Markus Antonius
Markus Antonius (14 jannewaris 83 f.Kr. – 1 augustus 30 f.Kr.) wie Romeinsk steats- en kriichsman. Nei de dea fan Julius Caesar naam er de leie yn hannen yn it Romeinske Ryk. Hy kaam al gau yn konflikt mei de Romeinske Senaat dy't stipe op Caesar syn efterneef, adoptyfsoan en erfgenamt Oktavianus (de lettere keizer Augustus). Yn in koarte boargerkriich waard Antonius ferslein, dêrnei fersoene sy har. Mei Aemelius Lepidus foarmje sy it saneamde Twadde Trijemanskip. Yn 40 ferdiele sy it ryk ûnder elkoar, Antonius krige it easten te bestjoeren, Oktavianus it westen, Lepidus Afrika.
Lepidus waard yn 36 út it Trijemanskip set en tusken Antonius en Oktavianius kaam it ta in ferwidering. Alhoewol't er boaske wie mei de suster fan Oktavianus, Oktavia, rekket hy folslein ûnder de ynfloed fan de Egyptyske keninginne Kleopatra. Uteinlik trout er mei har yn 32 en Oktavianus ferklearret him en Kleopatra de oarloch. Yn 31 waard har float en dy fan him by Aktium beslissend ferslein. Antonius en Kleopatra begienen selsmoard.