D-O is in fiktyf personaazje fan minder belang út 'e Star Wars-franchise. Hy waard yntrodusearre yn Star Wars: Episode IX – The Rise of Skywalker, it ôfslutende diel fan 'e Star Wars-ferfolchtrilogy. It personaazje waard betocht troch de senarioskriuwers fan dy film, J.J. Abrams en Chris Terrio. D-O is in robot bedoeld foar data-opslach, dy't lang eigendom west hat fan 'e Sith-agint Ochi fan Bestoon, mar no by it Ferset bedarret.

D-O
personaazje út Star Wars
persoanlike bysûnderheden
soarte personaazje robot
nasjonaliteit Galaktysk
oare ynformaasje
besibbe
  personaazjes
BB-8
Rey
Poe Dameron
geastlike heit J.J. Abrams
Chris Terrio
ûntstean 2019

Uterlik en spraak

bewurkje seksje

D-O is in lyts robotsje mei in hichte fan 46 sm, dat griis kleure is mei hjir en dêr inkele dûnkergriene stikjes. It bestiet út in tsjil mei dêrboppe in soartemint nei ûnderen ta taps tarinnende toeter mei in griene útein dat wol in snút liket en swarte skreven dy't wol wat weihawwe fan eagen. Oan 'e wide kant fan 'e 'toeter' stykje antennes skean nei boppen ta út. Oars as in protte oare robots yn Star Wars (lykas R2-D2 en BB-8) is D-O by steat om yn Basaalsk, de lingua franca fan it Stjerrestelsel, te sprekken, hoewol't syn wurdskat frij beheind is en syn útspraken faak ferknoeid binne, mei in dúdlik stammerjen.

Eftergrûn en fertolking

bewurkje seksje

It personaazje D-O waard betocht troch J.J. Abrams en Chris Terrio, de senarioskriuwers fan Star Wars: Episode IX – The Rise of Skywalker, en basearre op George, de hûn fan Terrio, dy't er rêden hie fan in eardere eigner dy't it bist mishannele. It personaazje waard hielendal makke mei special effects, en de dialooch waard ynsprutsen troch regisseur en senarioskriuwer J.J. Abrams sels. Oarspronklik wie dat bedoeld as in tydlike oplossing, mar nei't Terrio in pear opnamen mei de stim fan Abrams sjoen/heard hie, fûn er de eangstige beleefdheid dy't dêrút spriek, perfekt passend foar D-O en beprate er Abrams om it sa te hâlden.

Fiktive biografy

bewurkje seksje

Neffens it companionboek Ultimate Star Wars: New Edition soe D-O makke wêze troch de robotsmid Babu Frik fan Kijimi, mar yn 'e film The Rise of Skywalker is dat dúdlik net sa. Yn it companionboek fan dy film, Star Wars: The Rise of Skywalker: The Visual Dictionary, stiet dat D-O makke wie troch in ûnbekende robotsmid dy't fermoarde waard troch Ochi fan Bestoon. It idee dat D-O fan Babu Frik wie, kaam út in iere ferzje fan it filmsenario, wêryn't BB-8 de stikkene D-O yn it wurkplak fan Babu Frik oantreffe en reparearje soe, wêrnei't de lytsere robot as in soarte fan einepyk ymprintsje soe op BB-8 om dyselde tenei oeral te folgjen.

Yn The Rise of Skywalker

bewurkje seksje

Yn Star Wars: Episode IX – The Rise of Skywalker (2019) wurdt D-O yntrodusearre as in team fan it Ferset, besteande út Poe Dameron, Finn, Rey, de Wookiee Chewbacca en de robots C-3PO en BB-8 yn 'e woastyn op 'e planeet Pasaana it al jierren ferlitten romteskip yngeane fan Ochi fan Bestoon. Dyselde wie in spion en hiermoardner yn 'e emploai fan 'e Sith, dy't it team earder dea oantroffen hat yn in ûndergrûnsk gongestelsel. BB-8 fynt yn it skip de de-aktivearre D-O, laadt syn akku op en re-aktivearret him.

