Seerôverij
Seerôverij of piraterij (fan it Frânske piraterie, dat komt fan it Latynske pirata, dat weromgiet op it Grykske πειρατής, peiratēs, mei de oarspronklike betsjutting "strûkrôver") is in die fan dieverij, geweld of oar krimineel hâlden en dragen op see, wêrby't in skip (ornaris in keapfardijskip) troch misdiedigers op ien of mear oare skippen of boatsjes oanfallen wurdt. Yn 'e regel is it de bedoeling om 'e lading en/of oare foarwerpen fan wearde te stellen. De dieders fan sokke misdriuwen wurde seerôvers of piraten neamd (hoewol't it wurd 'piraat', krekt as 'piraterij', ek oare betsjuttings hat). Seerôverij is fan alle tiden. De ierst dokumintearre gefallen datearje út 'e fjirtjinde iuw f.Kr., doe't de saneamde Seefolken de skipfeart yn it Eastlik Bekken fan 'e Middellânske See oanfoelen. Tsjintwurdich steane de kusten fan Somaalje en West-Afrika en de Strjitte fan Malakka bekend om seerôverij. Histoarysk foarmen de santjinde en de achttjinde iuw de heechtijdagen fan 'e 'klassike' seerôverij yn 'e Karibyske See. Seerôverij moat net betize wurde mei kaperij of kaapfeart, wêrby't de kapers dy't in skip oerfalle dêrta in fergunning hawwe fan it regear fan in lân. Kaperij wie foarhinne sadwaande in legitime foarm fan oarlochfiering, wylst seerôverij altyd in foarm fan organisearre misdie west hat.
Skiednis
bewurkje seksjeAldheid
bewurkje seksjeIt is reedlik om derfan út te gean dat seerôverij al bestiet salang't der skipfeart bestiet. Lykwols datearret it ierste dokumintearre gefal út 'e fjirtjinde iuw f.Kr., doe't de Seefolken de hannel yn 'e Egeyske See en it Eastlik Bekken fan 'e Middellânske See bedrigen. Yn 'e Klassike Aldheid stiene de Fenysjers, Illyrjers en Etrusken bekend as seerôvers. De âlde Griken beskôgen seerôverij as in earber berop. Ut Aldgrykske teksten, lykas de Ilias en de Odyssee fan Homearus, docht bliken dat it as in folslein normaal ferskynsel sjoen waard, en ek dat de ûntfiering fan froulju en bern troch seerôvers, om harren op in oar plak as slaven te ferkeapjen, in soad foarkaam. Tsjin 'e trêde iuw f.Kr. wiene de opfettings lykwols feroare, en waard it mank de Griken as in skande sjoen om foar jins libbensûnderhâld ôfhinklik te wêzen fan seerôverij.
Om dyselde tiid hinne wie it mank de Illyrjers, dy't de eastlike kust fan 'e Adriatyske See bewennen, noch hiel normaal. Harren praktyk om keapfardijskippen oan te fallen late ta ferskate konflikten mei de Romeinske Republyk, oant de Romeinen de Illyryske floaten yn 229 f.Kr. definityf fersleine. Yn 'e earste iuw f.Kr. waard de Romeinske skipfeart yn 'e Levantynske See bedrige troch seerôvers dy't operearren fan 'e Anatoalyske súdkust ôf. Yn 75 f.Kr. waard it skip fan Julius Caesar bgl. oerfallen, wêrnei't er troch Silisyske seerôvers in skoft finzen holden waard op it eilantsje Farmakousa, yn 'e Dodekanesos. Uteinlik weefde de Romeinske generaal Pompejus yn 67 f.Kr. mei de seerôvers út Silysje ôf nei in fearnsjier fan oarlochfiering op see.
