Springe nei ynhâld

Abdij Werden: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 45: Rigel 45:
[[Kategory:Skiednis fan Noardryn-Westfalen]]
[[Kategory:Skiednis fan Noardryn-Westfalen]]
[[Kategory:Kleaster yn Dútslân]]
[[Kategory:Kleaster yn Dútslân]]
[[Kategory:Midsiuwen]]
[[Kategory:Steat fan it Hillige Roomske Ryk]]

De ferzje fan 5 apr 2017 om 21.27

Kleaster Werden
Abdij Werden yn 1581
Brûnsplastyk yn de crypte
Liudgertsjelk yn de Skatkeamer, 9e/10e iuw
Liudgerskryn

Abdij Werden wie in ta de Nederrynsk-Westfaalske Kreits hearrende ryksabdij yn it Hillige Roomske Ryk.

It wie in Benediktiner abdij yn Werden oan de Ruhr. Werden is tsjintwurdich in stedsdiel fan Essen. It kleaster hat in wichtige rol spile yn de skiednis fan it Hillige Roomske Ryk yn de iere midsiuwen. In grut diel fan it besit fan de abdij lei yn Fryslân. De argiven, dy't foar in grut part bewarre bleaun binne, binne foar de skiedskriuwing fan Fryslân fan grutte wearde.

Skiednis

Stifting

De abdij is oan de ein fan de 8e iuw stifte troch Liudger. Liudger, fan grut-Frysk komôf, begûn syn bekearingswurk yn it easten fan Nederlân. Neidat Karel de Grutte de Saksen ferslein hie, wreide Liudger syn wurkterrein út nei Westfalen dêr't hy de earste biskop fan Münster waard. De abdij soe hy yn 799 stifte hawwe. Hy jildt ek as de earste Abt; nei syn dea folge in jongere broer him op.

Bysûndere posysje

Nei in oantal abten út de famylje fan Liudger ûntstie it gebrûk dat de muontsen sels harren abt keazen. De posysje fan de abdij waard ferstevige troch in privileezje ferliend troch kening Loadewyk de Jongere. Op grûn fan dat privileezje krige de abdij ymmuniteit en waard ek de frije abtkar bekrêftige.

Yn de iuwen dêrnei krige de abdij grutte stikken lân yn besit, foar in grut part yn de gebieten dêr't Liudger ea preke hie. Bekend is dat de abdij yn Grins in hof hân hat dêr't de besittings yn de Ommelannen fanút bestjoerd waarden.

De abten spilen yn de iere midsiuwen in foaroansteande rol yn de polityk fan it Hillige Roomske Ryk. Abt Adolf I (1160-1173) wie belutsen by de gong nei Rome fan keizer Freark Barbarossa; Heribert II (1197-1226) spile in rol yn de striid om de troan tusken de Welfen en de Staufen. Yn 1198 wurdt de abt foarst neamd. De abdij slagget der dêrnei yn om in lyts wrâldlik gebiet yn besit te krijen.

Ferfal

Troch de grutte fan it besit en de politike rol dy't it kleaster spilet wurdt it kleasterlibben mear dominearre troch wrâldske saken en minder troch geastlike fragen. De measte muontsen yn de 14e iuw komme út de hegere fermiddens. Mei regelmaat wurdt wol besocht om herfoarmingen troch te fieren om sa wer in geastlik sintrum te wurden, mar dizze hawwe gjin bliuwend resultaat. Yn de rin fan de 15e iuw ferliest de abdij ek hieltiten mear besittings, it tal muontsen rint werom. It fuortbestean fan de abdij wurdt slim bedrige as der op in stuit noch mar trije muontsen oer binne. Yngripen fan bûtenôf wurdt needsaaklik. In abt út Keulen wit it tij te kearen en it fuortbestean feilich te stellen.

Nei de Reformaasje

As wrâldlik gebiet rekket de abdij belutsen yn de Tritichjierrige oarloch. Yn 1609 wist Ernst fan Brandenburch de wrâldske rjochten fan de abdij te bemachtigjen. Yn de oarloch wist de abt lykwols in oerienkomst mei it protestantske Brandenburch te sluten wêrby't abt en de keurfoarst fan Brandenburch tegearre de wrâldske macht dielden. De keurfoarst oefende fâdijrjochten út as opfolger fan de greven fan Mark, dy't sûnt 1334 fâd fan Werden wiene. Yn de 18e iuw hiede abdij in twadde bloeiperioade. It besteande haadgebou komt út dizze tiid. Neist de opbringsten fan de bezittingen rekket it kleaster belutsen by de stienkoalwinning. Yn artikel 3 fan de Reichsdeputationshauptschluss fan 25 febrewaris 1803 wurdt de abdij tawiisd oan Pruisen. Nei de nederlagen fan 1806 en 1807 moat Pruisen al syn bezittingen ten westen fan de Elbe yn de frede fan Tilsit ôfstean. De eardere abdij wurdt op 21/28 jannewaris 1808 by it gruthartochdom Berg foege. Nei de nederlagen fan Napoleon jout it Kongres fan Wenen it gebied yn 1815 wer werom oan it keninkryk Pruisen.

De grûnboeken

It besit fan de abdij is fêstlein yn grûnboeken dy't foar it meastepart bewarre bleaun binne. It âldste grûnboek komt al út de begjinperioade. Yn de boeken wurde net allinnich de eigendommen fermelden, mar ek de namme fan dejinge dy't it goed skonken hat. Ek wichtige foarfallen, bygelyks plonderingen troch de Wytsingen waarden optekene. De boeken binne diels skreaun yn it Aldsaksysk sadat se ek foar taalwittenskippers in wichtige boarne binne.

Omdat de abdij grutte bezittingen had yn it noarden en easten fan Nederlân binne de grûnboeken ek foar Fryske historisy weardefol. Hoewol't de stavering bytiden fragen opropt, binne der meardere doarpen yn Fryslân dy't harren âldste fermelding fine yn dizze grûnboeken. Sa wurdt yn 855 Dedzjum al neamd. De lânhear Folker jout dan lân oan it kleaster. Der wurdt dan skreaun oer "Deddingiuuerbe", wat op in eigennamme wiist.

Keppeling om utens