't Kret is in buorskip yn it uterste noarden fan de gemeente Westerkertier yn de provinsje Grinslân. Hy leit tusken Niekerk en Tolbert, benoardeasten de krusing fan de Mensumawei mei de Enumatilster Matsleat (net te betiizjen mei de fierder nei it easten lizzende lykneamde streek Matsleat), in dwersferbining tusken it Lâns- of Wâlddjip en it Hoendiep. De namme 't Kret ferskynt pas sûnt healwei de 20e iuw op de kaart. De buorskip bestiet út in pear huzen oan de lykneamde dearinnende dyk 't Kret ten noarden fan de Matsleat. De buorskip falt kwa postkoadeadressen ûnder Tolbert.

De namme 't Kret ferwiist neffens Wobbe de Vries nei it wurd kret, in oar wurd foar 'ienspan', in span mei (bygelyks) mar ien hynder. Kret slaat dan op de kretstokken (berjebomen); de stokken oan de karre, dêr't it hynder oan fêstmakke waard. Hy fermoedet dat de namme slaat op de oanwêzigens fan de Blink, in sleat dy't heaksk fanút it suden fanút De Like nei de Matsleat streamt en de oanwêzichheid fan de Hiemsleat of Hamsleat, dy't fanút de Blink nei it westenrint, bylâns besuden de Matsleat. De Blink foarmet dan lânskiplik sjoen de efterregel (efterstik fan de draachstokken fan ien karre) en de Heemsleat en de Matsleat ten westen fan 't Kret (eartiids waard de Matsleat ten easten fan 't Kret net Matsleat, mar it Wâlddjipke genoemd) de kretstokken.[1]

't Kret leit yn in leechlizzend gebiet, dêr't eartiids healannen wienen. By heech wetter, lykas yn 1932, 1965, 1979 (winter) en 1995 rûnen meardere huzen ûnder. By de buorskip leinen ek petgatten út de tiid fan de feanterij. Súdlik fan it gebiet lizze de Tolberter Petten. Yn de jierren 1930 waarden de grûnen dêrfan ûntgûn troch de Nederlânske Heidemaatskippij. Yn de jierren 1990 waard it gebiet bewesten de Mensumawei en noardlik fan de Matsleat oanwiisd as wetterbergingsgebiet. Yn de wiete petgatten sieten yn de jierren 2000 in protte griene glêzemakkers, dy't har aaien leinen op de hjir groeiende ielstikel. Yn 2009 rûn de populaasje lykwols hurd werom nei it efterút gean fan de ielstikel.

By 't Kret stienen eartiids twa kroegen. De bekendste wie dy oan de Mensumawei 42 noardlik fan de Matsleat, in feankroech. Sûnt 1926 wie dat it kafee fan A. Otter. De lêste kastlein wie E. Bakker fan ûngefear 1974 ôf. Yn 1980 baarnde it pân ôf en waard dêrnei fannijs boud. It kafee gie definityf ticht yn 1989.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. De Vries, W. (1946), Groninger plaatsnamen. side 106