Yn 'e tiid fan it Romeinske Ryk krigen de Romeinen te meitsjen mei Germaanske seerôvers. Al yn 258 plondere in float fan 'e Goaten en de Herulers de kusten fan 'e Swarte See en de See fan Marmara. Inkele jierren letter kamen ek de kusten fan 'e Egeyske See dêroan bleat te stean. Yn 264 berikten de Goaten Kappadoasje, oan 'e Anatoalyske súdkust, en yn itselde jier lânen se op Kreta en Syprus. Se stielen in ûnbidige soad bút en namen tûzenen boargers finzen. Yn 286 krige de Romeinske ofsier Karausius opdracht om 'e Frankyske en Saksyske seerôvers te eliminearjen dy't de kusten fan Armoarika (it hjoeddeistige Bretanje) en noardlik Galje teheisteren. Yn 'e earste helte fan 'e fyfde iuw waard de hillige Patrick, dy't letter Ierlân kerstenje soe, út syn bertelân Wales ûntfierd troch Ierske seerôvers en oare kant de Ierske See as slaaf ferkocht. Yn 455 waard Rome plondere troch in float fan 'e Fandalen ûnder harren kening Geiserik, dy't in ryk yn 'e Magreb stifte hie.
Midsiuwen
bewurkje seksjeDe bekendste en ynfloedrykste seerôvers út 'e Midsiuwen wiene de Wytsingen út Skandinaavje, dy't fan 'e achtste oant en mei de tolfde iuw de kusten fan West-Jeropa oant yn súdlik Spanje ûnfeilich makken. Se berikten sels de Middellânske See, en yn East-Jeropa sakken se fia de rivieren fan Ruslân en de Oekraïne ôf nei de Swarte See. Op 'e Middellânske See wiene fan 'e njoggende iuw ôf ek Moarske (d.w.s. islamitysk Arabyske) seerôvers aktyf. Dy fêstigen bases oan 'e kust fan súdlik Frankryk en noardlik Itaalje en plonderen yn 846 Rome. Yn 'e tsiende iuw behearsken se de Baleären, en fan 824 oant 961 hearsken se oer it Emiraat Kreta. Hja bleaune de rest fan 'e Midsiuwen in pleach foar de Mediterrane skipfeart.
Op 'e Adriatyske See hie de keapfardij sûnt de fyfde iuw ek te lijen fan Slavyske seerôvers. Fral de rike Republyk Feneesje hie fan harren in soad lêst, mar de bestriding bliek dreech en kostber, en de positive effekten dêrfan duorren nea lang. Slavyske seerôverij yn 'e Eastsee einige yn 1168 mei de ferovering troch de Denen fan it seerôversnêst op Kaap Arkona. Yn 'e trettjinde en fjirtjinde iuw waarden de hannelsrûtes fan 'e Hânze dêr en yn 'e Noardsee lykwols op 'e nij bedrige, diskear troch de saneamde Likedielers. Dy namme wiisde derop dat alle bemanningsleden in gelikens oandiel yn 'e bút krige, en dat de kapteins en oare lieders net, sa't gebrûklik wie, mear krigen as de sljochtwei matroazen. De Likedielers waarden ferneamd om harren oanfierders Klaus Störtebeker en Gödeke Michels, en pas omtrint 1440 waard harren bedriging foargoed de kop yndrukt.
Yn 'e Saksyske Tiid oan it begjin fan 'e sechstjinde iuw wiene op 'e Sudersee Fryske seerôvers aktyf dy't harsels de Arumer Swarte Heap neamden en ûnder lieding stiene fan Grutte Pier en Grutte Wierd. Hja wiene eins Fryske frijheidsstriders, dy't harren oankanten tsjin 'e troepen fan 'e usurpator Albrecht fan Saksen, om't dy yn 1498 mei stipe fan 'e Hillige Roomske keizer yn Fryslân de macht grepen hie en in ein oan 'e Fryske Frijheid makke hie.
Lettere iuwen
bewurkje seksjeIt Kanaal
bewurkje seksjeYn 'e sechstjinde en santjinde iuw wie de stêd Dúntsjerk, yn wat no noardlik Frankryk is, in kwea ferneamd seerôversnêst. De Dúntsjerker kapers makken It Kanaal ûnfeilich foar de skipfeart fan benammen it Keninkryk Ingelân en de Republyk fan 'e Feriene Nederlannen. Allinnich al yn 'e jierren fan 1626 oant en mei 1634 stielen se 1.499 skippen en brochten se nochris 336 ta sinken. It is lykwols twifelich oft de Dúntsjerker kapers as echte seerôvers beskôge wurde kinne, mei't de kening fan Spanje harren foarseach fan kaperbrieven (en dêrmei fan in fergunning foar harren aktiviteiten).
Middellânske See
bewurkje seksjeFan 'e Renêssânse ôf stiene de islamityske Berbers fan 'e kust fan 'e Magreb, yn Noard-Afrika, bekend as seerôvers. Dy saneamde Barbarijske seerôvers makken foar harren aktiviteiten lang gebrûk fan âlderwetske galeien, dy't har fuortbeweegden op 'e mankrêft fan 'e roeiende galeislaven ûnderyn it skip. Pas om 'e midden fan 'e santjinde iuw hinne begûnen se stadichoan flugge sylskippen te brûken, lykas brigantinen. Se operearren fanút de havens fan Tripoly, Tunis, Algiers en oare plakken yn wat no Algerije en Marokko is, en stiene yn namme ûnder de oerhearskippij fan 'e sultan fan it Osmaanske Ryk. Yn 'e praktyk wiene se lykwols fierhinne autonoom. Se seagen harsels as kapers, en net as sljochtwei seerôvers. Boppedat beskôgen se harrensels ek as striders yn in djihaad tsjin it kristendom, dy't troch de kristlike lannen sels yn 'e alfde iuw begûn wie mei de Krústochten.
De Barbarijske seerôvers makken benammen jacht op keapfardijskippen fan kristlike nasjonaliteiten. Se holden lykwols ek wol grutskalige oerfallen yn kustkriten fan kristlike lannen, mei as doel om safolle mooglik slaven te fangen dy't op 'e slavemerken fan Noard-Afrika ferkocht wurde koene. Fral kustdoarpen yn Itaalje en Spanje wiene gauris it slachtoffer fan sokke praktiken. Nei 1600 waarden dizze slavejachten net inkeld mear yn it gebiet fan 'e Middellânske See holden, mar ek yn 'e Atlantyske Oseaan, oant yn Ierlân ta. Yn 1627 diene Barbarijske seerôvers út Algerije sels in ynfal op Iislân, dêr't se in grut diel fan 'e befolking wei fuortfierden as slaaf. Histoarikus Robert Davis hat besifere dat der fan 'e sechstjinde oant en mei de njoggentjinde iuw tusken de 1.000.000 en 1.250.000 Jeropeänen troch Barbarijske seerôvers finzen nommen en as slaaf ferkocht waarden.
De bekendste lieders fan 'e Barbarijske seerôvers wiene de Osmaanske Turk Hayreddin Barbarossa en dy syn âldere broer Oruç Reis, Turgut Reis (ek bekend ûnder de ferbastere foarm Dragut Reis), Kurtoğlu Muslihiddin Reis, Kemal Reis, Salih Reis en Murat Reis de Aldere (reis is in Arabysk wurd foar "kaptein"). Guon Barbarijske seerôvers wiene finzen nommen Jeropeänen dy't har ta de islaam bekeard hiene om frij te kommen, lykas de Nederlanner Jan Janszoon en de Ingelsman John Ward.
De Barbarijske seerôvers hiene in kristlike wjergader yn 'e Ridders fan it Hospitaal fan Sint-Jan, dy't earst fan Rodos ôf operearren, en letter fan Malta ôf. Dy setten ek galeien yn, dy't se roeie lieten troch feroardiele kristlike misdiedigers, finzennommen moslims en in lyts tal frijwilligers dy't alles wol oanpakke woene om harren earmoede te ûntflechtsjen. Mei harren galeien teheisteren de Ridders fan Sint-Jan de keapfardij fan islamityske lannen, hoewol't se lang net sa manmachtich wiene as de Barbarijske seerôvers en dêrom in folle lytsere ynfloed hiene. It hiele, iuwenlang oanhâldende barren fan plonderings oer en wer is troch moderne histoarisy wol omskreaun as in "ûnbidich grut, multynasjonaal systeem fan organisearre ôfparsing". It kristlike oandiel dêryn waard pas beëinige yn 1798, doe't Malta, de basis fan 'e Ridders fan Sint-Jan, ûnder de Napoleontyske Oarloggen yn Britske hannen kaam.
