Iistiid

De ferzje fan 30 aug 2020 om 18.07 troch Drewes (oerlis | bydragen) (red)

In Iistiid of glasiaasje is in geologysk tiidrek mei iiskapen. Omdat der gletsjers lizze op bygelyks Grienlân en Antarktika, libje wy op dit stuit ek yn in iistiid, it Kwartêr. Mei it algemiene begryp iistiid wurdt meastentiids in langer tiidrek yn de geologyske skiednis fan de Ierde oantsjut dêr't iiskapen har yn útwreide hawwe nei gebieten yn de evenredige klimaatsône of noch súdliker. Yn de hiele skiednis fan de ierde hat dat yn alle gefallen fiif kear it gefal west, dêr't ienkear fan sa bot dat de iiskappen fan de poalen oant de evener útstrekt wienen.

It ein fan iiskape op Grienlân tichteby Kangerlussuaq

De oarsaak dat iistiden foarkomme is kompleks en diversk. Meastentiids kin steld wurde dat de lizzing fan de kontininten, de gearstalling fan de atmosfear en astronomyske fariaasjes de wichtichste faktoaren binne. Mar yn elts iistiidfak binne de omstannichheden oars en kinne soms spesifike oarsaken oanwiisd wurde.

Keppelings om utens