Pistoal
In pistoal is in fûstfjoerwapen, in fjoerwapen dat sa licht en kompakt is dat it mei ien hân hantearre wurde kin. It ûnderskiedt him fan in revolver trochdat de patroanen net yn in draaiende trommel sitte, mar yn in losse hâlder dy't yn de kolf fan it wapen stutsen wurdt.
Gebrûk
bewurkje seksjeIn pistoal is typysk in wapen foar de koarte ôfstân, oant inkele tsientallen meters. De koarte loop makket it wapen te ûnkrekt foar brûken op lange ôfstân. In pistoal wurdt benammen brûkt foar selsferdigening; yn bepaalde lannen is dit ek oan boargers tastien, mar waard eartiids ek offensyf tapast, benammen troch militêren. It is in wapen dat mar komselden brûkt wurdt om mei te jeien, hoewol't benammen yn de Feriene Steaten it jeien mei pistoalen wer yn swang komt.
Yn de measte lannen fan de wrâld is in fergunning nedich foar it besitten en brûken fan in pistoal. Yn Nederlân is ek it yn it iepenbier dragen fan in wetterpistoal of in luchtdrukpistoal dat úterlik net fan in echt pistoal te ûnderskieden is, strafber neffens de hjoeddeiske Wet wapens en munysje.
Skiednis
bewurkje seksjePistoalen binne oan it begjin fan de 16e iuw yn de Toskaanske stêd Pistoia ûntstien. It pistoal dankt syn ûntstean oan de útfining yn 1517 fan in nij model ûntstekkingsmeganisme dat mei in stik fjoerstien wurket, ynstee fan de oant dan ta wenstige lont. De namme fan it wapen giet lykwols grif werom op it Tsjechyske pišťala; it is, lykas dolk, trawant (hantlanger, oarspronklik hiersoldaat) en houwitser, ien fan de wurden út de tiid fan de Boheemske Hussitenoarloggen (fyftjinde iuw), dy't fia it Dútsk yn it Nederlânsk en Frysk terjochte komd binne.
Yn it earstoan koe mei in pistoal mar in inkel skot lost wurde. Tsjintwurdich binne de measte pistoalen semyautomatysk.
Konstruksje
bewurkje seksjePistoalen binne yn ferskate kalibers (ynterne diameter fan de loop) te keap; by gruttere kalibers binne de projektilen swierder en bewege se stadiger as by lytse kalibers. De patroanen hawwe in diameter dy't meastal tusken .22 en .50 inch (± 5,6 en 12,7 mm) yn leit. It kaliber 9 mm is gongber by de Nederlânske plysje en it leger.
In modern pistoal bestiet út:
- in loop;
- in romte (keamer) wêryn't it earstfolgjende patroan sit dy't ôffjurre wurde kin;
- in kolf (it hantfet) mei dêryn:
- in patroanhâlder mei plak foar meardere patroanen;
- in ôffjoer- en trochlaadmeganisme.
In útsûndering hjirop foarmje in oantal wedstriidpistoalen wêrby't de patroanhâlder net yn de kolf, mar foar de trekkergroep sit (krektas by de Walther GSP).
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Pistols fan Wikimedia Commons. |