Wat de Barbarijske seerôvers oangie, dy wisten lange tiid handich de ûnderling oarlogjende Jeropeeske lannen tsjininoar út te spyljen. Pas yn 'e twadde helte fan 'e santjinde iuw setten wichtige seemachten lykas it Keninkryk Frankryk, it Keninkryk Spanje, it Keninkryk Ingelân en de Republyk fan 'e Feriene Nederlannen, dermei útein om ferjildingsekspedysjes nei de Barbarijske kust op te túgjen. Yn 1675 twong Ingelân in frede ôf mei Tunis en Tripoly, wylst de Frânsen yn 1686 mei Tripoly en yn 1688 mei Algiers frede ôftwongen. In Spaansk bombardemint út 1784 rjochte yn Algiers sa'n skea oan, dat de dey it Spaanske regear dêrnei om frede smeekte. De teheisting fan 'e keapfardij fan 'e Feriene Steaten troch Barbarijske seerôvers late ta de Barbarijske Oarloggen (1801-1805 en 1815), wêryn't de Amerikaanske Marine de Atlantyske Oseaan oerstiek om yn 'e Middellânske See Algiers en Tripoly te bombardearjen. Der kaam lykwols pas in definitive ein oan 'e aktiviteiten fan 'e Barbarijske seerôvers nei't de Frânsen Algerije tusken 1830 en 1836 op wrede wize kolonisearre hiene.
Swarte See
bewurkje seksjeOp 'e Swarte See en de See fan Azov operearren fan 'e sechstjinde oant en mei de achttjinde iuw de Saporozjekozakken as seerôvers. Dy kozakken bestiene út hearrigen dy't útnaaid wiene fan harren aadlike master, kriminelen op 'e flecht foar de autoriteiten, oan legerwâl rekke eallju en ûntsnapte slaven út it Osmaanske Ryk. Se hiene ferskate bases oan 'e ûnderrin fan 'e rivier de Dnjepr, dêr't de ferriedlike streamfersnellings harren beskermen tsjin harren fijannen. Se hiene it benammen foarsjoen op 'e skipfeart fan it Osmaanske Ryk en fan it Khanaat fan de Krim (fan 'e islamityske Krimtataren). Yn 1615 en 1625 plonderen de Saporozjekozakken sels doarpen oan 'e Bosporus, ûnder de reek fan 'e Osmaanske haadstêd Konstantinopel.
Perzyske Golf
bewurkje seksjeDe súdlike kust fan 'e Perzyske Golf stie ûnder de Britten oan 'e ein fan 'e achttjinde iuw bekend as de Piratekust. Arabieren dêrwei foelen net inkeld de keapfardij yn 'e Perzyske Golf en de Strjitte fan Hormûz oan, mar ek yn 'e Golf fan Omaan, dy't ta de Arabyske See heart, yn it noardwesten fan 'e Yndyske Oseaan. Yn 1809 en 1819 fierden de Britten ferjildingsaksjes út tsjin 'e seerôversnêsten dêre, en yn 1820 waard der tusken it Feriene Keninkryk en ferskate emiraten út dy krite in ferdrach fan 'ivichduorjende' frede sletten. Yn 1853 waard de Piratekust sadwaande omneamd ta de Ferdrachskust, dêr't yn 'e twadde helte fan 'e tweintichste iuw de Feriene Arabyske Emiraten út fuortkamen.
Yndyske Oseaan
bewurkje seksjeYn 'e santjinde en de achttjinde iuw wie ek Madagaskar, yn 'e Yndyske Oseaan, kwea ferneamd om 'e seerôverij. Benammen Île Sainte-Marie wie in populêre basis foar seerôvers. It bekendste seerôversutopia wie dat fan 'e wierskynlik fiktive kaptein Mission en syn bemanning, dy't neffens it ferhaal oan 'e ein fan 'e santjinde iuw yn it noarden fan Madagaskar de 'frije koloanje' Libertatia stiften. Dy soe lykwols yn 1694 ferwoastge wêze by in ferrassingsoanfal fan 'e lânseigen Malagassyske befolking.
