Sanatoarium Zonnestraal

Sanatorium Zonnestraal wie in sanatoarium yn de gemeente Hilfertsom. It kompleks wie yn it earstoan bestimd foar diamantslipers dy't tuberkuloaze oprûn hienen. It waard ûntwurpen troch de arsjitekt Jan Duiker, yn gearwurking mei Bernard Bijvoet en Jan Gerko Wiebenga. It haadgebou waard iepene op 12 juny 1928.

Haadgebou Sanatoarium Zonnestraal
It Ter Meulen paviljoen
Klok op standert yn Duiker-blau
Ofdak
De Koepel hûsfêste de tsjinstfammen
De filla
Wurkplakken foar de pasjinten
Byldetún Tûkewiif

Zonnestraal beslaat ± 120 hektare, en leit yn de Loosdrechtse Bosk. It hat noch altiten in medyske funksje.

Zonnestraal is boud yn beton, mei stielen raamsponnings en inkel glês. Duiker hat syn standertkleuren brûkt: wyt, swart en in spesifike kleur ljochtblau, it saneamde "Duiker-blau". It kompleks is in ferneamd foarbyld fan it Nije Bouwen. Doe't it ûntwurpen waard, tocht men dat tuberkuloaze binnen tritich jier útrûge wêze soe. Zonnestraal waard dêrom ûntwurpen foar in relatyf lytse libbensdoer. Omdat letter ynsjoen waard dat de gebouwen wearde hawwe as monumint, is sûnt de jierren njoggentich in grut restauraasjeprogramma begûn (kostpriis 12 miljoen gûne). De restauraasje wurdt útfierd oan de hân fan plannen fan de arsjitekten Hubert-Jan Henket en Wessel de Jonge die de styl fan it oarspronklike ûntwerp respektearje wolle. Op it lângoed wurde ferskate foarmen fan soarch oanbean. It haadgebou is sûnt maaie 2004 yn âlde gloarje werombrocht.

De arsjitekt J.J. Jelles, yn waans wurk de ferwurvenheden fan it Nije Bouwen of de Nije Saaklikheid it meast werom te finen is, waard rûnút lyrysk as hy tocht oan sanatoarium Zonnestraal:

Ut in tiid fan gaos is kristalhelder Zonnestraal ûntstien. In ferskining út in tinkwize dy 't nij wie foar it waarnimber meitsjen fan de struktuer yn mei elkoar libje. In tinkwize, dy't iepene en ynslute: út in net werkenbere kloft, gaos, mei yntelligint stellen fan de opjefte, befrijend te ferienfâldigjen ta de kearn en tagelyk wer nei in werkenbere mannichte te kommen: oarder yn in nije ferhâlding.

Jan van Zutphen wie begjin 1900, yn in tiid fan malêze, ien fan de foaroanmannen fan it Algemien Nederlânsk Diamantbewurkersbûn (ANDB). Hy socht om middels help te bieden oan tuberkuloaze-lijers ûnder syn fakgenoaten. Op moandeitemoarn waard de opbringst fan it ôffal, de brutsen koperen stâltsjes fan de diamanthâlders, "ferdronken". Troch dissipline yn eigen rûnte en it stellen fan in doel makke "Ome Jan" in ein oan dit "moandeitemoarnfieren". It jild waard samle en yn 1905 waard de 'Stichting Diamantbewurkers Koperen Stâlefûns' oprjochte.

Mar der wie te min jild om alle siken ôfsûnderlik te helpen. Opnij waard socht nei mooglikheden, en de gedachte ûntstie om útit ôffalslypsel it suvere diamantstof frij te meitsjen. Uteinlik slagge de Delftse heechlearaar H. ter Meulen hjir yn. Troch it prosedee krige it "Koperen-Stâlefûns" grutte ynkomsten. Ut dank waard letter ien fan de paviljoens fan Zonnestraal nei Ter Meulen ferneamd.

By Hilfertsom waard it lângoed "de Pampahoeve" kocht. Yn de filla koe in beperkt oantal pasjinten (19) kuere yn sinne en bûtenloft. Mei de ûnderfinings fan dit begjin koe de opjefte foar in nij sanatoarium formulearre wurde: ferhâlding fan siik wêze/better meitsje en stadichoan wer dielnimme oan de maatskippij. Te faak foelen pasjinten nei ûntslach werom troch geastlike en lichaamlike oerbelêsting fan it krekt opboude lykwicht. Duiker, dy't yn 1924-25 foar it Koperen-Stâlefûns it sjippefabryk yn Diemen boude, makke de ûntwikkeling en it stellen fan dizze nije opjefte mei.

Mei it doel in sanatoarium, foar- en neisoarchynrjochting mei arbeidsterapy te bouwen, waard yn 1925 de feriening "Zonnestraal" oprjochte, mei Van Zutphen as foarsitter. Duiker krige de opdracht en yn 1926 waard begûn mei de bou fan in grut kompleks foar 100 pasjinten op it terrein fan de Pampahoeve.

De wite gebouwen fan beton, stiel en glês waarden yn 1928 yn gebrûk nomd: de sikeôfdieling foar 28 pasjinten; it haadgebou mei yn trije evenwidige fleugels: de medyske ôfdieling yn it noarden, terrassen, badgelegenheid en tsjettelhûs op it suden, keuken en apteek yn de midden, dêr tuskenyn de haadwei dêr't de grutte ytseal oerhinne leit; twa paviljoens oan beide kanten fan it haadgebou op it súdeasten en súdwesten rjochte mei elk twa ôfdielings foar 25 pasjinten, en in konversaasjeseal dêr't de ferbining omhinne rint.

Arsjitektuer

bewurkje seksje

Dúdlik en direkt binne ferhâlding en lizzing ten opsichte fan elkoar: grutte ytseal, lytse konversaasjesealtsjes, gongen, muorren, paden, terrassen, treppens en balkons.

In sanatoarium foar minsken, dy't koart en stadichoan langer fan it bêd ôf meie, omrinne kinne en rêste om op it lêst inkele oeren dwaande te wêzen op it terrein (ûnder oare yn wurkplakken).

Plan en konstruksje hawwe in maatienheid fan 1,50 m:
1 x 1,50 m gong, balkonbreedte,
1/2 x 1,50 m doar, glêsmaat puien,
3x3m ienpersoans sikekeamer.

Duiker hat yn 1928 troch dizze nije ferhâldings te realisearjen yn dizze nije "heechweardige" materialen, yniens in grutte stap dien nei "it nije belibjen fan romte."

Restauraasje

bewurkje seksje

Op in ynternasjonale konferinsje oan de T.U. Eindhoven (sept 1990) oer de restaurasje fan beskerme monuminten fan it Nije Bouwen ljochtte arsjitekt Wessel de Jonge de bysûndere oanpak derfan ta. By de restauraasjie ffan Sanatoarium Zonnestraal soenen bygelyks gjin galvanisearre ramen brûkt wurde. It behanneljen fan de ramen troch de pasjinten soe ûnderdiel fan de terapy útmeitsje.

Ien fan de protte pasjinten dy't yn Zonnestraal lein hawwe,wie de Dordtske dichter Cees Buddingh. Hy skreau dêr yn 1942 syn Blauwbilgorgel-gedicht.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • artikel yn NRC-Handelsblad 15 juny 2001
  • Wim Crouwel - Liever geen nieuw Zonnestraal, yn NRC-Handelsblad fan 11 maart 1994.
  • Book of Abstracts, First International DOCOMOMO Conference, Technyske Universiteit Eindhoven, septimber 1990.
  • Ger Dorsman - ‘Wat zegt ons het gebouwencomplex van het sanatorium Zonnestraal in relatie tot de ziekte tuberculose en de tuberculosepatiënt?’, yn: Desipientia: Zin en Waan, Jiergong 12, nr. 2 (Novimber 2005), siden 15–23.
  • Webside fan de Zonnestraal en dêr fêstige organisaasjes (mei foto fan it gebou)