De patriis (de stavering en útspraak patrys mei ek; wittenskiplike namme: Perdix perdix) is in fûgel út it skift fan 'e hineftigen (Galliformes), de famylje fan 'e fazanteftigen (Phasianidae) en it skaai fan 'e patrizen (Perdix). Dizze soarte is lânseigen yn Jeraazje fan 'e Britske Eilannen oant Mongoalje, en komt tsjintwurdich as eksoat ek foar yn Noard-Amearika en oare dielen fan 'e wrâld. De patriis is in middelgrutte stânfûgel mei in fierhinne herbivoar dieet, dy't briedt op ikkers middenmank opgeande lânbougewaaksen. Dizze fûgel is tige populêr jachtwyld. De IUCN klassifisearret de patriis as net bedrige.

patriis
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse fûgels (Aves)
skift hineftigen (Galliformes)
famylje fazanteftigen (Phasianidae)
skaai patrizen (Perdix)
soarte
Perdix perdix
Linnaeus, 1758
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet
     lânseigen fersprieding
     yntrodusearre troch de minske as eksoat

De patriis waard foar it earst yn 1758 wittenskiplik beskreaun troch de Sweedske biolooch Carolus Linnaeus, yn 'e tsiende edysje fan dy syn Systema Naturæ. De soartspesifike wittenskiplike namme dy't de fûgel dêrby taparte waard, wie perdix. Dat is it Latynske wurd foar "patriis", dat etymologysk sjoen in lienwurd út it Aldgryksk is, dêr't perdiks ek de namme foar dizze fûgel wie. Nei't it skynt kaam dy namme fan Perdiks, in figuer út 'e Grykske mytology, mar mooglik wie it fan oarsprong eins in onomatopee of klankneibearing (krekt as "koekoek"), op basis fan 'e rop pierrr-ik, dy't de fûgel fuortbringt. It skaai fan 'e patrizen, dat ek Perdix hjit, omfettet noch twa oare soarten, dy't yn Aazje libje en in folle beheindere fersprieding hawwe.

 
In patriis.

Fersprieding

bewurkje seksje

Algemien foarkommen

bewurkje seksje

It lânseigen foarkommen fan 'e patriis is yn Jeropa en it noardwesten fan Aazje. De westlikste fersprieding fan dizze fûgel beslacht de Britske Eilannen, dêr't er inkeld ûntbrekt yn 'e Skotske Heechlannen, westlik Wales en it grutste part fan it eilân Ierlân, en teffens op ôfhandige eilannen lykas de op 'e Sjetlâneilannen, de Orkaden, de Hebriden en Man. Op it fêstelân fan Jeropa komt de patriis rûnom foar, útsein yn dielen fan súdlik Frankryk, de Alpen, de eilannen yn 'e Middellânske See, it suden fan it Italjaansk Skiereilân en it meastepart fan Grikelân. Op it Ibearysk Skiereilân is de fersprieding beheind ta de Pyreneeënregio en de noardkust fan Spanje, mei in útrinner nei it uterste noardeasten fan Portegal.

Op it Skandinavysk Skiereilân komt de patriis inkeld foar yn súdlik Sweden en yn 'e krite om 'e Noarske haadstêd Oslo hinne. Yn Finlân libbet dizze fûgel yn it suden fan it lân en by de eastkust fan 'e Botnyske Golf lâns. Yn 'e Kaukasus wurdt it areaal yn it westen ôffrede troch de súdkant fan 'e Grutte Kaukasus, mar yn it easten rint it troch nei it suden oant yn noardwestlik Iraan en noardeastlik Irak. Yn it binnenlân fan Lyts-Aazje bestiet in grutte populaasje dy't fan 'e rest fan 'e fersprieding isolearre is. Yn Jeropeesk Ruslân ûntbrekt de patriis inkeld yn it uterste noarden en op it Kolaskiereilân yn it noardwesten. Yn Aazje rint it ferspriedingsgebiet troch fia westlik en noardlik Kazachstan oant de westpunt fan Mongoalje en it noarden fan Sinkiang-Oeigoerje, dat ta Sina heart.

 
In groepke patrizen oan it foerazjearjen.