Seeën fan East- en Súdeast-Aazje
bewurkje seksjeYn East-Aazje waarden de Japanske See, Eastsineeske See en Súdsineeske See yn it ferline iuwenlang teheistere troch seerôvers. Fan 'e trettjinde iuw ôf wiene benammen yn 'e Eastsineeske See de wokou aktyf. Dat wiene fan oarsprong smokkelders fan Sineesk komôf dy't har bases bûten it berik fan 'e Sineeske keizer op 'e kust fan Japan fêstigen, en dêrwei oerfallen útfierden op it Keizerryk Sina. Harren oerfallen berikten in hichtepunt om 1550 hinne. Ek yn 'e Súdsineeske See wiene in protte seerôvers aktyf. Guon dêrfan wiene Sinezen, oaren Fjetnamezen of Maleiers, wylst ek oare nasjonaliteiten har der oan skuldich makken. Fral de Bûginezen en Makassaren fan súdlik Selebes, de Iban of 'See-Dajaks' fan Borneo en de Moro-seerôvers fan 'e súdlike Filipinen moatte yn dat ferbân neamd wurde.
Nei't yn Sina yn 1636 de Qing-dynasty oan 'e macht kommen wie, waarden de gefolgen fan seerôverij foar de Sineeske ekonomy ûnbidige grut. Fral de provinsjes Fujian en Guangdong hiene derûnder te lijen. De seerôversoanfierders bouden lytse keninkrykjes op fan doarpen dy't skatting oan harren betelje moasten. De bekendste Sineeske seerôver, Zheng Yi, hearske mei syn frou Zheng Yi Sao om 1804 hinne oer mear as 10.000 seerôvers. Troch in kombinaasje fan hongersneed, bestriding troch de Sineeske marine en ûnderlinge skelen waard oan 'e seerôvers yn súdlik Sina yn 'e 1820-er jierren sa'n slach tabrocht dat se der nea wer boppe-op kamen. Fan 1840 ôf waarden de Sineeske seerôvers ek bestriden troch de Westerske koloniale grutmachten, mar it duorre noch oant 1870 ear't der foargoed mei harren ôfweefd wie.
Karibyske See
bewurkje seksjeIen fan 'e bekendste kriten dy't pleage waarden troch seerôverij wie it Karibysk Gebiet, dêr't de heechtijdagen fan 'e seerôvers goed trijefearnsiuw duorren, likernôch fan 1650 oant 1730. De boekaniers, sa't de seerôvers fan 'e Karibyske See neamd waarden, wiene fral aventoerslju fan 'e Britske Eilannen en út Frankryk en de Republyk fan 'e Feriene Nederlannen, oanfolle mei ballingen út oare gebieten en ûntsnapte negerslaven út Afrika. Hja hiene it foarsjoen op keapfardijskippen fan alle nasjonaliteiten en plonderen ek kuststêden, benammen yn 'e Spaanske koloanjes yn Midden- en Súd-Amearika. Sa waard tusken 1667 en 1678 Maracaibo, yn Fenezuëla, trije kear plondere, Río de la Hacha, yn Kolombia, fiif kear en Tolú, ek yn Kolombia, sels acht kear.
De boekaniers hiene har bases yn ferskate dielen fan it Karibysk Gebiet, bygelyks te Port Royal op Jamaika en op Tortuga (no Île de la Tortue), foar de noardkust fan Haïty. De boekaniers bouden in eigen libbensmienskip op, dy't oardere wie neffens eigen, demokratysk ynspirearre wetten. Soms waarden boekaniers as kapers ynset troch it Ingelske of it Frânske regear, mar tsjin 'e ein fan 'e santjinde iuw hie foar harren de delgong al ynset. Dêrby spile ek de swiere ierdbeving in rol dy't Jamaika yn 1692 trof, en wêrby't Port Royal, de wichtichste ôfsetmerk foar stellen guod, folslein ferwoastge waard.
