Koehoal
Koehoal is in buorskip yn de gemeente De Waadhoeke. Eartiids lei er yn Barradiel. Koehoal leit oan 'e Waadseedyk benoarden Tsjummearum en Easterbierrum.
By Koehoal oan de seedyk is yn 2004 in brûnzen byld pleatst as oantinken oan de hjerringfiskerij by de Waadkust del. It byld hjit 'De Waadfisker' en is makke troch Frans Ram fan Hegebeintum.
De Stelling Koehool waard yn de Twadde Wrâldoarloch troch de Dútsker oanlein as part fan de Atlantikwall. Dy bestie út fjouwer bunkers. Ien bunker is bewarre bleaun en yn 2011 opknapt en waard yn 2011 in edukaasjesintrum.
Ferskaat
bewurkje seksje- It boek "Lette Simmer Op ’t Koehoal"- fan Tjitte Piebenga waard yn 1993 bekroand mei de Rely Jorritsmapriis.
- Skriuwster Neeltsje Bonnema is berne op 10 juny 1949 op Koehoal.
-
Ynformaasjeboerd De Waadfisker
-
De restaurearre bunker
-
Bunker yn de dyk by Koehool