Naima El Bezaz
Naima El Bezaz (Meknes, Marokko, 3 maart 1974 – Alphen aan den Rijn, 7 augustus 2020[1]) wie in Marokkaansk-Nederlânsk skriuwster.
Naima El Bezaz | ||
skriuwer | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
nasjonaliteit | Marokkaansk Nederlânsk | |
berne | 1974 | |
berteplak | Meknes | |
stoarn | 2020 (46 jier) | |
stjerplak | Alfen oan de Ryn | |
wurk | ||
taal | Nederlânsk | |
sjenre | Roman | |
útjouwer | Querido, Lebowski | |
jierren aktyf | 1995-2020 | |
offisjele webside | ||
El Bezaz yn de DBNL |
Biografy
bewurkje seksjeNaima El Bezaz waard berne yn Meknes en emigrearre doe't hja fjouwer jier wie nei Nederlân. Har heit wenne al yn Nederlân doe't se berne waard en wie dêr fabryksarbeider. As folwoeksene wenne se yn in Vinexwyk in Zaandam.
Op de basisskoalle waard se diskriminearre en pleage fanwegen har Marokkaanske komôf. Doe't hja noch mar tolve jier wie sei se op skoalle dat se in boek skriuwe woe. Nei de middelbere skoalle studearre se oan de Universiteit Leien, mar it skriuwerwêzen luts har mear. By in lêzing moete hja de skriuwster Yvonne Kroonenberg dy't har yntrodusearre by Utjouwerij Contact. Yn 1995, se wie doe ienentweintich, ferskynde har debútroman De weg naar het noorden. It boek waard in súkses en waard bekroand mei de Jenny Smelik-IBBY-priis 1996.
Minnares van de duivel, har twadde boek, ferskynde yn 2002 en dêr stiene eksplisite eroatyske passazjes yn. Nei oanlieding fan dat boek waard se op it ynternet bedrige.
Troch alle opskuor rekke El Bezaz slim depressyf, dêr't hja oer skreau yn har tredde boek, De verstotene (2006). Yn 2007 besleat se de publisiteit in skoft te mijen fanwegen de bedrigingen. Ek it fjirde boek fan El Bezaz, Het gelukssyndroom (2008), giet oer in jonge Marokkaanske frou mei in depresje. Ek yn it telefyzjeprogramma EenVandaag spriek El Bezaz op 27 augustus 2008 oer har depresje.
It autobiografyske boek Vinexvrouwen út 2010, oer sa'n typyske Nederlânske wenwyk en syn bewensters, makke har bekend by it grutte publyk. Ek dat maatskippijkrityske boek kaam har fannijs op bedrigingen te stean.
Yn de simmer fan 2011 foel se thús fan de trep en briek se har nekke. Se waard better, mar hie der teminsten in jier noch in soad pine oan.
El Bezaz die harsels te koart yn augustus 2020. Sy liet in man en twa dochters nei.
Ferskaat
bewurkje seksjeYn it boek De derde feministische golf (2006) fan de Flaamske polityk filosoof Dirk Verhofstadt is El Bezaz ien fan de seis froulju dy't oan bod komme, njonken Yasmine Allas, Ayaan Hirsi Ali, Irshad Manji, Nahed Selim en Naema Tahir.
Bibliografy
bewurkje seksje- 1995 – De weg naar het noorden
- 2002 – Minnares van de duivel
- 2006 – De verstotene
- 2008 – Het gelukssyndroom
- 2010 – Vinexvrouwen
- 2012 – Méér Vinexvrouwen
- 2013 – In dienst van de duivel
Keppeling om utens
bewurkje seksjeOfbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Naima El Bezaz fan Wikimedia Commons. |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen, noaten en referinsjes sjoch: nl:Naima El Bezaz |