Rypster Merke
De Rypster Merke is de merke dy't alle jierren om ein maaie en/of begjin juny hinne yn it Fryske doarp Dronryp holden wurdt. Mei sa'n sechstjin attraksjes en achttjin eveneminten op it mêd fan sport en ferdivedaasje is it de grutste doarpsmerke fan Noard-Nederlân. Yn 2018 waard it 125-jierrich bestean fan 'e Rypster Merke fierd mei in jubileumdoarpsfeest dat 2½ wike duorre.[1]
Rypster Merke | ||
plak en tiid | ||
lân | Nederlân | |
provinsje | Fryslân | |
gemeente | De Waadhoeke | |
plak | Dronryp | |
holden yn | sintrum fan it doarp | |
tiid fan it jier | ein maaie / begjin juny | |
bysûnderheden | ||
soarte evenemint | merke | |
bestean | 1893 – no | |
org. troch | VvV "Sjirk de Wal" | |
offisjele webside | ||
www.rypstermerke.nl |
Skiednis
bewurkje seksjeFan âlds waard de Rypster Merke organisearre troch de pleatslike keatsferiening, de Feriening foar Folksfermaken Sjirk de Wal (dy't ferneamd is nei de Rypster keatsleginde Sjirk de Wal). De bân mei it keatsen is logysk as men wit dat de merke oarspronklik in bykomstichheid wie fan 'e wichtichste keatswedstryd dy't yn Dronryp organisearre waard. Neigeraden dat de merke in grutter evenemint waard as de wedstryd sels, en de organisaasje derfan de keatsferiening sadwaande boppe de macht gie, waard de merke ûnderbrocht by in selsstannich operearjende merkekommisje.[1][2] Bewizen oangeande it jier wannear't de merke ynsteld is, binne net werom te finen, mar wol is bekend dat yn 1918 it 25-jierrich bestean fan 'e keatsferiening fierd waard, dy't dus yn 1893 oprjochte wêze moat. Sadwaande wurdt dat jier formeel oanholden as begjinjier fan 'e Rypster Merke.[1]
Keppeling om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
|