In koartduorjende oplibbing folge doe't yn 1713-1714, oan 'e ein fan 'e Spaanske Súksesjeoarloch, tûzenen seelju ôftanke waarden troch de marines fan Jeropeeske lannen, krekt op in stuit dat de Transatlantyske hannel wer begûn op te bloeien. Nassau, yn 'e Bahama's, ûntjoech him ta it nije Port Royal, oant de nije Ingelske gûverneur fan dy koloanje, Woodes Rogers, dêr yn 1718 it near op lei. Uteinlik waarden de boekaniers yn tiden fan frede te lestich en waard benammen troch it Britske regear úteinset mei in organisearre kampanje om fan harren ôf te kommen.
Ferneamde seerôvers út it tiidrek fan 'e boekaniers wiene: Thomas Thew, Robert Culliford, Bartholomew Roberts, Henry Every, William Kidd, Henry Morgan ("Captain Morgan"), Henry Jennings, Charles Vane, Samuel Bellamy, Edward England, Edward Teach ("Swartburd") en Jack Rackham ("Calico Jack"). De measten fan harren waarden úteinlik yn 'e fal dreaun en finzen nommen troch de autoriteiten, wêrnei't ornaris de deastraf folge. Nei 1730 doarmen der almar minder boekaniers oer de Karibyske See, hoewol't de wrâldwide gaos fan 'e Napoleontyske Oarloggen om 1810 hinne foar in lêste lytse oplibbing soarge. De bekendste seerôvers út dy snuorje wiene Jean Lafitte en Roberto Cofresí. Lafitte, dy't wol "de lêste boekanier" neamd waard, naam ek oan Amerikaanske kant diel oan 'e Slach om New Orleans ûnder de Oarloch fan 1812. Cofresí, dy't de skipfeart fersteurde fanôf in basis op it eilân Mona, by Porto Riko, wie yn it Karibysk Gebiet it lêste doelwyt fan in grutte ynternasjonale anty-seerôverij-operaasje.
Rivieren en Grutte Marren fan Noard-Amearika
bewurkje seksjeRivierrôverij wie fan 'e twadde helte fan 'e achttjinde iuw oant en mei de midden fan 'e njoggentjinde iuw in wier probleem yn dielen fan Noard-Amearika, benammen op 'e Ohio en de Mississippy. Samuel Mason, dy't fan 1790 oant 1834 syn basis yn Cave-in-Rock (Illinois) hie, wie ien fan 'e lieders fan 'e rivierrôvers fan 'e Ohio. Oan 'e ûnderrin fan 'e Mississippy waarden de rivierrôvers om 1835 hinne útrûge troch aksjes fan it Amerikaanske Leger en fan pleatslike figilantes. Yn 'e iere tweintichste iuw wiene der ek 'seerôvers' aktyf op 'e Grutte Marren fan Noard-Amearika. Yn dy krite wie "Roaring" Dan Seavey ien fan 'e bekenste lieders.
Hjoeddeistige seerôverij
bewurkje seksjeFan 'e 1970-er jierren ôf binne der trije kriten op 'e wrâld dêr't seerôverij noch in protte foarkomt: foar de kust fan West-Afrika, yn 'e Golf fan Guinee, en spesifyk by de Nigerdelta; foar de Somalyske kust fan 'e Hoarn fan Afrika, yn 'e Yndyske Oseaan, de Golf fan Aden en de Reade See; en yn 'e Súdeast-Aazje, yn 'e Strjitte fan Malakka fuortby Singapoer. Dat wol net sizze dat seerôverij nearne oars foarkomt, mar teminsten net safolle as yn 'e neamde regio's. Oan 'e ein fan 'e 2000-er jierren kaam benammen Somaalje nei foarren as in probleemgebiet op it mêd fan 'e seerôverij. Yn smeleftige seestrjitten as de Golf fan Aden of de Strjitte fan Malakka is it relatyf maklik foar seerôvers om yn lytse motorboatsjes deunby grutte keapfardijskippen te kommen. Behalven oan dieverij meitsje seerôvers har ek skuldich oan moard, ôfparsing, gizeling, ûntfiering, sabotaazje fan ynnommen skippen en it mei opsetsin sinke litten fan sokke skippen.
