The Heart of Valor
The Heart of Valor is in science fiction-roman fan 'e hân fan 'e Kanadeeske skriuwster Tanya Huff. De titel betsjut: "It Hert fan Moed". It boek fertelt it ferhaal fan sersjant Torin Kerr, dy't op 'e nij op in drege missy har mariniers yn libben sjen moat te hâlden. The Heart of Valor is it trêde diel fan 'e fiifdielige Valor-searje, dy't sels wer ûnderdiel útmakket fan 'e gruttere Confederation-searje. De roman waard yn 2007 publisearre troch de New Yorkske útjouwerij DAW Books, mei in omslach makke troch Paul Youll. Neitiid folge in werútjefte by de Britske útjouwerij Titan Books (ûnder de oanpaste titel The Heart of Valour).
The Heart of Valor | ||
algemiene gegevens | ||
auteur | Tanya Huff | |
taal | Ingelsk | |
foarm | roman | |
sjenre | science fiction | |
1e publikaasje | 2007, New York | |
oarspr. útjwr. | DAW Books | |
rige | ||
rige | Valor-searje | |
● foarich diel | The Better Part of Valor | |
● folgjend diel | Valor's Trial | |
kodearring | ||
ISBN | 978-0 75 64 04 819 |
Eftergrûn
bewurkje seksjeDe Confederation-searje spilet yn in takomst wêryn't de minskheid him oansletten hat by de Konfederaasje, in ûnbidich grut steatsferbân mei tsientallen bûtenierdske rassen. De stifters fan 'e Konfederaasje binne de saneamde Aldere Rassen, dy't in nivo fan beskaving berikt hawwe dêr't geweld, om lykfol hokker reden, as ûntalitber beskôge wurdt. Sterker noch, hja grize fan geweld en kinne harsels der net iens mear ta bringe om geweld te begean. Nei de oprjochting waarden by de tiid lâns stadichoan oare rassen ta de Konfederaasje talitten sadree't dy itselde nivo fan beskaving berikt hiene. Dy letter talitten rassen binne de saneamde Middelrassen.
Doe't de Konfederaasje lykwols fiifhûndert jier lyn oanfallen waard troch in oar grut steatsferbân, de Primasy, sieten de Aldere Rassen en de Middelrassen mei de hannen yn 't hier om't de pasifistyske Konfederaasje net oer in leger of in float beskikte. Harren oplossing wie om 'e minder beskaafde Minsken, Taykan en Krai (de saneamde Jongere Rassen) yn 'e Konfederaasje op te nimmen, dy't gjin swierrichheden hiene om har oan te passen fan planetêre ta ynterstellêre oarlochfiering.
Ynhâld
bewurkje seksjeSersjant Torin Kerr fan it Marinierskorps fan 'e Konfederaasje sit fêst op it romtestasjon Ventris, dêr't se ta har ôfgriis moannenlang lêzings jaan moat oan hieltyd wikseljende groepen ofsieren en ûnderofsieren oer har ûnderfinings op Silsvah, de planeet fan 'e Silsviss (sjoch: Valor's Choice). Dy sille ommers yn 'e takomst ek troepen bydrage oan it Korps. Torin hie folle leaver oan it front tsjinne, yn 'e oarloch tsjin 'e Primasy, as kear op kear, dei nei dei hieltyd op 'e nij deselde foarfallen te bepraten, mar oarders binne no ien kear oarders. It iennichste dat de sleur trochbrekt, binne de koarte besiken fan har frijer Craig Ryder, in boarger dy't him taleit op 'e berging fan 'e wrakken fan troch oarlochfiering ferrinnewearre romteskippen fan 'e Konfederearre en Primatyske floaten.
Torin hat kunde krigen oan Craig ûnder harren besyk oan it reuseftige ferlitten romteskip dat se 'Grut-en-Giel' neamd hawwe (sjoch: The Better Part of Valor). Torin hie Craig dêrwei yn in rêdingskapsule nei it marineskip de Berganitan stjoerd, om syn eigen skip, de Promise, op te heljen, dy't yn in hangaar fan 'e Berganitan meibrocht wie. Mei de Promise wisten Torin en har mariniers úteinlik krekt op 'e tiid Grut-en-Giel te ûntflechtsjen ear't it mysterieuze romteskip syn motors opstarte en út de romte fan 'e Konfederaasje ferdwûn. Fan 'e rêdingskapsule fan Grut-en-Giel, dy't efterbleau op 'e Berganitan, hat Craig neitiid lykwols neat mear heard, en om't hy dejinge wie dy't yn it ding syn libben weage, fynt er dat hy de bergingsrjochten hat. As er lykwols neifraach begjint te dwaan by de marine en it marinierskorps, stjit er op in muorre fan ûnbegryp: de lju lykje wier net te witten wêr't er it oer hat. En as Torin op syn fersyk de kwestje oankaartet by har superieur, generaal Morris, beskuldiget dy har derfan dat se dingen byinoar fantasearret.
