Lucaswolde
Lucaswolde (Grinslânsk: Luukswold of Luukswolle; Frysk: Lúkswâld) is in streekdoarp yn de Nederlânske provinsje Grinslân . It doarp leit yn it súdlike diel fan de gemeente Westerkertier. De streek leit tusken it doarp Mearum en Boerakker. It hat ûngefear 200 ynwenners.
Dit diel fan it Westerkertier bestie út wildland, it wie yn eigendom by de boeren fan Mearum, Niebert en Nús. Der wie wat fersprate bebouwing, dy’t allinnich fanút Noardwyk berikber wie. Dat bleau sa oant fier yn de 19e iuw. Pas yn 1878 waard in sânpaad oanlein nei Boerakker.
Om 1500 hie it doarp in eigen doarpstsjerke, dy’t omtrint 1528 oerdien waard oan de dominikanessen fan Oosterreide. De Susteren van Reyde sochten fanwege oerstreamings yn it Dollardgebiet in nij wenplak en lieten hjir in nije kleaster bouwe. De tsjerke waard sûnttiids brûkt as kapel fan it kleaster. De kleastergebouwen binne yn de Tachtichjierrige Oarloch fernield en de kleastermienskip is dêrnei opheft.
Justjes besuden de streek, oan it Dwersdjip leit in natoergebiet yn polder de Alde ryd (Oude Riet). Benammen foar fûgeltsjeminsken is dat in favoryt oarde.