Seist

Nederlânske gemeente
(Trochferwiisd fan Zeist)

Seist[1] (Nederlânsk en offisjeel: Zeist) is in gemeente en stêd yn it midden fan de provinsje Utert. De gemeente hat 66.662 ynwenners (1 jannewaris 2024), boarne: CBS) en hat in oerflak fan tsjin de 50 km² (wêrfan mar in minym bytsje wetter). Njonken it haadplak Seist telt de gemeente fjouwer doarpen: Austerlitz, Bosch en Duin, Den Dolder en Huis ter Heide. Troch de fêstiging fan it Slot Seist yn de gemeente, wurdt Seist wol Slotstêd neamd.

Seist
Zeist

Slot Seist
flagge wapen
lokaasje
polityk
lân flagge fan Nederlân Nederlân
provinsje Utert
boargemaster Koos Janssen (CDA)
sifers en geografy
haadplak Seist
grutste plak Seist
ynwennertal 66.662 (1 jannewaris 2024)
befolkingstichtens 1361 / km²
oerflak 48,65 km²
● wêrfan lân 48,51 km²
● wêrfan wetter 0,14 km²
tal doarpen 4
ferkearsieren , , , ,
Rhynspoarline, Siftske Spoarline
skiednis
oprjochte 1811
oar
netnûmer 030
postkoade 3700-3709
tiidsône UTC +1
simmertiid UTC +2
webside www.zeist.nl
Topografyske gemeentekaart fan Seist
Kaart fan de gemeente Seist yn 1867
Alde tsjerke fan Seist
Bruorreplein
Susterplein
Eardere PTT-kantoar fan Seist
Huzinge Kosmos yn Seist
Hermitage yn Seist
Nije Tsjerke fan Seist

De gemeente leit yn it boskrike gebiet fan de Utertske Heuvelrêch en hat in grien karakter.

Oantal ynwenners per wenkearn of kearngebiet op 1 jannewaris 2021:

Seist 53.930
Den Dolder 4.515
Bosch en Duin 1.720
Austerlitz 1.705
Huis ter Heide 3.140

Boarne: CBS[2]

Skiednis en arsjitektuer

bewurkje seksje

Yn in oarkonde út it jier 838 waard foar it earst melding makke fan "Seist" (Kolman, 1996; Groenedijk, 2000). De namme hat mooglik te krijen mei de pleatslike grûn of fegetaasje. It jier fan stichting soe te meitsjen hawwe mei de Stoarmfloed fan 838.

Op 23 maart 838 skonk Greve Rodgar oan de St. Maartenstsjerke yn Utert meardere besittings yn it goa Leomeriche en op oare plakken, en krige dêrfoar oare besittings fan dizze tsjerke, lizzend yn Groessen, Seist, Leusden, Hees en Doorn, libbenslang yn gebrûk tsjin betelling fan syns. "...villa Seist familias VI cum terris et edificiis earum,..."

Op 28 maaie 1279 skonken Godfried fan Zeyst, ridder, en syn soan Johannes, oan de priorin en it konvint fan Frouljuskleaster yn Oostbroek, dêr't syn dochter Petronella opnomd is, de wjittering dêr't de hof Stoetweghe op ôfwettere, plus de grove en smelle tienden fan 9 hoeven lizzend yn Dincslo, dy't se fan de elekt fan Utert yn lien holden. Oan it geslacht fan Seist kaam net folle letter min ofte mear in ein. Min ofte mear, want yn it jier 1360 troude de lêste (froulike) telch út de famylje fan Seist mei in lid fan de famylje Borre fan Amerongen. Hja krigen in soan dy't, om de famyljenamme fan de mem te hâlden, har efternamme keas, en tagelyk it famyljewapen fan de Borre fan Amerongens oannaam. Krekt dizze takke, mei as manlike bloedline Borre fan Amerongen, de namme Fan Seist en it famyljewapen fan Borre fan Amerongen (yn wizige kleuren) wie as iennige noch yn libben.

Benammen ôfskriften út de rjochterlike argiven joegen al ier ferwizings nei de delsetting Seist. (Op in kaart út 1541 stiet it eardere kastiel, dat destiids noch mar in donjon wie.) Op 27 oktober 1536 lieten de Steaten fan Utert in list opstelle fan huzen, dy't as ridderhofstêden erkend waarden en dus doe noch yn te ferdigenjende steat wiene. Op dy list kaam ek "Dat huys te Zeyst" foar.

De kearn fan de delsetting wie by de hjoeddeiske (1e en 2e) Doarpsstrjitte. Hjir ferriisde oan de ein fan de 12e iuw in tsjerke, wêrfan de toer no diel útmakket fan de fierder út de 19e iuw datearende Herfoarme tsjerke. Flak lâns de Doarpsstritte soe oant yn de Midsiuwen in sydearm fan wat no de Kromme Ryn hjit streamd hawwe, dy't úteinlik tichtslibbe. By it doarp waarden ek trije ridderhofstêden boud: it al neamde Hûs te Seist, en Kersbergen en Blikkenburg.

