Armeensk
Armeensk - (Հայերեն, Hayerēn) is de Yndo-Europeeske taal dy't yn Armeenje sprutsen wurdt troch de mearderheid fan de befolking. It tal sprekkers fan de taal op de wrâld bestiet út likernôch 6.7 miljoen minsken. De taal wurdt net allinnich yn Armeenje sprutsen, mar ek yn Nagorno-Karabakh en de Armeenske Diaspora, bygelyks yn Frankryk en de Feriene Steaten.
Armeensk | ||
algemien | ||
eigen namme | Հայերեն of Hayerēn | |
lânseigen yn | Armeenje, Nagorno-Karabakh | |
tal sprekkers | 6.700.000 | |
skrift | Armenian alphabet[*] | |
taalbesibskip | ||
taalfamylje | Yndo-Jeropeeske taal
skrift = Armeensk alfabet | |
dialekten | ? | |
taalstatus | ||
offisjele status | offisjele taal | |
taalkoades | ||
ISO 639-1 | hy | |
ISO 639-2 | arm | |
ISO 639-3 | hye |
It Armeensk hat in eigen alfabet, ûntwikkele troch St. Mesrop Masjtots.
De taal foarmet in selsstannige tûke fan de Yndo-Jeropeeske taalfamylje en is de iennige noch libbene taal fan trije besibbe talen út de Aldheid. De oare twa, it Trasysk en het Frygysk, binne ferdwûn ûnder druk fan it Gryksk en it Latynsk.
Farianten fan it Armeensk:
- Aldarmeensk of Klassyk Armeensk
- Nijarmeensk
Transliteraasje
bewurkje seksjeDe transliteraasje fan Armeenske nammen nei it Frysk giet sa:
Letter | Transliteraasje |
---|---|
Ա ա | a |
Բ բ | b |
Գ գ | g |
Դ դ | d |
Ե ե | e |
Զ զ | z |
Է է | ê |
Ը ը | ë (e fan "de", "gewoan") |
Թ թ | t' |
Ժ ժ | zj |
Ի ի | i |
Լ լ | l |
Խ խ | ch |
Ծ ծ | ts |
Կ կ | k |
Հ հ | h |
Ձ ձ | dz |
Ղ ղ | gh (likernôch it lûd fan Limburchske r) |
Ճ ճ | tsj |
Մ մ | m |
Յ յ | j |
Ն ն | n |
Շ շ | sj |
Ո ո | o |
Չ չ | tsj' |
Պ պ | p |
Ջ ջ | dzj |
Ռ ռ | r |
Ս ս | s |
Վ վ | v |
Տ տ | t |
Ր ր | r |
Ց ց | ts' |
Ւ ւ | w |
Փ փ | p' |
Ք ք | k' |
Եւ և | ew |
Օ օ | ó |
Ֆ ֆ | f |
twaklanken/digrafen | |
Ու ու | û (foar in r better: oe) |
Իւ իւ | jû (foar in r better: joe) |
Յու յու | jû (foar in r better: joe) |