Jiers passearje 50.000 keapfardijskippen de trije grutste probleemgebieten op it mêd fan seerôverij. Neffens sifers fan it Ynternasjonaal Maritym Buro (IMB) waarden yn 2006 239 skippen oanfallen, 77 bemanningsleden ûntfierd, 188 bemanningsleden gizele en 15 bemanningsleden fermoarde. Neffens sifers út 2007 liedt seerôverij jiers wrâldwiid ta in ferlies fan nei skatting 16 miljard Amerikaanske dollar.
Rol fan froulju
bewurkje seksjeHoewol't seerôverij histoarysk in saak foar manlju wie (wat ek tsjintwurdich noch opgiet), hat in minderheid fan 'e seerôvers altyd út froulju bestien. Froulike seerôvers hiene te krijen mei diskriminaasje op basis fan harren sekse troch sawol de oare seerôvers as de autoriteiten, as se pakt waarden. De measte seerôverkapteins wegeren froulju de tagong ta harren skippen, út byleauwe, om't se mienden dat in frou oan board ûngelok bringe soe, of út praktyske omtinkens, om't se bang wiene dat de oare bemanningsleden om 'e seksuële geunsten fan in frou oan board slaande deilis reitsje soene. Froulike seerôvers, lykas Anne Bonny en Mary Read (allebeide út 'e tiid fan 'e Karibyske boekaniers), ferklaaiden harren dêrom faak as man.
Kaperij
bewurkje seksjeSeerôverij moat net betize wurde mei kaperij of kaapfeart, hoewol't beide praktiken sterk opinoar lykje. It ferskil wie dat seerôvers kriminelen wiene, dy't inkeld stielen om der sels better fan te wurden. Kapers, lykwols, hiene in kaperbrief yn besit. Dat wie in offisjele fergunning, ôfjûn troch it regear of de monarch fan in soeverein lân, dy't fan 'e kapers yn prinsipe in marine makke. Op dy manear hiene se der ûnder it doetiidske rjocht it frij ta om 'e fijannen fan harren opdrachtjouwer oeral en safolle as se woene, oan te fallen en te plonderjen.
Om in foarbyld te jaan: de ballingen út 'e Nederlannen dy't oan it begjin fan 'e Tachtichjierrige Oarloch, nei de ynstelling fan 'e Bloedried troch de hartoch fan Alva yn 1567, de see op flechten, harsels Wettergeuzen neamden en de Spaanske skipfeart begûnen oan te fallen, wiene eins gewoan seerôvers. Mar om't Willem fan Oranje harren fan kaperbrieven foarseach, waarden se de facto de marine fan syn soevereine Prinsdom Oranje, ek al lei dat oan 'e Rône yn súdlik Frankryk en hie wierskynlik net ien fan harren dêr ea west.
Oare foarbylden fan kapers wiene de beruchte Barbarijske seerôvers út 'e Middellânske See, dy't ornaris kapers wiene dy't yn opdracht fan it Osmaanske Ryk operearren. De Dúntsjerker kapers hiene kaperbrieven fan 'e kening fan Spanje om 'e Ingelske en Nederlânske keapfardij oan te fallen. Keninginne Elizabeth I fan Ingelân stjoerde der sels ek kapers op út om 'e Spanjerts oan te fallen, lykas de ferneamd sir Francis Drake. De Republyk fan 'e Feriene Nederlannen die itselde; de bekendste Nederlânske kaper wie Piet Hein, dy't by Kuba yn 1628 de Spaanske sulverfloat bútmakke. De kaperij waard as legale mooglikheid ta it fieren fan oarloch út it ynternasjonaal rjocht skrast by de Ferklearring fan Parys (oangeande Respekt foar it Seerjocht) út 1856.
