De Kananefaten (earder stavere as: Kaninefaten, Canninefaten, betsjutting: 'Lok-masters') wiene in West-Germaanske stam of folk, dy't bewesten de Bataven oan de Noardseekust wennen. De stêd Forum Hadriani (op it plak fan it Voorburg yn Súd-Hollân fan no) lei yn it hert fan it wengebiet fan de Kananefaten. Stêd en stam wienen op it lêst in ienheid wat ek bliken docht út de offisjele namme fan de stêd: Municipium Aelium Cananefatium.

Stammen oan de kust, 150 nei Kr.
Funeminten fan in pleats fan de Kananefaten yn Rijswijk ZH. Loftsboppe: Rekonstruksje yn it Archeon

Klassike auteurs oer de Kananefaten

bewurkje seksje

Neffens Tacitus wieen de Kananefaten besibbe oan de Bataven, mar wienen hja sa manmachtich net. De Kananefaten wienen ûnder lieding fan Brinno bûnsmaten fan de Bataven yn de Bataafske Opstân ûnder Julius Civilis yn 69. De earste fernijing fan de stam slacht op in ala Caninefas, in Kananefaatske ruterienheid yn Romeinske tsjinst. Dy ienheid fjochte yn 28 (nei Kr.) tsjin de Friezen dy't yn opstân kaam wienen tsjin de heffing fan ûnreedlike belestingen. Ut Tacitus syn ferslach fan de fjochterij kin opmakke wurde dat de Kananefaten in swiere klap krigen. In protte minsken stoaren yn de omkriten fan castellum Flevum en de bosk fan Baduhenna. It slagge de Friezen om in Kananefaatske oanfal yn de rêch te kearen , mei omdat it de Romeinen net slagge harren troepen as ienheid optrede te litten.

De lêste fernijing fan de Kananefaten is út de fjirde iuw, yn in ensyklopedysk geskrift, de Cosmographia fan Iulius Honorius. Dy fernijing hat foar West-Nederlân lykwols net folle betsjutting omdat it wierskynlik om it oernimmen fan âlde feiten giet. Dat betsjut dat it jongste bewiis foar it brûken fan de namme Kananefaten levere wurdt troch de mids 3e-iuwske de mylpeal fan Rijswijk. De peal neamt as caput viae, begjinpunt fan de wei: [C(ivitas)] CANANEFATV(m) A B [HADR(iani)] F(oro).

Militêre diploma's

bewurkje seksje

Boppeneamde foarbylden jouwe gjin folslein byld fan de soarten boarnen dêr't de Kananefaten yn neamd wurde. De namme komt net allinne foar yn literêr-histoaryske en ensyklopedyskee geskriften en op mylpeallen, mar ek yn militêre diploma's. It Romeinske leger hjitte yn de provincia Exercitus Germaniae Inferioris ('striidkrêften fan Neder-Germaanje') op ynskripsjes ôfkoarte as EXGERINF. It bestie út mear as ien (oant fjouwer) legioenen en Auxilia of helptroepen. Fan de Bataven en de Kananefaten meielkoar wiene der altyd 5000 oant 6500 manlju ûnder tsjinst. De Kananefaten leberen alle jierren 24 nije rekruten, de Bataven selfs it tsienfâldige.

Sa'n tolve diplomata militaria litte net allinne sjen dat de troch Tacitus neamde ruterôfdieling noch minstens oant begjin 3e iuw funksjonearjen bleau, mar ek dat de Kananefaten hearden ta de lichting fan ien cohors, in ynfantery-ienheid. De measte froulju giene faaks net mei harren manlju doe't dy útstjoerd waarden nei de Donaukrite.

  • Lauran Toorians, De Cananefaten in taalkundig perspectief. Yn: W. de Jonge, J. Bazelmans and D.H. de Jager (eds.), Forum Hadriani. Van Romeinse stad tot monument. Utert, 2006
  • 'Cananefates' yn www.livius.org
  • Jonge, W. de, J. Bazelmans en D.H. de Jager (red.), Forum Hadriani. Van Romeinse stad tot monument. Utert, Utjouwerij Matrijs, 2006.
  • Carol van Driel-Murray, Those who wait at home in Ulrich Brandl, Frauen und Romisches Militar - Ten papers from a round-table session presented at a conference in Xante, Dútslân 2005, ISBN 978-1407301983
  • Cynthia H. Enloe, Maneuvers: the international politics of militarizing women's lives University of California Press siden. 35-36
Germaanske folken feroarje
Allemannen · Ambroanen · Ampsivaren · Angelen · Angrivaarjers · Asdingen · Bajuwaren · Bataven · Boergonden · Bruktearen · Chasuarii · Dulgubnii · Fandalen · Fangionen · Fisigoaten · Fosy · Franken · Frisii · Gamaven . Gepiden · Goaten · Harii · Helisjers · Hermunduren · Herulen · Juten · Kananefaten · Kimbren · Kwaden · Lakringen · Langobarden · Lemovjers · Lugjers · Manimjers · Markomannen · Marobudui · Mattiakken · Naharvalen · Nemeten · Nervjers · Ostrogoaten · Rugjers · Saksen · Semnoanen · Silingen · Sitones · Sjamaven · Sjatten · Sjauken · Sjerusken · Skieren · Suëven · Sugambren · Suiones · Tenktearen · Teutoanen · Toksandrjers · Treveary · Triboken · Tubanten · Tudry · Ubjers · Usipeten · Volcae · Warnen