Springe nei ynhâld

Germaanske mytology: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
L r2.7.1) (Bot - derby: et:Germaani mütoloogia
L r2.7.1) (Bot - derby: ar:وثنية جرمانية
Rigel 32: Rigel 32:


[[ang:Þēodisc Hǣðenscipe]]
[[ang:Þēodisc Hǣðenscipe]]
[[ar:وثنية جرمانية]]
[[cs:Germánská mytologie]]
[[cs:Germánská mytologie]]
[[da:Germansk religion]]
[[da:Germansk religion]]

De ferzje fan 16 feb 2012 om 13.06

Odin rydt it Valhalla yn op hynst Sleipnir, ôfbyld op de Tjängvide-stien.

De Germaanske mytology beskriuwt de ferhalen dy't by de foar-kristlike Germanen de rûnte dienen oer de oarsprong en de skiednis fan de goaden, de wrâld en de minsken. Yn de Germaanske mytology wurdt ûnderskied makke tusken Germaansk en Noard-Germaansk of Skandinavysk. Dizze mytologyen lykje in soad op inoar, mar der binne lykwols inkele ferskillen. Sa binne der yn Skandinaavje Frigg en Freya twa ferskate, mar wol dúdlik oan inoar besibbe goadinnen, wylst sy yn de Germaanske mytology mar ien goadinne is.

Yn it Germaanske skeppingsferhaal wurdt de himmel troch fjouwer Ierdmantsjes ûndersteund, Nordry, Sudry, Austry en Vestry. Hjiryn is hiel dúdlik de oerienkomst te sjen mei de fjouwer wynrjochtingen noard, súd, east en west.

Godheden en oare entiteiten

Begrippen

Wikedagen en feestdagen

Om't it ferbân tusken de wikedagen en de, sichtbere, himellichems yn West-Jeropa net bekend wie, waarden de planetenammen almeast oerset yn de betsjuttings fan goadenammen. Sa hjitte snein en moandei nei de sinne en de moanne, en sneon sinnejûn, wylst de oare dagen nei goaden hjitte: tiisdei komt Tiwaz-dei, woansdei is ferneamd nei Weda, tongersdei nei Tonger en freed nei Freya.

In soad nammen, begrippen en brûken dy't yn ús hjoeddeiske maatskippij foarkomme, stamje noch út us heidenske foarskiednis: sa binne de hjeldagen lykas Peaske en Krysttiid ferkristlike foarmen fan heidenske jiertiidsfeesten, it midwinterfeest en it maitiidsfeest.

Sa liket us Sinteklaas in protte op Weda (Skandinaavje: Odin) sa as dy te sjen is op inkelde ôfbylden. Foarbylden hjirfan binnen syn burd, hoed (ferfongen troch in miter), spear (stêf no) en mantel. Bûtendat rydt Weda ek yn de loft op in griis hynder neamd Sleipnir, lykas Sinteklaas oer de dakken op syn skimmel. It struien mei letters wurdt wol keppele oan it feit dat Weda de minske de runetekens jûn hat.

Njoggen wrâlden

Sjoch ek

keppeling om utens