Maatregels tsjin seerôverij
bewurkje seksjeIn mooglike maatregel dy't men nimme kin om seerôverij tsjin te gean, is om keapfardijskippen te eskortearjen troch marineskippen. Om't soks djoer is en der mar in beheind tal marineskippen beskikber wêze sil, omfiemet dit ornaris ek it foarmjen fan in konfoai. It reizgjen fan keapfardijskippen yn in konfoai (sûnder marine-eskorte) wie histoarysk ek in maatregel dy't wol nommen waard. It idee wie dat de keapfardijskippen inoar dan helpe koene tsjin 'e seerôvers, mar om't dy yn 'e regel folle swierder bewapene wiene, joech dat faak net sa'n protte. Yn 'e moderne tiid binne maatregels dy't tsjin seerôverij nommen wurde almeast it patrûljearjen fan marineskippen yn probleemgebieten en it oan board nimmen troch keapfardijskippen fan bewapene befeiligingslju. By dy lêsten kin it gean om militêren, lykas mariniers of kommando's, mar ek om paritikuliere befeiligers. Yn guon lannen, wêrûnder Nederlân, lit de wetjouwing soks net ta.
It is ek dreech om seerôvers, as se ienris finzen nommen binne, feroardiele te krijen. Yn Finlân spile yn 2008 in saak wêrby't guon seerôvers pakt wiene. Mar om't it skip dat se oanfallen hiene, ûnder de flagge fan Singapoer fear, en de seerôvers gjin steatsboargers fan Finlân of in oare lidsteat fan 'e Jeropeeske Uny wiene, koene se net berjochte wurde. Utlevering oan Singapoer wie ek gjin mooglikheid om't dat lân de deastraf noch hie en de Finske wet de útlevering ferbiedt fan fertochten oan lannen dêr't se de deastraf krije kinne. Yn Nederlân waarden inkele Somalyske seerôvers ferfolge ûnder in wet dy't út 'e santjinde iuw stamme.
Seerôverij yn 'e kultuer
bewurkje seksjeSeerôvers binne gauris ûnderwerp fan fiksje. Dêrby hat him troch de tiid hinne in stereotype werjefte fan "de seerôver" ûntjûn, dy't benammen ûntliend is oan 'e Karibyske boekanier fan âlds. Sa wurde seerôvers faak foarsteld mei in trikorne of bikorne (hoed) op 'e plasse, in koartelas (sabel) as wapen, in pappegaai op it skouder, it skedel-en-krúste-bonkensymboal fan 'e Jolly Roger en in lichaamlike beheining as gefolch fan al it fjochtsjen (lykas in eachlapke, in houten poat of in heak). Ien fan 'e ynfloedrykste skriuwers hat op dit mêd de Skot Robert Louis Stevenson west, mei syn skepping fan 'e seerôver Long John Silver yn syn ferneamde roman Treasure Island, út 1881. Ek tige ynfloedryk wie Charles Johnson syn non-fiksjewurk A General History of the Pyrates, dat yn 1724 yn Londen publisearre waard en wêryn't in wol hast mytyske status oan 'e boekaniers tatocht wurdt.
Guon aspekten fan it moderne byld fan seerôver, lykas it ferskynsel fan it "plankerinnen" (wêrby't in fêstbûne finzene twongen wurdt om oan syn eigen dea mei te wurkjen troch nei de útein fan in planke te rinnen dy't fan it skip útstiket oer de see) waarden popularisearre troch it berneboek Peter Pan, út 1911, fan J.M. Barrie. Dêryn komt in karikatuer fan in seerôver foar, Kaptein Heak, dy't yn syn werjefte út de ferfilming fan Disney út 1953 sterk bydroech oan it moderne byld fan seerôvers yn 'e popkultuer. Ut dat byld kaam ûnder mear kaptein Jack Sparrow fuort, in personaazje yn 'e Pirates of the Caribbean-filmsearje (fanôf 2003), spile troch Johnny Depp, dy't sels ek wer grutte ynfloed op it byld fan "de seerôver" hân hat.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.
|