Coen de Koning
Coen de Koning (Edam, 30 maart 1879 – Breda, 29 july 1954) wie de twadde Nederlanner dy't Wrâldkampioen reedriden waard.
Hy ferôvere de titel, de ienichste kear dat er meidie, yn 1905 yn Grins, syn thúsbasis. De tsjinstân wie net grut, der diene mar trije oare reedriders mei, wêrûnder ien út it bûtenlân, de Noar Martinus Lørdahl dy't de 500 meter wûn. Dêrnei wûn De Koning de oare trije ôfstannen en waard sa kampioen.
De Koning die trije kear mei oan it Nederlânsk Kampioenskip, dêr't alle kearen earste waard, en twa kear oan it Europeesk Kampioenskip (1904 en 1906). Syn nasjonale rekôrtiden op de 500 meter en de 10 kilometer, út 1905, bleaunen stean oant 1926 en 1929.
Coen de Koning wie ek ferneamd fan it winnen fan de Alvestêdetocht yn 1912 en 1917. Hy ferstoar op 19 july 1954.