De ûntwikkeling van Seist waard tige beynfloede troch de bou fan Slot Seist (1677-1686), dêr't tsjintwurdich geregeld eksposysjes hâlden wurde fan moderne keunstners. Yn 1746 stiften leden fan de Evangelyske Bruorregemeente in delsetting yn Seist, wat resultearre yn de gebouwen dy't no oan it Bruorreplein en it Susterplein steane. Yn 1811 waard Seist in bestjoerlike gemeente.

Oan de Utertske Bovenweg stiet kastiel 't Kerckebosch dat as hotel fan de Bilderberggroep brûkt wurdt.

Yn de 19e iuw kaam Seist yn trek as wenplak foar de riken en waarden talleaze bûtens oanlein, lykas Sparrenheuvel, Lenteleven, Ma Retraite en Molenbosch. Benammen yn de 20e iuw waarden guons hjirfan foar wenningbou sloopt of ferkavele. Tagelyk kamen der nije "moderne" gebouwen by, lykas it gebou fan de PUEM boud yn 1931 Amsterdamske Skoalle en ek De Nije Muzykskoalle fan de hân fan Gerrit Rietveld boud yn 1932; beide lizzend oan de Utertse Wei. Dat dit net sûnder slach of stjit gie, blykt út neifolgjend sitaat : B. en W. hebben gelijk in het bestrijden van de Nije Saaklikheid omdat het primitieve probeersels zijn van Barbaarse volksstammen.

De gemeente leit yn it boskrike gebiet fan de Utertske Heuvelrêch en docht dêrmei dan ek wol "grien" oan. De gemeente wudt begrinzge yn it noarden oan Baarn, yn it noardeasten oan Soest, yn it easten oan Amersfoart en Leusden, yn it súdeasten oan Woudenberg, yn it suden oan de gemeente Utertske Heuvelrêch, yn it súdwesten oan Bunnik, yn it westen oan Utert en yn it noardwesten oan De Bilt.

Wiken en buerten

bewurkje seksje

De gemeente Seist bestiet út fiif wiken: Seist-Noard, Seist-East, Seist-West, Seist-Sintrum en Den Dolder. De namme Seist-Súd bestiet net.

De wyk Seist-Noard bestiet út de buerten:

De wyk Seist-East bestiet út de buerten:

De wyk Seist-West bestiet út de buerten:

De wyk Seist-Sintrum bestiet út de buerten:

De wyk Den Dolder bestiet út buerten:

De gemeente Seist hat twa treinstasjons: stasjon Den Dolder en Stasjon Driebergen-Seist, dit leit foar it meastepart yn it doarp Driebergen-Rijsenburg en foar in part yn de gemeente Seist (Odijkerweg). Foar de iepening fan it eardere stasjon yn it sintrum fan Seist hjitte dit stasjon Seist-Driebergen, nei de sluting fan stasjon Seist (1942) is dit wer Driebergen-Seist woarn.

Stasjon Driebergen-Seist is in intercity stasjon en fan Driebergen-Seist ôf binne Arnhim, Schiphol, Utert en Amsterdam direkt berikber. Mar stasjon Den Dolder is in sprinter stasjon.

Seist leit yn it boskrike gebiet fan it Nasjonaal Park Utertse Heuvelrêch.

Oare ynformaasje

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Bûsboekje 2005, Ljouwert, 2005 (KFS), ISBN 9 08 06 25 248, s. 152.
  2. Sintraal Buro foar de Statistyk

  • Gemeente Seist
  • Kaart
  • Groenedijk, T. (2000). "Nederlandse plaatsnamen". Slingenberg Boekproduksjes, Hoogeveen. ISBN 90-76113-815.
  • Kolman, C. et al. (1996), "Monumenten in Nederland: Utrecht", p. 314–323. Waanders Utjouwers, Swol. ISBN 90-400-9757-7.
  • gemeentearchyf, gemeenteargivaris R.P.M. Rhoen

  Seist  
Doarpen:
AusterlitzBosch en DuinDen DolderHuis ter HeideSeist
  ·   ·  
Utert
 
Flagge fan de provinsje Utert
Aldewetter - Amersfoart - Baarn - De Bilt - Bunnik - Bunschoten - Eemnes - Fiifhearelannen - Houten - Iselstein - Leusden - Lopik - Montfoort - Nieuwegein - Renswoude - Rhenen - De Rûne Feanen - Seist - Soest - Stichtske Fecht - Utert (haadstêd) - Utertske Heuvelrêch - Veenendaal - Wyk by Duerstede - Woudenberg - Woerden
  ·   ·