Yr. D.F. Woudagemaal
It Yr. D.F. Woudagemaal is it grutste noch wurkjende stoomgemaal yn 'e wrâld. It gemaal stiet by Teakesyl (flak by De Lemmer) en wurdt noch brûkt om it wetterpeil yn Fryslân te ferleegjen as it J.L. Hooglandgemaal by Starum net genôch kapasiteit leverje kin.
It gemaal is ferneamd nei Yr. Dirk Frederik Wouda, haadyngenieur fan de Provinsjale Wettersteat fan Fryslân, dy't tegearre mei Yr. Dijxhoorn tekene foar it ûntwerp. De masjines binne makke by Jaffa yn Utert.
It gemaal is op 7 oktober 1920 iepene troch Keninginne Wilhelmina. De seis koalenstookte stoomtsjettels binne yn 1955 ferfongen troch fjouwer nije tsjettels fan Werkspoor, dy't yn 1967 omboud binne nei oaljestook. Oant 1966 wie it Woudagemaal ferantwurdlik foar it op peil hâlden fan de boezem fan Fryslân. Yn dat jier waard yn Starum it J.L. Hooglandgemaal oplevere dat it deistich wurk fan it Woudagemaal oernaam. It Woudagemaal draait no op syn heechst in dei as wat yn it jier.
Sûnt 1998 stiet it gemaal op de UNESCO wrâlderfskipslist en yn de Top 100 fan de Nederlânske UNESCO-monuminten.
-
Stoommasine yn it Woudagemaal
-
Waaierpompen en swangrêden
-
Stoomtsjettel
-
Oaljekannen
Sjoch ek
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |