Maginta
Maginta (fan it Ingelske magenta) is in kleur dy't omskreaun wurde kin as pearzich read of readich pears of sels as mauvich karmozyn. It wurdt ornaris as in tint fan read beskôge en makket gjin selsstannich diel út fan it spektrum fan sichtber ljocht. Yn 'e kleuresirkel befynt maginta him healwei tusken read en blau yn. De komplemintêre kleur fan maginta is grien. By additive kleurminging (bgl. op 'e tillefyzjes en kompjûterskermen) is maginta in sekundêre kleur, dy't ûntstiet út 'e minging fan read en blau ljocht. By subtraktive kleurminging (bgl. yn 'e druktechnyk) is it lykwols in primêre kleur, yn 'e mande mei syaan en giel en ornaris ek swart. De tint maginta dy't yn it CMYK-kleursysteem (fan subtraktive kleurminging) brûkt wurdt, is lykwols readiger as de webkleur maginta, dy't eins persiis deselde tint hat as foksia. Kwa tinten rint maginta útinoar fan auberzjine, in soarte fan dûnkerpears, oant it tige ljochte mearkerôze.
-
Portret fan Marie Lagadu, fan Paul Gauguin
-
koraal yn de Perzyske Golf
-
in dahlia
-
in magintakleurige libel
maginta | ||
kleurkoördinaten | ||
heksadesimaal | #FF00FF | |
RGBª (r, g, b) | (255, 0, 255) | |
CMYKº (c, m, y, k) | (0, 100, 0, 0) | |
ª) normalisearre nei [0-255] (byte) º) normalisearre nei [0-100] (%) |
Skiednis
bewurkje seksjeDe kleur maginta wie it resultaat fan 'e yndustriële ûntwikkeling op it mêd fan 'e syntetyske ferve yn 'e midden fan 'e njoggentjinde iuw. Dy begûn mei de útfining troch William Perkin fan mauvine yn 1856, de earste syntetyske ferve op basis fan aniline. It ûnbdidige kommersjele súkses fan dy ferve en fan 'e nije kleur dy't dertroch ûntstie (mauve), ynspirearre oare skiekundigen yn Jeropa om sels ek te besykjen en ûntwikkelje nije anilineferven.
Yn Frankryk prebearre François-Emmanuel Verguin, de direkteur fan it gemysk fabryk Louis Rafard by Lyon, ferskate formules út ear't er ein 1858 of begjin 1859 aniline mong mei koalstoftetragloride. Dêr kaam in readich-pearzige kleur ferve út fuort dy't er de namme foksine (fuchsine) joech, nei de kleur fan 'e foksiablom. Hy joech syn baan op en liet syn ferve produsearje troch it fervefabryk fan Francisque en Joseph Renard, dy't it yn 1859 op 'e merk brochten.
Datselde jier produsearren twa Britske skiekundigen, Chambers Nicolson en George Maule, yn it laboratoarium fan if fervefabryk fan George Simpson yn Londen, in oare anilineferve mei in read-pearzige kleur dy't frijwol itselde wie as dy fan foksine. Yn 1860 waard dy yn produksje nommen ûnder de namme 'rôzine' (roseine). Datselde jiers noch feroaren se de namme yn magenta (útspr.: [mə'ʤɛntə], likernôch: "muh-dzjen-tuh"), ta eare fan 'e Slach by Magenta, dy't yn 1859 by Magenta, yn Lombardije, útfochten wie tusken Frankryk en Eastenryk. Under de nije namme woeks de kleur al rillegau út ta in grut kommersjeel súkses.
Yn 1935 waard de famylje fan kinakridoanferven ûntwikkele, wêrfan't de kleuren útinoar rinne fan read oant fiolet. Om't de kwaliteit fan kinakridoan better is as fan foksine en de rôzine-magintaferve, wurdt tsjintwurdich foar skilderjen, it fervjen fan klean en foar it printsjen fan ôfbyldings altyd kinakridoan brûkt foar magintakleuren. De ûnderskate tinten fan maginta kin men krije troch ferskillende hoemannichten wyt oan it kinakridoan ta te foegjen. In oare kleurstof foar maginta is litolrubine, dat brûkt wurdt om itenswaren te kleurjen.
Optika
bewurkje seksjeMaginta is in ekstraspektrale kleur, wat betsjut dat it net in ienkleurige tint fan sichtber ljocht is. Yn it RGB-kleursysteem, dat brûkt wurdt om mei ljochttechnyk kleuren wer te jaan op tillefyzje- en kompjûterskermen en by teäterbeljochting, is maginta in sekundêre kleur, dy't produsearre wurdt troch gelikense hoemannichten ljocht fan 'e primêre kleuren read en blau te brûken. Yn dit systeem is maginta de komplemintêre kleur fan grien, en as men magintakleurich en grien ljocht op in swarte ûndergrûn mingt, kriget men wyt ljocht. Om't maginta en grien komplemintêr binne, hawwe dy kleuren it grutste kontrast, mar ek de grutste kleurharmony.