Torin begjint dan te tinken dat by alle belutsenen útsein harsels en Craig de oantinkens oan it bestean fan 'e rêdingskapsule útwiske binne. Se fermoedet dat de Aldere Rassen dêrefter sitte, yn 't bysûnder de H'san, dy't se net fertrout. Wat harsels en Craig ûnderskiedt fan alle oare belutsenen, is dat se op Grut-en-Giel troch dat nuvere skip scand binne doe't se troch de flier sakken, wêrby't it folle langer duorre as nedich wie om it ûnderlizzende dek te berikken (sjoch: The Better Part of Valor). De iennichste oare (libbene) persoan dy't datselde ek oerkommen is, is yrritante de Katrien-sjoernaliste Presit a Dur turValintrisy. Torin freget Craig dêrom en meitsje kontakt mei Presit, om te sjen oft har teory kloppet, want yn dat gefal soe Presit ek noch fan it bestean fan 'e rêdingskapsule ôfwitte moatte. En as bykommende bonus soe dat dan it gefolch hawwe dat de tige fêsthâldende Presit loslitten wurdt op 'e H'san, wat Torin net mear as rjochtfeardich fynt as de H'san mei it ûnthâld fan oaren omprutse.
Underwilens wurdt Torin sels ferlost út har lêzingesirkwy op Ventris Station as har opdroegen wurdt om mei te gean op in treningsmissy nei Crucible ("Smeltkroes"), de planeet dy't it Marinierskorps brûkt om rekruten te trenen. Mei ien fan 'e pelotons wurdt diskear nammentlik ek majoar Goran Svensson útstjoerd, in ofsier ûnder wa't Torin earder tsjinne hat. De man wie oan it front sa swier ferwûne rekke dat der amper mear fan him oerwie as syn harsens en syn rêchbonke. No is it yn Torin har tiid hiel gewoan om by soldaten in nije earm of skonk oangroeie te litten as se sa'n lichemsdiel ferlern binne, mar majoar Svensson is de earste dy't hast hielendal fanôf niks werboud is, mei ynset fan revolúsjonêre genêskundige praktiken. Sa is yn syn lofterearm de organyske bonke ferfongen troch in nij soarte plestik, besteande út polyhydrokside alkoholiden. De trip nei Crucible is bedoeld om alle fernijings te testen yn kontrolearre sitewaasje. It is Torin har taak om op 'e treningsplaneet majoar Svensson en syn behannelster, dokter Kathleen Sloan, te begelieden en derfoar te soargjen dat harren neat oerkomt.
Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan it ferhaal beskreaun.
As jo it ferhaal sels lêze wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze. |
Torin-en-dy wurde yndield by it peloton fan sersjant di'Allak Beyhn, de Taykan-sersjant-ynstrukteur dêr't Torin sels goed njoggen jier lyn ek noch har basistrening fan ûntfongen hat. Harren peloton moat in treningssenario trochrinne yn it Arktysk gebiet fan Crucible. Hoewol't Torin en majoar Svensson allebeide yn 't foar de planning foar de trening krigen hawwe, rint it spul ienris op Crucible oankommen al rillegau mis. Beyhn hâldt en draacht him nuver, en de ferwachte oanfal fan de drones dy't op 'e treningsplaneet de striidkrêften fan 'e Primasy simulearje, bliuwt út. Dan, de oare deis, as der gjin oanfal yn de plenning stiet, wurdt it peloton dochs noch oanfallen. En net inkeld troch drones bewapene mei mitrailleurs, mar ek troch in tank. It is inkeld oan it flugge yngripen fan Torin te tankjen dat it hiele peloton rekruten net útrûge wurdt, hoewol't der likegoed in deade falt.
As dan ek noch it romtestasjon dat om Crucible hinne sirkelet, útskeakele wurdt mei in loftdoelraket, wêrby't tsientallen mariniers en marineminsken de dea fine, komme Torin, majoar Svensson, Beyhn en dy syn ûnderynstrukteurs, de sersjanten Kim Annatahwee en Jiir, ta de konklúzje dat de kompjûtersysteem fan Crucible hackt wêze moat troch de Primasy. It probleem is dat it romteskip dat harren op 'e treningsplaneet brocht hat, de NirWentry, ôfset is mei de rekruten dy't harren trening op Crucible folbrocht hawwe; it sil pas oer acht dagen weromkeare mei in nije lading rekruten fan Ventris Station. Oant dy tiid hawwe Torin-en-dy gjin mooglikheid om immen fan 'e swierrichheden op Crucible op 'e hichte te stellen, en sille se op 'e treningsplaneet sjen moatte te oerlibjen. Se beslute om fan it treningssenario ôf te wiken en in goed te ferdigenjen posysje te sykjen yn it sabeare doarp Dunstan Mills. Underweis dêrhinne moatte se noch ferskate swierrichheden oerwinne en mûklagen sjen te ûntrinnen dy't it systeem fan Crucible op harren paad bringt.
