Al-Bireh
Al-Bireh, al-Birah of el-Bira (Arabysk: البيرة; histoarysk ek bekend as Castrum Mahomeria, Magna Mahomeria, Mahomeria Major, Birra of Beirothah) is in Palestynske stêd yn it Westjordaanlân, 15 km noardlik fan Jeruzalim en is oan de stêd Ramallah, de de facto haadstêd fan Palestina, fêstwoeksen. De stêd is de haadstêd fan it gûvernemint Ramallah en Al-Bireh en leit op de sintrale berchrêch dy't troch it Westjordaanlân rint en leit 860 meter boppe seenivo. De stêd falt ûnder Gebiet A fan de Palestynske Autoriteit en hat in befolking fan goed 40.000 ynwenners. Al-Bireh leit op de rûte fan jeruzalim nei Nablus.
Al-Bireh البيرة | ||
Emblemen | ||
Bestjoer | ||
Lân | Palestina | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 45.975 (2017) | |
Oerflak | 22,4 km² | |
Befolkingsticht. | 2.100 / km² | |
Oar | ||
Tiidsône | UTC +2 | |
Koördinaten | 31° 54' N 35° 13' E | |
Offisjele webside | ||
www.al-bireh.ps | ||
Kaart | ||
Skiednis
bewurkje seksjeDe Krúsfarders nemaden it plak Birra, wylst it plak ek wol Castrum Mahomeria, Magna Mahomeria of Mahomeria Major neamd waard. It wie ien fan de 21 plakken dy't roch kening Godfryd as lien oan de Hillich Grêftsjerke jûn. Yn 1114 waard de jefte troch kening Boudewyn I fan Jeruzalim befêstige.
Yn 1156 swarden 92 minsken fan Mahomeria trou oan de Hillichh Grêftsjerke, en noch 50 mear waarden yn de folgjende tritich jier taheakke. It is rûsd dat de totale "Frankyske" befolking yn dy snuorje 500-700 bedroech. De Krúsfarders bouden in kastiel, tsjerke en in hospice dêr. De lêste twa waarden yn 1146 boud troch de Timpeliers en hearde ta de Hillich Grêftsjerke. De Ajjûbiden ûnder Saladin ferjoegen yn 1187 de Krúsfarders en ferwoastgen de stêd folslein. Hja bouden in moskee njonken de ruïne fan de tsjerke, tawijd oan Omar I.
Yn 1517 waard Palestina part fan it Osmaanske Ryk. Neffens de belestingsdokuminten fan 1596 hie it doarp, Bira al-Kubra neamd, in befolking fan 45 hûshâldings, dy't allegear moslim wiene en hja betellen belesting op weet, garst, olivebeammen, fruitbeammen, bijenêsten en geiten. Ta tsjinstelling fan it oanbuorjende Ramallah dy't mei in mearderheid út kristenen bestie, wie Al-Bireh foar it grutste part moslim.
Yn 1917 foel it plak yn hannen fan de Britten en yn 1920 waard part fan it Britske Mandaatgebiet Palestina. It plak hie doe 1479 ynwenners, wêrfan 1407 moslims en 72 kristenen.
Yn 1949 foel it plak ûnder Jordaansk bestjoer, nei de Arabysk-Israelyske Kriich fan 1948. Yn 1961 hei it plak 14.510 ynwenners.
Nei de Seisdagekriich yn 1967 besetten Israelyske troepen Al-Bireh en kaam ûnder Israelysk militêr bestjoer te fallen. Israel boude twa Israelyske delsettings om Al-Bireh hinne: Beit El yn 1977 en Pesagot yn 1981.
Yn 1994 kaam it boargerlik bestjoer fan de stêd yn hannen fan de Palestynske Autoriteit neffens ôfspraken fan de Oslo-akkoarten. Al-Bireh is nei Gaza-stêd it grutste Palestynske bestjoerlike sintrum. Njonken it kantoar fan d egûverneur, binne der in tal fan haadkantoaren fan oerheids- en privee-ynstelings, lykas in tal ministearjes, de Palestynske publike omrope en it Palestynske statistykburo.
Demografy
bewurkje seksjeNeffens in sensus yn 1997 útfierd troch it Palestynsk Sintraal Buro foar de Statistyk wennen der 27.856 minsken yn de stêd, heal manlju en heal froulju. De mearderheid wiene Palestynske flechtlingen, dy't út 55,4% fan de befolking bestiene. Yn 2007 wennen der 38.202 minsken.
De befolking fan Al-Bireh bestiet rûchwei út fiif clans: Qur'an, Hamayel, 'Abed, Qaraqra, At Taweel and Ar Rafidi.
Stêdebân
bewurkje seksjeKeppeling om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch References op dizze side. |