Yn it CMYK-kleursysteem, dat brûkt wurdt foar it mingen fan ferve, en yn 'e druktechnyk foar it mingen fan inket om ôfbyldings ôf te printsjen, is maginta ien fan 'e trije primêre kleuren, yn 'e mande mei syaan en giel. Yn moderne kleureprinters wurdt sadwaande magintakleurige, syaankleurige en giele inket brûkt om alle kleuren wer te jaan. Ek yn dit systeem is grien de komplemintêre kleur fan maginta, en as men magintakleurige en griene inket of ferve op in wite ûndergrûn mingt, soe men yn teory swart krije moatte. Yn 'e praktyk wurdt it mear in smoarch-brune kleur, om't de kleuren fan 'e ferve of inket eins nea perfekt binne. Om dy reden wurdt swarte inket tafoege oan it CMYK-systeem om swarte details en kleurflakken oan te bringen.
Webmaginta en printermaginta
bewurkje seksjeDe tint maginta dy't brûkt wurdt yn 'e druktechnyk, dy't wol printermaginta of prosesmaginta neamd wurdt, is justjes dûnkerder en reader as de tint maginta dy't op kompjûterskermen brûkt wurdt. Dat komt om't printermaginta gjin RGB-kleur is en om't der gjin regels binne foar it oersetten fan CMYK-kleuren nei it RGB-systeem. Oarsom kin webmaginta of ynternetmaginta, dat soms ek wol elektrysk maginta neamd wurdt, ek net sekuer werjûn wurde mei inket op papier. Webmaginta is trouwens persiis deselde kleur as foksia, mei't dy beide kleuren oanmakke wurde troch persiis deselde hoemannichte read en blau ljocht te mingen. De foksiablom, dy't ta ynspiraasje tsjinne hat foar beide kleuren, komt yn it echt yn in ferskaat oan kleuren foar, fan foksia oant pears en read.
webmaginta (foksia): | #FF00FF; | RGB: (255, 0, 255); | CMYK: (0, 100, 0, 0) | |
printermaginta: | #FF0090; | RGB: (255, 0, 144); | CMYK: (0, 100, 0, 0) |
Foarkommen
bewurkje seksje- Koart nei de ûntwikkeling fan maginta as kleur, yn 'e twadde helte fan 'e njoggentjinde iuw, waard it yn 'e skilderkeunst brûkt troch inkele Frânske keunstskilders, lykas Paul Gauguin en Henri Matisse. Ek yn 'e moderne keunst komt it wol foar.
- Yn 'e natoer is maginta in frij algemien foarkommende kleur foar blommen, fral yn 'e tropen en yn subtropyske gebieten. Om't maginta de komplemintêre kleur fan grien is, hawwe magintakleurige blommen it heechst mooglike kontrast mei de griene stâlen en blêden. Dat makket dat se dúdliker sichtber binne foar ynsekten dy't se besykje oan te lûken foar de bestowing. Der binne net in protte bisten dy't magintakleurich binne, hoewol't dat wol it gefal is mei beskate soarten koraal, fisken en libellen.
- Astronomen hawwe fêststeld dat brune dwergen fan 'e T-klasse (d.w.s. brune dwergen mei de koelste temperatueren útsein de resint ûntdutsen brune dwergen fan 'e Y-klasse) eins de kleur maginta hawwe fanwegen de absorpsje troch sodium- en kaliumatomen fan ljocht yn it griene diel fan it spektrum.
- Yn 2016 brocht de nasjonale bank fan Yndia in magintakleurich bankbiljet fan ₹2000 yn omrin. Dat is de heechste denominaasje fan rûpy-papierjild dy't der is.
- Yn 'e polityk komt magenta net folle foar, mar wurdt it wol brûkt as de kleur fan 'e yn Amsterdam fêstige anty-diskriminaasjestifting Magenta Foundation en fan 'e Deenske sosjaal-liberale partij Radikale Venstre.
- Yn 'e heraldyk en de feksillology (flaggekunde) is maginta in tige seldsume kleur, dy't lykwols foarkomt yn it wapen fan it Frânske plak Magenta (yn it departemint Marne), yn 'e flagge dy't fierd wurdt troch Kantabryske nasjonalisten, en yn 'e flagge fan 'e stêd Cartago, yn Kolombia.
-
it wapen fan Magenta (Frankryk)
-
de flagge fan Cartago (Kolombia)
Magintatinten
bewurkje seksjeDe wichtichste tinten maginta binne: amarant, amarantpears, amarantrôze, auberzjine, dûnkermaginta, fandango, feal maginta, fioletread, foksia, folly, framboas, Frânsk rôze, granaat, hjerstsering, hjitmaginta, Hollywoodserize, Ingelsk rôze, kaam, karmozyn, kinakridoanmaginta, lavindel, loftmaginta, magintadize, magintaferve, mearkerôze, moerbei, orgidee, paladynpears, pears, Perzysk rôze, printermaginta, prom, readfiolet, rôze, schwungpears, serize, shocking pink, stielrôze, telemaginta en ultrarôze.
Kleurnûanses
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|