As eksoat komt de patriis tsjintwurdich ek foar yn oare dielen fan 'e wrâld, dêr't er troch de minske útset is as jachtwyld. Yn Noard-Amearika bestiet in grut, oaniensletten ferspriedingsgebiet dat de súdlike helten fan 'e Kanadeeske provinsjes Alberta, Saskatchewan en Manitoba beslacht en teffens it hiele grûngebiet fan 'e Amerikaanske steaten Noard-Dakota en Iowa, mei dêropta súdlik en noardwestlik Minnesota, súdlik Wisconsin, noardwestlik Illinois, de noardlike râne fan Missouri, de eastlike helte fan Nebraska, Súd-Dakota útsein de Black Hills, it noarden, noardeasten en súdwesten fan Montana, it noardeasten fan Wyoming, it suden en westen fan Idaho, noardlik Nevada, en Washington en Oregon beëasten de Cascades. Fierders besteane der lytsere, isolearre populaasjes yn westlik en noardlik Washington, súdlik Britsk-Kolumbia, westlik Alberta, súdlik Ontario, op 'e lâningte dy't Nij-Skotlân ferbynt mei Nij-Breunswyk en op Prins Edwardeilân. De patriis komt as eksoat ek foar yn Nij-Seelân, it súdeasten fan Austraalje en by Kaap de Goede Hoop yn Súd-Afrika.

 
In postsegel fan 'e Sovjet-Uny út 1957 mei in patriis derop, wêrby't goed de oranjige kiel en it flinterfoarmige plak op 'e bealch te sjen binne.

Foarkommen yn Nederlân

bewurkje seksje

Yn Nederlân is de patriis tsjintwurdich noch benammen te finen yn Seelân, Noard-Brabân, dielen fan Limburch, de Betuwe, de Achterhoeke, Twinte, Kennemerlân, West-Fryslân, de Wieringermarpolder en de grutskalige boukriten yn it Aldamt en Westerwâlde yn it easten fan Grinslân. Yn Fryslân kaam de patriis foarhinne fral foar yn 'e Bouhoeke, mar dêr is er no seldsum.

Uterlike skaaimerken

bewurkje seksje

De patriis is in middelgrutte fûgel mei in rûnige lichemsfoarm. Hy hat trochinoar in kop-sturtlingte fan 30–33 sm, mei in wjukspanne fan 53–56 sm en in gewicht fan 390–500 g. It fearrekleed is op 'e hals, de nekke en boppe-op 'e kop griis, mar de kiel en it gesicht binne ljochtbrún útskaaiend nei oranje. De bealch is hiel ljochtgriis oant wyt en de rêch, wjukken en siden hawwe dyselde kleur as grûnkleur, mei dêroerhinne brune plakken op 'e rêch en wjukken en ljochtbrune op 'e siden. Alle hoannen en in protte fan 'e hinnen hawwe in hoefizerfoarmich of flinterfoarmich brún plak midden yn it ljochtgriis/wyt fan 'e bealch. De sturt is spikkelbûnt ljochtgriis/wyt mei brún.

 
In patriis as eksoat yn Alberta.

Der bestiet in beheinde foarm fan seksuele dimorfy by de patriis, mei't it plak op 'e bealch by wyfkes, as dy it al hawwe, folle lytser en dizeniger is. Foar it iennichste ferskil tusken de geslachten dat altyd oanwêzich is, moat men nei de tertiêre dekfearren sjen, dy't by de hinnen markearre binne mei twa oerdwerse bannen yn 'e foarm fan in Loataringsk krús (d.w.s. mei twa dwersbalken). Hoannen hawwe dêr mar ien sa'n oerdwerse bân. Dat ferskil bestiet by alle fûgels dy't âlder as 16 wiken binne en troch it earste ferfearjen it folwoeksen fearrekleed krigen hawwe. Jonge eksimplaren binne foar it meastepart gielich brún, sûnder it plak op 'e bealch en de ljochtbrún oant oranje markearring op 'e kiel en yn it gesicht.

Patrizen binne fan natuere fûgels fan 'e steppe, mar se hawwe har mei grut súkses oanpast oan in bestean yn boukriten, dêr't se libje yn ikkers mei nôt en by de mei opgeande fegetaasje begroeide rânen fan sokke ikkers lâns, mar ek yn greiden, braaklizzende stikken lân, houtwâlen en hagen. Dêrby jouwe se de foarkar oan lânbougebieten mei lytsskalige eleminten. De Ibearyske ûndersoarte Perdix perdix hispaniensis komt yn 'e Pyreneeën en it Kantabrysk Berchtme foar yn lânskippen mei ticht strewelleguod ôfwiksele mei krûderike berchgreiden. Dy gebieten moatte lykwols mei beweiding troch fee yn stân holden wurde, oars reitsje se oerwoekere mei houtige planten en wurde dêrtroch foar de patriis ûngaadlik.

 
In patriisfreonlike ikker yn Ingelân.

