Winston Churchill

Sir Winston Leonard Spencer Churchill, (Woodstock, 30 novimber, 1874 - Londen, 24 jannewaris, 1965) wie in Britske politikus, dy’t foaral ferneamd wurden is as earste minister fan it Feriene Keninkryk ûnder de Twadde Wrâldkriich. Yn syn libben hat Churchill ferskillende beroppen hân wêrûnder soldaat, sjoernalist, skriuwer en politikus. Churchill wurdt yn de wrâld erkend as ien fan de grutste lieders.

Winston Churchill
Churchill wiist troch nei dizze side. Foar oare betsjuttings fan dat begryp, sjoch: Churchill (betsjuttingsside).

Wichtige prestaasjes

bewurkje seksje

Winston Chuchill hat as politikus en steatsman foar mear as in heale iuw in wichtich en kontrofersjele rôl yn Ingelân spile. Hy is foaral ferneamd wurden as Britske Earste minister tidens de Twadde Wrâldkriich. Syn spesjale manier fan lieding jaan wie tige effektyf. Hy koe goed yn it iepenbier prate en syn militêre ynsjoch wie goed, syn kennis wie dan ek better as fan Stalin en as dy fan Roosevelt. En hy wie in besieljende kriichslieder fan Ingelân en fan de Alliearden. Syn wurden "We shall fight on the beaches … we shall never surrender" is wrâld ferneamd wurden. Dizze útspraken jouwe by guon minsken noch it einepikefel.

Sir Winston Leonard Spencer Churchill is berne yn Blenheim Palace yn Oxfordshire op 30 novimber 1874. Hy wie de soan fan Lord Randolph Churchill en Jeanette Jerome. Hy wie in muolik bern en wie fan jongs ôf oan al ynteressearre yn kriich. Yn 1891 wurdt Churchill in kavalerykadet op Sandhurst. Yn 1896 hat er tsjinne yn Britsk Yndia.

Churchill hie noch in twadde passy yn syn libben en dat wie skriuwen. Hy skreau yn 1898 syn earste boek en jout dêr yn krityk op de legerlieding. Datselde jier mocht er oan de slach as ferslachjouwer by de slach fan Omdoerman, mei generaal Kitchener. Mar mei útbrekken fan de Twadde Boere Frijheidsoarloch yn Súd-Afrika is hy troch de Morning Post as ferslachjouwer nei Súd-Afrika stjoerd. Dêr is hy troch de boeren yn Natal finzen naam, mar koe ûntkomme. Doe't hy yn 1900 nei Ingelân werom gie liet er him kieze as konservatyf lid fan it legerhûs. Yn 1904 rûn hy oer nei de liberale partij. Dat die er omdat hy it net iens wie mei de plannen fan Neville Chamberlain. Tusken 1905 en 1910 wie hy ûnderminister fan koloanjes en minister fan hannel en binnenlânske saken.

Yn 1911 waard hy haad fan de fleat. Hy begûn daliks mei de opbou fan de Britske fleat. Mar yn de Earste Wrâldkriich makke hy in fout. Hy woe in lâning dwaan by Gallipoly yn Turkije. Hy tocht dat dit maklik koe mar dêr hat er him op fersjoen. De lâning mislearre en in soad Britske soldaten fûnen dêr de dea. Churchill moast ôftrede. Dit wurdt wol sjoen as syn grutste djiptepunt yn de syn karriêre.

 
Churchil wuift nei de minsken neidat hy sein hat dat de kriich foarby is

Mar sa gau as er ûntslein waard sa maklik waard er ek wer oannaam. Yn 1917 naam Lloyd George him oan as minister fan munysje. Hy besocht as minister fan koloanies tegearre mei Lloyd George in fredesferdrach te sluten mei Sinn Fein yn Ierlân. Dat makke de konservativen poer lilk. Mar dôchs makke it net út dat Churchill werom gie nei de konservativen. Hy waard minister fan finânsjes fan 1924 oant 1929. Dat hy sa oerstappe koe sûnder gesichtsferlies is wûnderbaarlik. Mar hy die alles sa ûnôfhinklik mooglik hy wie net bûn oan in partij. Fan 1929 oant 1939 siet hy net yn in kabinet. Mar dêrom die hy syn sechje noch wol. Hy hat de regearingen fan Baldwin en Neville Chamberlain faak sein dat se om de macht fan Adolf Hitler en syn Tredde Ryk tinkemoasten.

Oan it begjin fan de Twadde Wrâldkriich waard Churchill wer oansteld as haad fan de fleat en op 10 oktober 1940 waard er de earste minister, yn it Ingelsk prime minister. Yn juny 1945 ferlear syn partij de ferkiezings en wurdt Churchill lieder fan de opposysje. Dit ferlies hat er eins nea snapt. Hy hie Ingelân feilich de kriich troch krigen en hy wûn en noch wie dat foar de minsken net goed genôch. Dôchs is er trochgien yn de polityk. Hy hat altyd warskôge foar it Sowjet ymperialisme. Hy fûn dan ek dat Ingelân mear kontakt sykje moast mei de Feriene Steaten. Hy wie ek foarstanner fan in snelle fersoening mei Dútslân. Dit soe der foar soargje dat der gau in feriene Jeropa komme soe.

Churchill is yn 1953 ta ridder slein. Yn 1955 is hy fanwege âlderdom ôftreden. Mar hy hat oant 1964 lid fan it legerhûs west. Koart dêrnei is hy op 24 jannewaris 1965 ferstoarn. By it te hof bringen kaam alle wurdearring foar syn dieden nei foaren. Hy krige in steatsbegraffenis.

Churchill hat yn 1953 de Nobelpriis foar de Literatuer krigen.

Keppeling om utens

bewurkje seksje