Springe nei ynhâld

Potsdamer Platz: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
No edit summary
L st
 
Rigel 1: Rigel 1:
[[Ofbyld:PotsdamerPlatz Vogelperspektive 2004 1.jpg|thumb|300px|Loftfoto fan Potsdamer Platz: lofts it DaimlerChryslerkertier mei it debis-Haus en Kollhoff-Toer, yn'e midden de toer fan de Deutsche Bahn, rjochts it Sonysintrum, en foaroan it Beisheimsintrum]]
[[Ofbyld:PotsdamerPlatz Vogelperspektive 2004 1.jpg|thumb|300px|Loftfoto fan Potsdamer Platz: lofts it DaimlerChryslerkertier mei it debis-Haus en Kollhoff-Toer, yn 'e midden de toer fan de Deutsche Bahn, rjochts it Sonysintrum, en foaroan it Beisheimsintrum]]
'''Potsdamer Platz''' is in drok ferkearsplein yn it sintrum fan [[Berlyn]] yn de wyk [[Berlin-Tiergarten|Tiergarten]]. It is neamd nei de stêd [[Potsdam]]. Foar de [[Twadde Wrâldkriich|twadde wrâldkriich]] wie it in plak fan belang, mar wie yn de kriich foar it grutste part skansearre. Yn [[1961]] waard de [[Berlynske muorre]] dwers oer it plein oanlein. In nuver gegeven is dat oant [[1989]] noardlik fan de Potsdamer Platz in stik [[East-Berlyn|Eastberlynsk]] grûngebiet oan de westkant fan ''de muorre'' lei, de Lenné-Dreieck. Dat trijehoekich stik lân tusken Ebertstrasse, Lennéstrasse en Bellevuestrasse, wie Eastberlynsk grûngebiet, mar wie ôfsletten fan it easten om't de muorre in sa koart mooglik paad folgje moast fan de Potsdamer Platz nei de [[Brandenburger Tor]], nammentlik fia de Eberstrasse.

De hjoeddeiske ferzje sûnt 24 jul 2020 om 02.52

Loftfoto fan Potsdamer Platz: lofts it DaimlerChryslerkertier mei it debis-Haus en Kollhoff-Toer, yn 'e midden de toer fan de Deutsche Bahn, rjochts it Sonysintrum, en foaroan it Beisheimsintrum

Potsdamer Platz is in drok ferkearsplein yn it sintrum fan Berlyn yn de wyk Tiergarten. It is neamd nei de stêd Potsdam. Foar de twadde wrâldkriich wie it in plak fan belang, mar wie yn de kriich foar it grutste part skansearre. Yn 1961 waard de Berlynske muorre dwers oer it plein oanlein. In nuver gegeven is dat oant 1989 noardlik fan de Potsdamer Platz in stik Eastberlynsk grûngebiet oan de westkant fan de muorre lei, de Lenné-Dreieck. Dat trijehoekich stik lân tusken Ebertstrasse, Lennéstrasse en Bellevuestrasse, wie Eastberlynsk grûngebiet, mar wie ôfsletten fan it easten om't de muorre in sa koart mooglik paad folgje moast fan de Potsdamer Platz nei de Brandenburger Tor, nammentlik fia de Eberstrasse.

Nei it ôfbrekken fan de muorre yn 1989 kaam de opbou fan de Potsdamer Platz, dit resultearre yn de grutste boustee fan Jeropa. Der kamen nije gebouwen op in lege flakte dy't ûntstien wie: û.o. it Daimler-Chrysler, Sony en de Deutsche Bahn hawwe harren haadkertieren dêr fêstige.

Yn 1990, krekt nei de fal fan de muorre, wie der in rockkonsert jûn troch Roger Waters: The Wall.

It plein is ferneamd om ferskate teäters, filmhûzen en bioskopen. Der binne û.o. twa IMAX teaters fêstige mei it grutste bioskoopskerm fan Dútslân, dêr't films yn 3 D sjoen wurde kinne.

It plein is mei tunnels oansletten op it spoarnetwurk. Op it stasjon fan de S-Bahn stopje de S1, S2 en S25. Op it yn de jierren '90 nij boud stasjon stopje sûnt 28 maaie 2006 de saneamde Regionalzüge. Ek is it plein te berikken mei de metro U2 en stopje der bustsjinsten.

De lokaasje fan de eartiidske Berlynske Muorre is op guon plakken mei stiennen yn de diken oanjûn.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]