Kompetysje
Kompetysje (fan it Frânske competition) is in ferskynsel dat him foardocht as twa partijen stribje nei in doel dat net dield wurde kin. In skaaimerk fan dit fenomeen is dat der (ornaris) mar ien winner wêze kin, en dat alle oare partijen ferliezers binne. Kompetysje wurdt faak beskôge as it tsjinstelde fan gearwurking, hoewol't yn 'e reäliteit de measte sitewaasjes mingfoarmen fan beide binne. As ferskynsel wurdt kompetysje bestudearre troch ferskate tûken fan de wittenskip, wêrûnder psychology, sosjology, antropology en biology.
Kompetysje komt foar yn 'e natoer, sawol tusken bisten fan ferskillende soarten, as tusken eksimplaren fan deselde soarte. It doel dêr't yn sokke gefallen om striden wurdt, is faak iten, territoarium, de kâns op fuortplanting en, by sosjale bisten lykas apen of wolven, sosjale status en liederskipsposysjes. Ek planten kenne kompetysje, bgl. om it measte sinneljocht op te fangen.
Yn de minsklike maatskippij is kompetysje ien fan 'e wichtichste skaaimerken fan frije-merkekonomyen, wêryn't bedriuwen mei-inoar stride om 'e geunst fan 'e klant en om in sa heech mooglike winst. Kompetysje op ekonomysk mêd wurdt almeast omskreaun as konkurrinsje. Op it nivo fan gewoane minsken komt ek in soad kompetysje foar, benammen om rykdom, macht, erkenning en prestiizje (faak yn 'e foarm fan prizen), en seksuële partners.
Kompetysje tusken minsken wurdt lykwols benammen assosjearre mei sport, wêryn't lju it tsjininoar opnimme op it mêd fan fysike krêft en feardichheid. In inkele kompetysje op it mêd fan sport wurdt oer it algemien in wedstryd neamd. In stikmannich byinoar hearrende wedstriden foarmje yn dy kontekst in kompetysje. In inkel evenemint wêrby't twa fuotbalteams it tsjininoar opnimme, is bgl. in fuotbalwedstryd, mar alle wedstriden fan in groep byinoar hearrende fuotbalteams út in seizoen foarmje in fuotbalkompetysje. De lieding oer in wedstryd is yn 'e regel yn 'e hannen fan in skiedsrjochter, of by guon sporten (lykas keunstdûken of keunstriden) fan in sjuery. Sokken toetse it ferrin fan in wedstryd oan yn 't foar opstelde spulregels.
Spesjale soarten wedstriden binne de thúswedstryd, in wedstryd dy't op eigen terrein spile wurdt, en de útwedstryd, in wedstryd dy't op 'e gerjochtichheid fan 'e tsjinpartij spile wurdt. As der twa byinoar hearrende wedstriden binne fan deselde partijen, sprekt men by de lêste fan 'e beide wedstriden fan in return of in returnwedstryd. In wedstryd wêrby't it derom giet om sa fluch mooglik in taak te folbringen, is in race.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |