De herfoarming of Reformaasje is de tsjerklike feroaring yn de 16e iuw ûnder lieding fan Maarten Luther en Jehannes Kalvyn. Harren ynfloed strekte him út oer in protte lannen yn Jeropa en is oant en mei tsjintwurdich oanwêzich yn tsjerke en maatskippij.

Martin Luther

De 16e-iuwske reformaasje wurdt troch protestanten sjoen as in grutte yngripende opwekking fan de tsjerke. Lykwols wurdt de reformaasje troch de Roomsk-Katolike Tsjerke ôfwiisd en hawwe oanhingers dêrfan ferflokt. Op it Konsily fan Trente (1545-1563) is 126 kear in ferflokking (Anathema sit) útsprutsen oer oanhingers. Yn reaksje hawwe de Roomsken in kontrareformaasje ynsetten. Foaral de jezuïten en de ynkwisysje hawwe tige dwaande west de reformaasje te bestriden.

De Reformaasje yn Fryslân

bewurkje seksje

Ek yn Fryslân wie de Reformaasje in kompleks ferskynsel. Der is yn dy tiid spanning yn- en bûten de tsjerke. De doarpspastoars, meast Friezen, troch frije prysterkar oansteld, stienen de Fryske Frijheid foar: gjin 'ûngewoane' tsjerklike belestingen, gjin tsjerklike maatregels út it fiere Brussel of Rome wei, gjin steun foar de Ynkwisysje. Mar, it beskavingspeil fan de prysters wie net heech, harren hannel en wannel wekte krityk, de macht fan de kleasters mindere. Dêrneist groeit de twivel oer de roomske tsjerkelear.

 
Jehannes Kalvyn

Wat it earst en it sterkst wurke hat, falt net te sizzen. De earsten dy't de herfoarming tadien binne, binne Sakremintaarjers, sy ûntkenne it miswûnder en neist harren oppenearje har hieltiten mear de dopersken oer de werdoop. Dat it Munsterske aventoer sa'n yndruk makket, wylst der bygelyks fan Luteranisme gjin sprake is, moat gearhingje mei de ekonomyske posysje fan de massa. Oant koart foar 1580 is der ek gjin eigentlik kalvinisme, men is anti-roomsk. Al in hiel skoft foar 1560 wienen der in soad non-paschanten. Oarsaak: de ynfloed fan geastliken as Gellius Faber, de wurking fan strange plakkaten fan oerheid en ynkwisysje op de folksaard, stúdzjes oan bûtenlânske universiteiten (Wittenberch). Dat dit lêste 1544 ferbean waard seit genôch. In soad fan dizze studinten waarden frijheidsstriders (sjoch Karel Roarda). Dochs hat in goedlieden herfoarming yn hert en holle hjir in soad kânsen hân. Doe't dy útbleau, kaam ek troch de politike situaasje (sjoch Rennenberg) de omkear. De grifformearde sjerke krige de macht en waard steatstsjerke yn 1580.

Bekend is dat Deputearre Steaten fan Fryslân, dy't de kant fan de Nederlânske Opstân hâlden, begjin 1580 de militêre macht griepen doe't se yn 'e gaten krigen dat steedhâlder Rennenberg úteinlik de kant fan de kening kieze soe. Op dat momint wie ien fan har earste soargen it feilich stellen fan al it geastlik besit, dat no net mear de Hillige Memmetsjerke mar 'de ware gereformeerde' religy tsjinje moatte soe. Fanwege de algemiene gaos yn it lân en it ophâlden fan de katolike earetsjinst wiene se bang foar it ferlern gean fan tsjerklik goed. Noch ear't se in nije lândei gearroppen hiene, dy't har gesachsútoefening legitimearje koe, hiene hja de grytmannen opdracht jûn al it geastlik besit yn har gebieten te registrearjen. Dat betsjut, dat neist it patroansgoed op har befel ek de pastory- en vikarybesittings, de kosterijfûnsen, de prebinden of lienen en de tsjerklike kostberheden ynventarisearre wurde moasten. De kleasterbesittings waarden troch aparte kommissarissen registrearre.

Op 31 maart 1580 bringt in resolúsje fan Deputearre Steaten (de grûnwet fan de Frysk grifformearde tsjerke) it kleasterbesit oan de Steaten, lykas it oare tsjerkebesit. Roomsken wike út (Consriptio Exulum), oaren fersetten har ferduldich. De dopersken hienen yn stilte trochwurke, mar de grifformearde minderheid, mei dizze resolúsje yn de rêch, pakte fêstiging fan de grifformearde tsjerke hurd oan.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: