Bûse
In bûse is in pûde-eftich ûnderdiel fan in stik klean, dat bedoeld is om lytseftige foarwerpen yn te bewarjen. Bûsen kinne sawol oan 'e bûtenkant as oan 'e binnenkant fan klean (in binnenbûse) sitte, en komme teffens foar op rêchsekken en tassen, hoewol't se dêr yn 'e regel trochgeane foar in 'sydfakje'. Faak binne bûsen oan 'e boppekant iepen, mar it kin ek dat se ôfslútber binne mei in knoop, in drukknoop, in flap mei knoop of drukknoop, of mei in rits.
Skiednis
bewurkje seksjeYn 'e Aldheid en de Iere Midsiuwen hiene klean gjin bûsen, en makke men foar it bewarjen fan lytse foarwerpen gebrûk fan losse pongen of beurzen fan lear of weve stof. Ötzi, in man dy't om 3300 f.Kr. hinne libbe hawwe moat en waans mummifisearre lyk oft yn 'e tweintichste iuw yn 'e Alpen fan Súd-Tiroal weromfûn waard as iismummy, hie in mulrym om dêr't in ponge oan fêstnaaid siet.
Yn Jeropeeske klean ferskynden de earste bûsen yn 'e trettjinde iuw, yn 'e foarm fan fertikale sneden yn boppemantels dy't tagong joegen ta in beurs of in kaaibosk dy't dêrûnder oan 'e mulrym droegen waard. Letter ûntjoech dat him ta in oar soarte, losse bûse dy't as in ponge of in pûde oan in mulrym reaun wurde koe. Dêroerhinne koe dan in oare kleanstik droegen wurde om bûsehifkjen tsjin te gean. Uteinlik kamen dêr omtrint de achttjinde iuw de earste fêste bûsen út fuort.
Soarten bûsen
bewurkje seksjeDer besteane ferskillende soarten bûsen. By opnaaide bûsen is in stikje stof boppe-op in kleanstik naaid. It tsjinstelde dêrfan is in stekbûse, wêrby't it stikje stof oan 'e binnenkant fan it kleanstik fêstnaaid is. In flapbûse hat in stikje stof fan boppen dat oer de iepening hinne slein en mooglik mei in knoop of in rits ôfsletten wurde kin. Broeksbûsen binne faak ynnaaide bûsen, dy't de foarm hawwe fan in los omklaaisel, in soartemint pûde, dat oan in iepening yn it kleanstik fêstsit. In horloazjebûske, bedoeld foar in bûshorloazje, sjocht men ek noch faak yn broeken (benammen yn spikerbroeken), as in lytsere opnaaide bûse boppe-oan 'e ynnaaide bûse. Trochdat tsjintwurdich frijwol nimmen mear in bûshorloazje hat, wurdt dat soarte fan bûse mar komselden mear foar syn oarspronklike doel brûkt.
-
in opnaaide bûse
-
in opnaaide bûse mei trochstikte naden
-
in flapbûse
-
in opnaaide flapbûse mei dûbele ploai en knoop
-
in stekbûse mei in smile-iepening en pylkfoarmige ferstevigings oan wjerskanten fan 'e iepening
-
in (dûbel)boardsbûse
-
in inkelboardsbûse
-
in ynnaaide bûse
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en References, op dizze side.
|