Tsjamme
De Tsjamme wie yn de midsiuwen it grinsrivierke tusken de Grinslânske streken en âlde Fryske goaen it Aldamt en Reiderlân en ek tusken de bisdommen Münster en Osnabrück. Op in stuit is de Tsjamme rjochte dat it kin ek wêze dat it in groeven kanaaltsje is. It Aldfryske wurd tiā betsjut rjocht (meitsje).
Oan de westlike en de noardlike kant fan de Tsjamme leinen ûnder mear de karspels Meeden, Eexta, Midwolda, Oostwold, Finsterwolde, East-Finsterwolde en it ferdronken doarp Megenham. Oan de súdkant leinen Westerlee, Wynskoat, Beerta en Ulsda. De grins wurd yngeand beskreaun yn in ferdrach fan 1391:
- Item de Thyamme begint uyt Tydwyneda borch in de Wyneda ham, ende loopt op, voorbey Rederwolde, ende voort door Meggeham, ende door Torptsen, voorby Finsterwolda, Oostwolda, Midwolda, tusschen Bertsather ende Wintschoter mit haren parten, die aen der zuyder zyt der Thyammen liggen gelandet, ende strecket voort, over dat moer, recht westwert in de Zype, die gelegen is tusschen Schemeder, Extinger ende dat Convent te Heliger Lee, ende voort aen dat smalle steenhuys in der Op Ext, geheten Nemeke Eppens Steenhuys, went an den Zantwech.
Oant yn de tweintichste iuw wie de Tsjamme de gemeentegrins tusken Midwolda en Wynskoat, Beerta en Finsterwolde. Ek no noch is it rivierke de grins tusken Scheemda en Wynskoat.
Literatuer
bewurkje seksje- G.A. Stratingh en G.A. Venema, De Dollard, (Grins, 1855).