Steatsen
De term steatsen, ek wol de steatsksinnigen of de Steatske partij neamd, ferwiist nei trije ferskynsels yn 'e Nederlânske skiednis. Yn 'e earste beide gefallen is de beneaming ôflaat fan 'e Steaten-Generaal.
Steatsen as nasjonaliteit
bewurkje seksjeDe âldste betsjutting fan it begryp omfette de opstannelingen, dy't it yn 'e Tachtichjierrige Oarloch opnamen tsjin it gesach fan 'e Spaanske Kroan yn 'e Nederlannen (en dêrby oanfierd waarden troch de Steaten-Generaal fan de Nederlannen). Yn dy tiid beslacht it begryp steatsen:
- oant 1568: de protestanten yn 'e Nederlannen, dy't har fersetten tsjin 'e ûnderdrukking fan wat de autoriteiten 'ketterij' neamden, útmûnjend yn 'e oanbieding fan it Smeekskrift fan de Eallju.
- 1568-1576: de geuzen, dy't in wapene opstân tsjin it Spaanske gesach begûnen, de saneamde Opstân yn 'e Nederlannen. Letter soe dat it begjin fan 'e Tachtichjierrige Oarloch blike te wêzen.
- 1576-1579: de troch de Pasifikaasje fan Gint weriene Steaten-Generaal fan de Nederlannen, fertsjintwurdige yn 'e Uny fan Brussel.
- 1579-1588: De gewesten en stêden dy't oansletten wiene by de anty-Spaanske Uny fan Utert, en strieden tsjin 'e Spanjerst en de pro-Spaanske Uny fan Atert. Yn 1581 waard it Plakkaat van Verlatinghe útfurdige, dêr't de Spaanske kening mei ôfsward waard as rjochtsjildich hearsker.
- 1588-1795: De Republyk fan 'e Feriene Nederlannen, in ûnôfhinklik lân dat yn 1588 ûntstie en de foarrinner wie fan it letter Keninkryk fan 'e Nederlannen. Yn 'e Republyk wiene de Steaten-Generaal soeverein; de steedhâlders, dy't yn doetiidske bûtenlânske en moderne Nederlânske eagen faak in soarte fan foarsten lieken, wiene eins net mear as de oanfierders fan it Steatske leger en de Steatske float. De besette dielen fan 'e Súdlike Nederlannen kamen sadwaande Steatsk-Brabân, Steatsk-Flaanderen, Steatsk-Opper-Gelre en Steatsk-Oermaas te hjitten.
Steatsen as politike streaming
bewurkje seksjeIn nijere betsjutting foar it begryp 'steatsen' of 'steatsksinnigen' ûntstie yn 'e Republyk fan 'e Feriene Nederlannen foar de politike streaming dy't op 'e hân wie fan 'e Steaten-Generaal, yn tsjinstelling ta de oranjesinnigen of prinselju dy't op 'e hân wie fan 'e steedhâlders út it Hûs Oranje-Nassau. Dy steedhâlders wreiden nammentlik geandewei harren macht hieltyd fierder út yn it neidiel fan 'e Steaten-Generaal. Dat proses late ferskate kearen ta gewelddiedige botsings tusken oanhingers fan 'e beide partijen, lykas yn 1672, doe't Johan en Cornelis de Witt, lieders fan 'e steatsksinnige partij, lyncht waarden troch in oranjesinnige kliber. Uteinlik kamen oan 'e ein fan 'e achttjinde iuw út 'e steatsksinnigen de Patriotten fuort.
Steatsen yn 'e skoalstriid
bewurkje seksjeIn trêde betsjutting fan it begryp 'steatsen' hie te krijen mei de skoalstriid. Yn dat ferbân wie de term synonym mei 'iepenbier'. Iepenbiere legere skoallen waarden, alteast yn Fryslân, oant fier yn 'e tweintichste iuw oantsjut as 'steatsskoallen', en de skoalbern dy't nei dy skoallen giene, wiene 'de steatsen'.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Bronnen, noten en/of referenties, op dizze side. |