It docht bliken dat D-O hiel min behannele is troch Ochi, en dêrom no tige skruten is foar minsken oer. Rey, dy't it om it robotsje begruttet, besiket him derfan te bewissigjen dat er no by harren heart en dat nimmen him noch kweadwaan sil. D-O bliuwt fan dat punt ôf hieltyd yn 'e neite fan BB-8, dy't syn gids yn in fernuverjende wrâld wurdt. Hy reizget mei nei de planeet Kijimi, dêr't it ûnthâld fan C-3PO tydlik wiske wurdt troch de robotsmid Babu Frik, sadat er in ynskripsje yn 'e taal fan 'e Sith oersette kin, wat syn programmatuer him oars ferbiedt. Dy ynskripsje hawwe Rey-en-dy fûn op in artefakt dat se by it bonkerak fan Ochi oantroffen hawwe.

Neitiid is D-O belutsen by de ynfiltraasje fan in stjerreslachskip fan 'e faksistoïde Earste Oarder om 'e finzen nommen Chewbacca te befrijen, en teffens by de misje nei Kef Bir, dat neffens de ynskripsje de lokaasje is fan 'e 'weifiner' dy't it Ferset siket. Dy weifiner is in apparaat dat it paad wiist nei de ferburgen Sith-wrâld Exegol, dêr't de boasaardige, út 'e dea opstiene keizer Palpatine in reuseftige float stjerreslachskippen bouwe litten hat troch syn tawijde folgelingen fan 'e kultus fan 'e Ivige Sith. Op Kef Bir docht bliken dat D-O beskikt oer alle ynformaasje dy't Ochi sammele hie oer Exegol en de Ivige Sith. It robotsje is mear as ree om alles dat er wit mei syn nije freonen te dielen, wat it Ferset by steat stelt om in strategy te bepalen foar de oanfal op Exegol.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
 
personaazjes út Star Wars
 yntrodusearre yn A New Hope Raymus Antilles • Wedge Antilles • C-3PO • Chewbacca • Biggs Darklighter • Jan Dodonna • Obi-Wan Kenobi • Beru Lars • Owen Lars • prinsesse Leia Organa • R2-D2 • Luke Skywalker • Han Solo • Wilhuff Tarkin • Darth Vader
 yntrodusearre yn The Empire Strikes Back  Lando Calrissian • Boba Fett • keizer Palpatine • Firmus Piett • Yoda
 yntrodusearre yn Return of the Jedi Gial Ackbar • Bib Fortuna • Jabba de Hutt • Mon Mothma • Anakin Skywalker • Wicket
 yntrodusearre yn The Phantom Menace Saché Adova • Mas Amedda • Eirtaé Ballory • Sio Bibble • Depa Billaba • Jar Jar Binks • Adi Gallia • Nute Gunray • Qui-Gon Jinn • Ki-Adi-Mundi • Eeth Koth • Plo Koon • Darth Maul • Rugor Nass • Padmé Amidala • Quarsh Panaka • Even Piell • Yarael Poof • Oppo Rancisis • Sabé • Sebulba • Shmi Skywalker • Darth Sidious • Aurra Sing • Roos Tarpals • Saesee Tiin • Rabé Tonsort • Finis Valorum • Watto • Mace Windu • Yaddle
 yntrodusearre yn Attack of the Clones greve Dooku • Jango Fett • Kit Fisto • Agen Kolar • Cliegg Lars • Bail Organa • Poggle de Mindere • Aayla Secura • Shaak Ti • Darth Tyranus • Luminara Unduli
 yntrodusearre yn Revenge of the Sith Stass Allie • generaal Grievous
 yntrodusearre yn The Force Awakens BB-8 • Kaydel Ko Connix • Poe Dameron • Finn • Armitage Hux • Maz Kanata • kaptein Phasma • Kylo Ren • Rey • Snoke
 yntrodusearre yn The Last Jedi  Larma D'Acy • DJ • Amilyn Holdo • Rose Tico
 yntrodusearre yn The Rise of Skywalker Zorii Bliss • D-O • Jannah • Enric Pryde • Ben Solo
 yntrodusearre yn The Clone Wars (film) Ahsoka Tano • Asajj Ventress • Ziro de Hutt
 yntrodusearre yn Rogue One Cassian Andor • Galen Erso • Jyn Erso • Saw Gerrera • Chirrut Îmwe • K-2SO • Orson Krennic • Baze Malbus • Raddus • Bodhi Rook
 yntrodusearre yn Solo Tobias Beckett • L3-37 • Enfys Nest • Qi'ra • Dryden Vos
 yntrodusearre yn oare media  Ezra Bridger • Din Djarin • Grogu • Kanan Jarrus • Bo-Katan Kryze • Satine Kryze • de Mandaloriaan • Savage Opress • Fennec Shand • Sifo-Dyas • Hera Syndulla • Sabine Wren • Kazuda Xiono