasje |
---|---|---|---|---|
Balezino | Балезино | 14.569 (2021) | 57° 58' N 53° 00' E | |
Glazov* | Глазов | 91.921 (2021) | 58° 08' N 52° 40' E | |
Igra | Игра | 20.264 (2021) | 57° 33' N 53° 05' E | |
Izjevsk* | Ижевск | 645.183 (2022) | 56° 51' N 53° 12' E} | |
Jar | Яр | 6.242 (2021) | 58° 14' N 52° 06' E | |
Kambarka* | Камбарка | 10.048 (2021) | 56° 16' N 54° 12' E | |
Mozjga* | Можга | 48.750 (2021) | 56° 27' N 52° 13' E | |
Novy | Новый | 5.951 (2021) | 56 48' N 54° 02' E | |
Sarapûl* | Сарапул | 94.554 (2021) | 56° 28' N 53° 48' E | |
Uva | Ува | 19.934 (2021) | 56 58' N 52° 10' E | |
Votkinsk* | Воткинск | 96.861 (2021) | 57° 03' N 54° 00' E |
* Ynwennertallen binne ôfkomstich fan it Russysktalige lemma, oproppen op 3 augustus 2022
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Udmurtien
|