Wilens stoart sersjant Beyhn yn en rekket yn in nuveraardich soarte fan koma, ôfwiksele mei skoften fan dwyljen. Mei muoite kriget Torin út 'e oars sa iepenhertige Taykan-rekruten wat der oan 'e hân is. De Taykan hawwe trije libbensstadia. Inkeld de di'Taykan tsjinje yn 'e kriichsmacht, en teffens steane dy bekend as de minst kieskeurige wêzens yn it bekende hielal wat it útsykjen fan sekspartners oanbelanget. Sadree't se de 'feroaring' oankommen fiele, krije se lykwols op medyske grûnen ûntslach en keare se werom nei hûs, dêr't se har ûntjouwe ta qui'Taykan. Dat binne de iennichste Taykan dy't harren fuortplantsje kinne. Beyhn, sa docht bliken, hat de 'feroaring' te lang útsteld troch gebrûk fan yllegale medisinen, en ûndergiet him no op in tige stadige en pynlike wize. Om't oergong fan it di- nei it qui-stadium troch de Taykan beskôge wurdt as in maatskiplik taboe, fine de Taykan-rekruten it tige beswierlik om deroer te praten, en as Torin se ienris safier kriget, blykt dat se der amper wat oer witte. Beyhn wurdt dêrom oan 'e soargen fan dokter Sloan oerdroegen, dy't war docht om him sûnder ynformaasje oer syn oandwaning sa goed mooglik te behanneljen mei de krappe middels dy't yn dizze sitewaasje ta har beskikking steane.
Underwilens hat Craig Presit a Dur turValintrisy opspoard, dy't by har media-organisaasje Sector Central News min ofte mear yn ûngenede fallen is nei't har aventoer op Grut-en-Giel. Nettsjinsteande alle jild en middels dy't Sector Central News har jûn hie, wie Presit nammentlik mar mei in frij meager ferhaaltsje thúskommen. As Craig har fertelt oer it mystearje fan 'e ferdwûne rêdingskapsule, dy't sy har sûnder swierrichheden noch tebinnenbringe kin, hat se der sadwaande wol earen nei om efter dat ferhaal oan. Se ronselet Craig om foar kameraman te spyljen en set dan mei him ôf nei de planeet Cetem, dêr't ien fan 'e Katrien-wittenskippers wurket dy't ûnder de hiele episoade mei Grut-en-Giel oan board fan it marineskip de Berganitan wie. Dy Gad a Tur durEdkabidge wol Presit graach te wurd stean, mar ûnder it fraachpetear wurdt pynlik dúdlik dat se neat mear wit fan 'e rêdingskapsule dy't se mei eigen eagen sjoen hawwe moat. Presit rekket der dêrtroch fan oertsjûge dat der yndie by guon persoanen oantinkens útwiske binne, en tegearre mei Craig set se ôf nei Ventris Station om generaal Morris oan 'e tosk te fielen.
Op Crucible berikke Torin, majoar Svensson en it peloton, dêr't sy it befel oer fiere no't sersjant Beyhn yn koma leit, it doarp Dunstan Mills, dat troch it marinierskorps sa echt mooglik neiboud is om tsjinst te dwaan yn treningssenario's. Dat betsjut dat der ek in 'anker' is, in fortifisearre gebou dat tsjinst docht as mienskipssintrum en as plak fan taflecht yn tiden fan noed. Eltse nije koloanje yn 'e Konfederaasje begjint nammentlik mei it pleatsen fan sa'n 'anker', mei't dat by wet ferplichte is. Om't de muorren fan 'ankers' besteane út metaal dat makke is om it fakuum fan 'e romte te wjerstean, biede se ek prima wjerstân oan kûgels út fjoerwapens. Yn it 'anker' ferskânzet it peloton him, wylst it troch de efterfolgjende drones belegere wurdt.
