Johannes Kolk (Wolvegea, 26 april 1878Grins, 22 augustus 1939) wie de boargemaster fan Aenjewier.[1][2]

Kolk krige syn earste oplieding oan de gemeentesekretary fan Wolvegea. Yn 1915 waard er gemeentesekretaris fan Idaarderadiel en noch wer twa jier letter boargemaster fan Aenjewier. Hy wie hjirmei de earste sosjalistyske boargemaster yn Fryslân, de twadde fan Nederlân.

Yn 1919 folge syn beneaming ta foarsitter fan de Ried fan Arbeid op It Hearrenfean. Fjouwer jier letter waard hy lid fan de rie fan de gemeente Haskerlân. Nei opheffing fan de Ried fan Arbeid op It Hearrenfean waard Kolk beneamd as foarsitter fan de Ried fan Arbeid yn Grins. Hy hat lid west fan de kommisje 'Heerenveen-één', lid fan it bestjoer fan it sikehûs op It Hearrenfean, lid fan it haadbestjoer fan de provinsjale feriening Frysk Folkssanatoarium en bestjoerslid fan de Underlinge brânwaarboarchferiening It Hearrenfean.

Kolk ferstoar op 61-jierrige leeftyd nei in operaasje yn Grins. Hy waard op 26 augustus 1939 te hôf brocht op it Esserveld.[3]

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Berte-akte
  2. Dea-akte
  3. "J. Kolk. †", De Hepkema, 23 augustus 1939