Presidint fan de Feriene Steaten
(Trochferwiisd fan Amerikaanske presidint)
De Presidint fan de Feriene Steaten fan Amearika is it haad fan de útfierende macht fan de Feriene Steaten. Syn offisjele wurkstee en wenstee is it Wite Hûs yn Washington. De Presidint is opperbefelhawwer fan lânmacht en marine, de loftmacht bestie noch net doe't de taken fan de Amerikaanske presidint fêstlein waarden yn de grûnwet fan 1789.
It foech dat de presidint hat neffens de grûnwet fan 1789:
- It meitsjen fan in wet troch útstel fan it Amerikaansk Kongres
- It ynstellen fan advyskommisjes
- It ferlienen fan graasje
Mei goedkar fan de Amerikaanske Senaat kin de presidint:
- It sluten fan ferdraggen
- It foardragen fan Amerikaanske ambassadeurs
- It foardragen fan rjochters