Hâlden en dragen

bewurkje seksje

Patrizen binne sosjale fûgels, dy't faak yn lytse groepkes foarkomme. It binne stânfûgels yn har hiele ferspriedingsgebiet, al tsjogge se yn hege berchtmen, lykas de Kaukasus, yn oktober of novimber út 'e hichten omleech nei de dellings om dêr te oerwinterjen, foar't se mei de maityd wer berchop sette.

De sang fan 'e pratriis, sawol fan 'e hoannen as de hinnen, is in heas, raspjend en heechtoanich kierrr-ik of pierrr-ik, dat ferskate kearen werhelle wurdt mei koarte tuskenskoften. Fral yn 'e jûnsskimer, nachts of by it lemieren kin dat gauris beharke wurde. Soms bringe de fûgels ek in skerp, koart prrry-prrry-prrry of rik-rik-rik fuort, fral as se opfleane. Krekt as in protte fûgels dy't populêr jachtwyld binne, hâldt de patriis net fan fleanen. As er fersteurd wurdt, fljocht er dêrom mar in koart eintsje om dan wer beskûl te sykjen middenmank opgeande planten.

De peartiid ferskilt by de patriis nei breedtegraad en klimaat. Op 'e Britske Eilannen wurdt der peare yn april, yn Midden-Jeropa yn maaie en begjin juny en yn súdlik Sweden yn juny. Foarhinne waard tocht dat it brune plak op 'e bealch by de hoannen in rol spile by de fuortplanting, mar út in eksperimint út 1995 troch Beani en Dessi-Fulgheri (wêrby't dat plak foar in part of hielendal ferdizene waard by testfûgels) die bliken dat it útkiezen fan in pearingspartner troch de hinnen útslutend basearre is op 'e sjongkwaliteiten fan 'e hoannen.

 
In patrize-aai.

De hin makket nei de pearing in nêst fan in ûndjip dobke yn 'e grûn dat útskrabe is mei de poat, beklaaid mei plantedielen, en ferskûle middenmank opgeande fegetaasje. De lokaasje fan it nêst is ornaris oan 'e râne fan in nôtfjild, spesifyk almeast weet. Dêryn leit de hin 15–17 en soms wol 20 aaien. As it earste lechsel om 'e iene of oare reden ferlern giet of net útkomt, wurdt it faak yn augustus of septimber nochris besocht. It twadde lechsel omfettet lykwols minder aaien.

De briedtiid duorret 23–25 dagen. De piken binne nêstflechters, dy't al hiel gau nei't se út it aai kommen binne, it nêst ferlitte kinne. Se wurde net fuorre troch de hin, mar ynstee troch har by de rânen fan nôtikkers lâns laat, dêr't se sels foerazjearje kinne. De earste 10 dagen fan harren libben frette de piken inkeld ynsekten, dy't foar de patrizejongen in fitale boarne fan proteïnen foarmje. Pas neitiid is harren spiisfertarring safierhinne ûntwikkele, dat se stadichoan oergean kinne op it fretten fan plantaardich guod.

 
In kwartet parizen by 't winter.

De patriis is in fûgel dy't foar it meastepart sied fret. De rest fan it dieet bestiet út blêden fan gerzen en fan krûden lykas klaver. Ynsekten meitsje foar folwoeksen fûgels mar in tige beheind diel fan it menu út.

De patriis hat de IUCN-status fan "net bedrige", mei't er yn syn ferspriedingsgebiet noch rûnom foarkomt. Sûnt it begjin fan 'e tweintichste iuw is lykwols oeral in delgeande trend yn 'e populaasjes waar te nimmen (fan 3,5% yn 't jier), dy't feroarsake wurdt troch in gebrek oan ynsekten troch oermjittich gebrûk fan lânbougif. Mei't de piken yn 'e earste tsien dagen folslein ôfhinklik binne fan 'e beskikberens fan ynsekten, ferhongerje in protte fan harren foar't se dat stadium fan har libben ûntgroeie kinne. In bykommende faktor is it belúnjen fan 'e nêstgelegenheid troch taname fan 'e yntinsive lânbou, dêr't lytsskalige eleminten as krûderike ikkersrânen en hagen foar wike moatte. Ek rinne nêsten en piken faak it risiko om útmeand te wurden. Yn Nederlân gie de patrizestân tusken 1950 en 1970 al mei 40–60% efterút. Yn 2007 waard rûsd dat der yn it hiele lân noch mar 10.000 briedpearen oer wiene. Yn Nederlân wurdt de patriis dêrom oanmurken foar "kwetsber".

 
In Ibearyske patriis.

Undersoarten

bewurkje seksje

Der binne 8 (stân fan saken yn 2021) erkende ûndersoarten fan 'e patriis (Perdix perdix):

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.