Oankommen op Ventris Station hawwe Presit en Craig in ûnderhâld mei generaal Morris, dy't yndie neat mear ôfwit fan 'e rêdingskapsule. Under it ferbale duël tusken Presit en de generaal falt it each fan Craig op in plestik reliëf dat by wize fan keunstwurk oan 'e wand efter it buro fan 'e generaal hinget. As it plestik ta libben komt en in tentakeleftich útsteksel nei him ta útrikt, wit Craig generaal Morris einlings te oertsjûgjen dat der wier wat aparts oan 'e hân is. Undersyk wiist út dat it reliëf bestiet út selsbewuste polynûmerike molekulêre polyhydrokside alkoholiden, oftewol in soarte fan hyperyntelligint, fan foarm feroarjend, bûtenierdsk plestik. It wurdt no dúdlik dat Grut-en-Giel net in romteskip makke troch bûtenierdske wêzens wie, mar it bûtenierdske wêzen sels. Nimmen is dêr bliid mei, en dat wurdt noch helte minder as ûntdutsen wurdt dat it reliëf ferdwûn is, wierskynlik troch himsels op te dielen yn syn mikroskopysk lytse molekulêre ûnderdielen en yn dy foarm stilwei út te piken. Dat betsjut dat fan no ôf oan elts stik plestik yn 'e Konfederaasje fertocht is.
Op Crucible hat Torin yn 'e tuskentiid in fia in rige satelliten ferstjoerd en amper te ferstean berjocht ûntfongen fan sersjant-ynstrukteur Connie Dhupam, dy't mei in oar peloton yn 'e tropen operearret. Dêrút kin opmakke wurde dat Dhupam it kontakt mei it (delsketten) romtestasjon kwytrekke is, mar net wit wat der bard is en ek net oanfallen is troch de hackte drones. Dat is it lêste stikje ynformaasje dêr't Torin ferlet fan hat om 'e puzel op te lossen. Want as de oare treningspelotons net oanfallen binne, dat is it net de Primasy dy't it kompjûtersysteem fan Crucible hackt hat. Alle swierrichheden dy't har peloton trochstean moatten hat, dogge har tinken oan 'e beproevings fan harsels en har mariniers op Grut-en-Giel. Beide kearen liek it te gean om tests dy't derop rjochte wiene om te sjen wat se dwaan soene as se in beskaat probleem foarlein krigen. Dat feit keppele oan 'e ôfwikende gedragings fan majoar Svensson, dy't Torin oant no taskreaun hie oan 'e refalidaasje fan syn eardere ferwûnings, bringe har op in idee.
As se de majoar scanne lit troch dokter Sloan, befêstiget dy Torin har fermoeden: in diel fan 'e polyhydrokside alkoholiden dêr't de nije bonken yn 'e lofterearm fan 'e majoar fan makke binne, hawwe har troch syn lichem ferspraat nei syn harsens. As er sliept nimme de polyhydrokside alkoholiden de kontrôle oer syn lichem oer en dogge wat se wolle, wat blykber it hacken fan it kompjûtersysteem fan Crucible is. Dêrom lit Torin, nea ien foar heale maatregels, de majoar ûnferwachts ferdôvje, wêrnei't rekrút Hisht, in Krai út 'e hege beammen fan 'e Krai-thúswrâld dy't handich is mei soksoarte ark, him mei in heksebile yn ien klap de lofterearm ôfhoud. De oerbleaune polyhydrokside alkoholiden yn it lichem fan 'e majoar hawwe net in hegernôge konsintraasje om op eigen manneboet beslissings te nimmen, sadat dêrmei it gefaar ôfkeard is dat de majoar yn syn sliep noch langer as in soarte fan ferlingstik fan it bûtenierdsk plestik brûkt wurde kin.
Dat makket lykwols gjin ein oan 'e oanfallen op it 'anker' troch de drones dy't dêr al ta programmearre binne, en by ien fan dy oanfallen komt dokter Sloan om. Torin lit ien fan 'e rekruten in apparaatsje yninoar nifelje dat har by steat steld om mei de polyhydrokside alkoholiden yn 'e ôfhoude earm fan majoar Svensson te kommunisearjen, mar alles dat it bûtenierdske plestik te sizzen hat is: "Noch hieltyd ynformaasje oan it sammeljen." Nei't Torin en de rekruten ta it uterste gien binne om in twadde tank út te skeakeljen, lit Torin it kommunikaasje-ymplantaat yn har kaak ynsette om fia de satelliten nije, yninoar flânze oarders te stjoeren nei de drones, sadat der in ein komt oan 'e oanfal. Fersmoarge programmearring skansearret it ynplantaat lykwols sa, dat it oerferhjitte rekket en har ûnderkaak fernielt. As se neitiid op 'e grins fan bewusteleazens en bewustwêzen omdriuwkelet, heart se it bekende lûd fan in lâningsskip fan it marinierskorps: de rêding is neiby.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|