In widdo, wjiddo of widdofrou is in frou fan wa't de oarehelte ferstoarn is. By in aadlike widdo sprekt men gauris fan in dûairiêre. As it om in man giet fan wa't de oarehelte ferstoarn is, sprekt men fan in widner, wjidner of widdoman. De boargerlike steat fan in widdo, mar ek fan in widner, wurdt de widdosteat of it widdowêzen neamd. Sokke beneamings binne net fan tapassing op in persoan dy't de oarehelte kwytrekke is troch in skieding, of trochdat hy of sy útnaaid is.

It stânbyld fan in oarlochswiddo dy't har bern allinnich grutbringt yn 'e Japanske Yasukuni-skryn.

Fryske terminology

It Frysk ken noch ferskate bykommende beneamings oangeande widdo's en widners. In ûnbestoarne widdo of widner (ek wol in griene of libbene widdo of widner) is in immen fan wa't de oarehelte net stoarn, mar foar langere tiid ôfwêzich is. In glêde widdo is in widdo sûnder bern. In hagewiddo wie foarhinne in humoristyske oantsjutting foar in famke dat swier wurden wie sûnder troud te wêzen (mei't se wierskynlik swier rekke wie troch de leafde te bedriuwen op in sideplak, lykas ûnder in hage). Fan in widdo dy't net wertrouwe woe, sei men eartiids dat se har net wer foar de tútwein spanne liet. Oarsom, fan in widdo dy't krekt graach wertrouwe woe, waard sein dat se mei in striewisp op it gat omrûn, mei't men foarhinne in boskje strie fêstbûn oan dingen as teken dat se te keap wiene.

Maatskiplike posysje

De behanneling fan widdo's rint yn ferskillende kultueren sterk útinoar, mar yn 'e regel wie it yn elts gefal yn it ferline sa dat widdo's maatskiplik eftersteld waarden by widners. Noch ôfsjoen fan finansjele kwestjes wie it yn in protte lannen (bgl. yn Ruslân, Tsjechje, Slowakije, Grikelân, Itaalje en Spanje) wizânsje dat widdo's nei it ferstjerren fan harren man foar de rest fan harren libben swarte klean drage soene as teken fan rou, wylst soks foar widners net gou. Benammen op it Yndiaaske subkontinint waard foarhinne de praktyk fan it sûttiïsme beliden, wêrby't widdo's nei de dea fan harren man op dy syn brânsteapel libben meiferbrând waarden. Noch altyd hawwe widdo's yn lannen as Yndia, Pakistan, Nepal en Banglades in swakke maatskiplike posysje, dêr't it harren tradisjoneel ferbean by is om wer te trouwen. Aktivisten op it mêd fan frouljusrjochten stride tsjin sokke ûngelikensens.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.